Noardske Ried
Nordisk Råd (da, no) | |||
---|---|---|---|
De flagge fan 'e Noardske Ried sûnt 2016. | |||
offisjele talen: | Deensk, Finsk, Yslânsk, Noarsk, Sweedsk | ||
wurktalen: | Deensk, Noarsk, Sweedsk | ||
haadkertier: | Keappenhaven (Denemark) | ||
oprjochte: | 1952 (1971 Noardske Ried fan Ministers) | ||
siktaris-generaal: | Jan-Erik Enestam | ||
oerflak: | 3.493.000 km² 1.318.412 km² (sûnder Grienlân) | ||
ynwennertal: | 24.229.610 | ||
befolkingstichtens: | 6,9/km² 18,7/km² sûnder Grienlân) | ||
muntienheid: | Noarske kroan Sweedske kroan Deenske kroan Yslânske kroan euro (Finlân) | ||
tiidsône: | UTC -3 oant +2 |
De Noardske Ried en de Noardske Ried fan Ministers is in gearwurkingsferbân fan Skandinavyske lannen. De ried waard yn 1952 stifte mei ta doel in mienskiplike arbeidsmerk, feiligens en it frij reizgjen sûnder paspoart yn 'e lidsteaten (inkeld foar ynwenners fan 'e lidsteaten).
Lidsteaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De neikommende lannen binne lid:
- Autonoame gebieten:
- Ålâneilannen (fan Finlân)
- Fêreu-eilannen (fan Denemark)
- Grienlân (fan Denemark)
It haadkertier fan de Ried sit yn Kopenhagen. Yn 'e oare lidsteaten binne der lytsere kantoaren. De Ried hat op himsels gjin foech; as de Ried mei in útstel komt, moat er earst goedkard wurde troch de parleminten fan de oanbelangjende lidsteaten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardske Ried is nei de Twadde Wrâldkriich stifte yn 1952. De earste resultaten wienen it foar mekoar krijen fan 'e frije merk ekonomy yn 'e lidsteaten. Oare resultaten binne it frij reizgjen yn 'e lidsteaten foar ynwenners fan 'e lidsteaten. Der ha plannen west om de Noardske Ried krekt as de Jeropeeske Ekonomyske Mienskip yn te organisearjen, dêr't oer ferdrach praat waard. Finlân woe it ferdrach lykwols net ratifisearje. Tenei melden Denemarken en Noarwegen har oan foar it JEM lidmaatskip. Inkeld Denemarken waard yn 1973 lid, Noarwegen hy by in referindum tefolle stimmen tsjin it útstel. Sweden woe ek op himsels bliuwe en gean net yn 'e JEM. Yn 1995 woene Finlân en Sweden wol lid wurde fan 'e Jeropeeske Uny.
Siktarissen-generaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Noarwegen Emil Vindsetmoe 1971 - 1973
- Noarwegen Helge Seip 1973 - 1977
- Noarwegen Gudmund Saxrud 1977 - 1982
- Finlân Ilkka-Christian Björklund 1982 - 1987
- Finlân Gehard af Schultén 1987 - 1989
- Noarwegen Jostein Osnes 1990 - 1994
- Sweden Anders Wenström 1994 - 1996
- Yslân Berglind Ásgeirsdóttir 1996 - 1999
- Noarwegen Frida Nokken 1999 - 2007
- Finlân Jan-Erik Enestam 2007 -
Noardske Ried fan Ministers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardske Ried stiet noed foar gearwurking mei de oanbelangjende parleminten. De Noardske Ried fan Ministers, oprjochte yn 1971, hâld him dwaande mei gearwurking tusken de regearingen fan de lidsteaten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Noardske Ried - Offisjele webside
Noardske Ried | |
---|---|
Lannen: Denemark • Finlân • Yslân • Noarwegen • Sweden | |
Autonome gebieten: Ålâneilannen • Fêreu-eilannen • Grienlân | |
· · |