Piet de Jong (politikus)

Ut Wikipedy
Piet de Jong (2011)

Petrus Jozef Sietse (Piet) de Jong (Apeldoarn, 3 april 1915De Haach, 27 july 2016) wie in Nederlânsk politikus en militêr. Fan 5 april 1967 tot 6 july 1971 wie er minister-presidint fan Nederlân. Earder wie er ek steatssekretaris dan Definsje (27 juny 1959 - 24 july 1963) en minister fan Definsje (24 july 1963 - 5 april 1967) út namme fan de Katolike Folkspartij (KVP). Foar't er de polityk yn gie focht er as ûnderseeboatkommandant yn de Twadde Wrâldoarloch.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong wie in soan fan de treinmasinist Joännes de Jong (1878–1931)[1] en Gijsberta Adriana Schouten (1877–1957). Hy waard opbrocht yn in katolike húshâlding. Yn 1931 helle er it diploma HBS-B yn Apeldoarn. Dêrnei gie er by de Keninklike Marine en folge in oplieding ta adelborst oan it Keninklik Ynstitút foar de Marine (KIM) yn De Helder.

Militêre karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong as kommandant fan Hr.Ms. Gelderland (1958/1959)

Yn 1934 waard De Jong befoardere ta luitenant-op-see 3e klasse. Fan 1935 oant 1947 siet er by de ûnderseetsjinst fan de marine. Op 13 maaie 1940 sette er mei de dûkboat Hr.Ms. O24 ôf nei Ingelân. Under de Twadde Wrâldoarloch die er as âldste ofsier en fan mids 1944 as kommandant fan dy ûnderseeboat mei oan gefjochten. Mei de O24 hat er ferkate Japanske en Italjaanske skippen te sink brocht. April 1946 kaam er mei Hr.Ms. O24 werom yn Nederlân.

Yn 1947 waard er by de Marinestêf fan it ministearje fan Oarloch en Marine pleatst om yn 1948 adjudant fan minister Schokking te wurden. Fan 1951 oant ein 1952 wie De Jong kommandant fan it fregat Hr.Ms. De Zeeuw en dêrnei stêfofsier by de Allied Commander-in-Chief Channel yn Portsmouth. Yn 1955 waard er waarnimmend sjef-stêf fan de ynspekteur-generaal fan de marine, prins Bernhard en fan 1955 oant 1958 wie er adjudant fan keninginne Juliana.

De Jong wie fan 1958 ôf kommandant fan de ûnderseeboatjager Hr.Ms. Gelderland yn de rang fan kaptein-op-see.

De Jong waard twaris ûnderskieden mei it Brûnzen Krús; it earste foar de evakuaasje fan de ûnderseeboat O 24, dêr't noch oan boud waard, fan Nederlân nei it Feriene Keninkryk krekt foar de kapitulaasje fan Nederlân oan Nazy-Dútslân op 15 maaie 1940; it twadde yn 1943 foar syn fertsjinsten yn de kriich oan board fan de O 24. Teffens ûntfong De Jong it Britske Distinguished Service Cross, in mei it Brûnzen Krús te fergelykjen dapperheidsûnderskieding.

Politike karrière[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong mei de eardere premiers Kok, Van Agt, Lubbers, Balkenende en premier Rutte.
Minister fan Definsje Piet de Jong yn 1965.
De Jong yn 1969 by de Twadde Keamer-debatten oer it struktureel en ûnbidige geweld by de polisjonele aksjes tusken 1945 en 1948.[2]

De Katolike Folkspartij (KVP) socht yn 1959 in opfolger foar steatssekretaris Moorman fan Marine. De Jong waard frege en op 27 juny 1959 waard er steatssekretaris yn it kabinet-De Quay. Hy moast dêrfoar ynderhaasten lid fan de KVP wurde.

Dêrnei wie er minister fan Definsje yn de kabinetten Marijnen, Cals en Zijlstra. De Jong reorganisearre de Nederlânske definsje yn fertikale rjochting, rjochte op spesjalisaasjes fan Nederlânske taken by de NAFO. Dat kaam him op krityk te stean fan minsken dy't hawwe woene dat Nederlân selsstannich en ûnôfhinklik oarloch fiere kinne moast. Fierder soarge De Jong foar in koartere tsjinstplicht en besunige er. Keninginne Juliana neamde De Jong yn in petear mei minister-presidint Jo Cals yn 1965 "een zeldzaam prettig en ongecompliceerd man."[3] Yn 1967 waard er beneamd ta premier en minister fan Algemiene Saken yn it kabinet-De Jong.

De Jong waard minister-presidint yn de woelige jierren 60 mei ûnder oaren de Provo-beweging. Under druk fan nije ûntjouwingen naam it regear in rige maatregelen. Maaie 1967 krige de Amsterdamske boargemaster Van Hall op steande foet dien. Yn de ryksbegrutting foar 1968 wiene ekstra middelen ornearre foar it op 'en nij besjen fan it jongereinbelied. De demonstraasjefrijheid waard útwreide: foar leuzen en spandoeken wie net mear yn 't foar fergunning fan de boargemaster fereaske.[4] Fierder yntrodusearre De Jong de parsekonferinsje nei ôfrin fan de ministerried. Under De Jong waard ek it wyklikske petear tusken steatshaad en reageringslieder ynsteld. Op it mêd fan de sedelikheid kamen der ek fernijingen. Sa waard it iepenlik ferkeapjen fan foarbehoedmiddels (1971) net langer strafber en it bewizen fan oerhoer ferfoel as eask yn de skiedingsproseduere. Troch it kabinet-De Jong waard ek op 1 jannewaris 1969 de btw (Belasting Toegevoegde Waarde) ynfierd.[5]

Under syn premierwêzen waard De Jong troch de media beskuldige dat er net genôch trochpakte en hy krige faak te hearren dat er âlderwetsk wie. Dat imago waard fersterke troch syn bolhoed. Tritich jier letter waard er lykwols troch in protte minsken beskôge as in politikus dy't syn besluten goed trochtocht.

Nei syn premierwêzen wie De Jong noch oant 1974 lid fan de Earste Keamer, fan 1972 ôf oan as foarsitter fan de KVP-fraksje. De Jong hat nei syn politike wurkpaad noch tal fan funksjes en kommissariaten yn it bedriuwslibben ferfold.

Yn april 2010 (95 jier âld) spriek er op it ferkiezingskongres fan it CDA. Hy neamde doe it opstappen fan PvdA-oanfierder Wouter Bos út it kabinet-Balkenende IV "gemeen en achterbaks".[6]

In augustus 2010 pleite er nei oanlieding fan de kabinetsformaasje yn in ynterview mei wykblêd Vrij Nederland foar earbied foar elkoars oertsjûging: "Als je zegt: jullie deugen niet, zoals Geert Wilders doet, dan escaleert het, en gaat het van kwaad tot erger. Je moet elkaar respecteren. Daarom zeg ik: zolang de punten van de godsdienstvrijheid en de rechtsstaat niet zeker zijn, moet de PVV wat mij betreft maar in zijn eentje doormarcheren. Daar doe ik niet aan mee."[7]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong boaske op 26 juny 1947 oan Anneke Bartels, in Marva-offisier. Sy krigen in dochter en twa soannen: Maria (1948), Jos (1949) en Gijs (1952). Bartels rekke op 6 jannewaris 2010 wei, se waard 94 jier. Op 3 april 2015 fierde De Jong syn 100e jierdei.[8][9][10] De Jong stoar july 2016 yn de âldens fan 101 jier; syn trije bern, acht bernsbern en fyftjin achterbernsbern oerlibben him.[11]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Jan Willem Brouwer, Johan van Merriënboer: Van buitengaats naar Binnenhof: P.J.S. de Jong, een biografie. Sdu Utjouwers, De Haach 2001, ISBN 978-9012087742

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Maas, P.F. (1982) Kabinetsformaties 1959-1973, s. 241
  2. Anne-Lot Hoek, Geweld door Nederlandse militairen in Indië was structureel, NRC Handelsblad, 14 augustus 2015
  3. Maas, P.F. (1982) Kabinetsformaties 1959-1973, s. 240
  4. Eric Duivenvoorden, Rebelse jeugd, s. 163-164
  5. De komst van de BTW, geschiedenis.vpro.nl
  6. Fideo Oud-CDA-premier Piet de Jong haalt uit naar Wouter Bos, NOS.
  7. Ook Piet de Jong niet blij met PVV, De Pers, 24 augustus 2010.
  8. Piet de Jong 100 jaar, Parlement & Politiek, 3 april 2015
  9. Ex-premier Piet de Jong wordt 100 jaar: 8 opvallende uitspraken, Elsevier, 24 maart 2015
  10. Kabinet feliciteert Piet de Jong, De Telegraaf, 3 april 2015
  11. Piet de Jong familie