Springe nei ynhâld

Oarlochsroman

Ut Wikipedy

De oarlochsroman is in sjenre fan literatuer dat oer oarloch giet. It wichtichste skaaimerk fan 'e oarlochsroman is dat de plot him yn haadsaak op it slachfjild ûntjout, of oars yn in boargerlike setting fier (of net sa fier) fan it slachfjild dêr't de personaazjes drok binne mei de oarlochsynset of de (oer it algemien negative) effekten fan 'e oarloch ûndergeane. De oarlochsroman is, mei de oarlochsfilm, de bekendste foarm fan oarlochsfiksje, mar it sjenre komt ek foar yn 'e foarm fan novelles, koarte ferhalen, tillefyzjesearjes en sels harkspullen. In protte oarlochsromans binne tagelyk ek histoaryske romans, mei't faak weromgrypt wurdt op in wierbarde oarloch út it ferline.

Sa geane in protte Westerske oarlochsromans út 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw oer de Twadde Wrâldoarloch. Foarbylden fan sokke oarlochsromans binne: De Aanslag fan Harry Mulisch, De Fûke fan Rink van der Velde, The Guns of Navarone fan Alistair MacLean, Oorlogswinter fan Jan Terlouw, Le Pont de la rivière Kwaï fan Pierre Boulle en The Winds of War en War and Remembrance fan Herman Wouk.

Oare oarloggen dêr't in protte oarlochsromans oer geane, binne de Earste Wrâldoarloch (bgl. Im Westen nichts Neues fan Erich Maria Remarque), de Boere-oarloggen (bgl. De Held van Spionkop fan Louwrens Penning), de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen (bgl. Dances with Wolves fan Michael Blake en de boeken oer Winnetou en Old Shatterhand fan Karl May), de Amerikaanske Boargeroarloch (bgl. Gone with the Wind fan Margaret Mitchell, The Killer Angels fan Michael Shaara en de romansearje North and South fan John Jakes), de Napoleontyske Oarloggen (bgl. Vojna i Mir ("Oarloch en Frede") fan Lev Tolstoj) en de Trojaanske Oarloch (bgl. de Ilias fan Homearus en de Troy-trilogy fan David Gemmell).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.