Oerlis:Hoarnstersweach
Kaartsjes
[boarne bewurkje]Lykas by oare doarpsiden mei twa kaartsjes komme dizzen ek hjir neist elkoar te stean. Is der net wat oan te dwaan? Bygelyks dat se by elkoar yn de ynfoboks komme?J'88 23 okt 2009, 13.27 (CEST)
- Ik hie it plaatsje fan de lokaasje oars delsetten sa dat de side der goed út komt te sjen, en net lykas no in grut wyt flak ûntstiet. J'88 2 nov 2010, 17.31 (CET)
Byld
[boarne bewurkje]Byld “Beelden langs de Tjonger" fan 2007 oan de Tsjonger fan de byldhouwer René de Boer. It binne in kano by de Prikkedaam dy't ferwiist nei hjir diene fynsten fan 5200 foar Kristus en 14 weagen as oantinken dêr't de oarspronklike meänders fan de Tsjonger kruse mei it hjoeddeiske Tsjongerkanaal. kin sa net. Drewes (talk) 2 okt 2012, 19.59 (CEST)
Ut it neat?
[boarne bewurkje]Yn it stikje Gea komt no in wei en in dyk út it neat. Wit immen wat hjir by moat? Aliter (talk) 3 maaie 2013, 20.29 (CEST)
Ferbân?
[boarne bewurkje]Op 4 juny 1812 wie de foarrie fan rogge 0 en bokweet 31 lopens (1 lopens is ± 80 liter). Dêr is dus dan noch in soad woast lân. Aliter (talk) 3 maaie 2013, 20.29 (CEST)
Grutsk op Hoarnsweach
[boarne bewurkje]En dat mei ek. Mar dit is al wat folle foar ien side. Binne der ek saken dy't nei in rommere side kinne? Bygelyks, hoe prachtich de heide fan Boarnsweach ek wêze mei, jildt de beskriuwing wier allinnich foar dy heide, of soe it measte part op Heide kinne? Of at it al spesifyk is, dan is der blykber safolle oer te skriuwen dat it op in side apart kin. Ensafuorthinne. Aliter (talk) 3 maaie 2013, 20.29 (CEST)
Wa binne dat?
[boarne bewurkje]buorkerij fan Talsma / efter de winkel fan Sikkema, wa wit aansens noch wa't dy minsken binne? Drewes (oerlis) 9 nov 2015, 19.20 (CET)
- it lân fan Boer Drint moat oars. Wa wit wêr't Drint syn lân leit? Drewes (oerlis) 14 jun 2018, 23.11 (CEST)
Leauwe
[boarne bewurkje]@Sneuper: Dit begryp ik net: Fan it leauwe dat fan dysels is nei it leauwe fan de Roomske tsjerke. By de kerstening wurde wetterboarnen en putten as ienige en ivige boarne tsjinoer de natuerferearing set. Drewes (oerlis) 12 aug 2023, 16.36 (CEST)
Wat te dwaan?
[boarne bewurkje]@RomkeHoekstra, @Ieneach fan 'e Esk, @Drewes, wat moatte we mei dizze side? Ik woe foarstelle om de skiednis nei in apart lemma te ferhúzjen, mar dêr moat ek noch in soad oan feroare wurde om it wat yn in yn inoar rinnend ferhaal te meitsjen. Wat moatte we mei de folksferhalen? Der hat immen, mooglik in (âld)-ynwenner, hjir tige warber oan 'e gong west. It begruttet my foar al syn/har wurk, mar dizze side sa't it der no by stiet kin fansels net neffens wikipedystanderts. Alfêst tanke foar jimme miening. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 16 okt 2024, 19.54 (CEST)
- @Kneppelfreed: Ja, oan 'e artikelskiednis te sjen hat dat in meidogger west dy't Streuper hiet. Tsja, wat moatte wy hjirmei? Jo foarstel om in artikel oan te meitsjen oer Skiednis fan Hoarnstersweach liket my in goed idee. Wat oanpassings oangiet om der in rinnend ferhaal fan te meitsjen: as jo hjirmei oan 'e gong wolle, dan krije jo fan my de frije hân. Doch it mar sa't it jo goed taliket, want sa't jo sizze, sa't it no is, is it net ensyklopedysk. De folksferhalen kinne miskien ek in bytsje streamlined wurde en dan meie se om my ek in eigen artikel krije: Folksferhalen oer Hoarnstersweach, krekt as de skiednis mei in keppeling fanôf dizze side. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 okt 2024, 20.53 (CEST), Drewes (oerlis) 16 okt 2024, 21.14 (CEST), RomkeHoekstra (oerlis) 16 okt 2024, 22.01 (CEST)
- Wy binne oernaris frij wat de kant fan de Brockhaus nei, dat at eat in grut part fan de side oer ien ûnderwerp is, dan mei dat grif wol in side apart hawwe. Wy moatte der oars wo om tinke dat der keppelings bliuwe tusken dy ferskate parten. Dat om foar te kommen dat immen dy't lêst oer de Sweach, de ferhalen net mear fine kin. Mysha (oerlis)
- Dat is beslist in punt dêr't om tocht wurde moat. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 okt 2024, 19.20 (CEST)
- Dêr sille keppelings nei dy siden ta ynfoege wurde. Kneppelfreed (oerlis) 17 okt 2024, 19.27 (CEST)
- Okee, dan sil ik dat besykje. Tanke foar jim miening. Kneppelfreed (oerlis) 17 okt 2024, 19.26 (CEST)