Springe nei ynhâld

Pellenz

Ut Wikipedy

De Pellenz is in gea yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It leit yn it noardwestlik diel fan it Middenrynbekken tusken Mayen en Andernach. De lânkrite joech syn namme oan it gemeenteferbân Pellenz, dat it noarden fan it gea beslacht.

Oarspronklik wie it gebiet fan 'e Paltsgreven. Hja joegen it as lien oan 'e greven fan Virneburg. Yn 1348 moast de greve fan Virneburg in diel fan syn rjochten oan it bisdom Trier jaan, sadat it hof fan Pellenz as condominium waard bestjoerd. De namme Pellenz is ôflaat fan it Latynske palatia (Palts) of terra palatina (Paltsk gea).

Lânskip by Plaidt.

De Pellenz is in heuveleftich gebiet mei hjir en dêr omheechstekkende fulkanyske bergen (dy't faak foar in part ôfgroeven binne). It lânskip wurdt yn eastlike rjochting rjochting de Ryn minder heech. It gebiet is yn it westen fral agrarysk, yn it easten is mear yndustry en dan fral yndustry dat gearhingt mei de winning fan boustoffen.

Yn 'e Pellenz lizze de plakken Ochtendung, Kruft, Nickenich, Plaidt, Kretz, Mendig, Kottenheim, Thür en Polch. It gea leit oan 'e A61 en A48 en it spoar Pellenz-Eifel-Bahn. Troch de Pellenz streamt de goed 59 km lange Nette.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Pellenz (ferzje 22 juny 2024)