Springe nei ynhâld

Peazens-Moddergat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Paezens-Moddergat)
Himrik Paezens
Himrik Moddergat

Peazens-Moddergat is in twillingdoarp yn de gemeente Dongeradiel, oan de kust fan de Waadsee en oan de noardein fan De Peazens.

It oarspronklike doarp wie Peazens, wat lei oan de Peazens en wat de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Mar om't dy slinke yn de 17e iuw fersâne, mei troch de oanlis fan de Eanjumer - en Ljussenserpolder yn 1592, moasten de fiskers út it doarp doe opskowe nei in oar, wat westliker plak om de fisk oan wâl krije te kinnen. Sa ûntstie it doarp Moddergat. Om't it berop fan fisker it gânske libben beynfloede, wie der oant yn de 20e iuw in frij grut kultuerferskil tusken de beide doarpen.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei Moddergat yn West-Dongeradiel en Peazens yn East-Dongeradiel.

Radiomakker Wim Bloemendaal presintearre oant en mei 31 maaie 2006 op de radio syn programma de gezamenlijke zenders Peazens en Moddergat, mei muzyk oeral út de wrâld wei. Hy keas dy namme út reden fan it romsicht fan de dyk ôf dêre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]