Deenske kroan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Deenske kroan (Deensk: Danske krone) is de muntienheid fan it lân Denemark en de autonome gebieten Grienlân en de Faeröer. De munten wurde yn alle trije gebieten brûkt, mar op it stuit brûke de Faeröer eigen papierjild. Grienlân hat dit earder ek hân en it is de bedoeling dat dit yn 2008 wer ynfierd wurde sil. In kroan kin opdield wurde yn 100 øre. Troch ynflaasje binne der lykwols gjin munten mear fan minder as 25 øre. De ISO 4217-koade is DKK.

De kroan is yn 1873 ynfierd as mienskiplike munt fan gâns Skandinaavje. By it loslitten fan de goudstandert yn 1914 is dy munt lykwols opsplitst yn de Deenske Kroan. de Noarske Kroan en de Sweedske Kroan. Sûnt dy tiid hat de Deenske Kroan altiten de offisjele Deenske munt west.

De kroan is keppele oan de euro fia ERM II, it wikselkoerssysteem fan de Jeropeeske Uny. Foar't de Deenske kroan oan de euro keppele wie, wie der keppele oan de Dútske mark. Denemarken hat betongen dat it net daalks meidwaan hoegde mei de yntroduksje fan de Euro. Oant no ta is der tefolle wjerstân ûnder de befolking om der op oer te gean.

Bankbiljetten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wearde (S/.) Afmetingen Kleur Foarkant Efterkant Datum fan útjefte
50 kr. 125 × 72 mm Sallingsundbrêge Skarpsalling-faas 11 augustus 2009
100 kr. 135 × 72 mm Lytse Beltbrêge Hindsgavl-dolk 4 maaie 2010
200 kr. 145 × 72 mm Knippelbrêge Langstrup-gasp 19 oktober 2010
500 kr. 155 × 72 mm Keninginne Aleksandrinebrêge Keldby-amer 15 febrewaris 2011
1.000 kr. 165 × 72 mm Grutte Beltbrêge Sinnestriidwein fan Trundholm 24 maaie 2011