Noarske kroan

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De munten fan de Noarske kroan.

De Noarske kroan (Noarsk: norsk krone; mearfâld: norske kroner; teken: kr; koade: NOK) is sûnt 1875 de muntienheid fan Noarwegen. Ien kroan komt oerien mei 100 øre, mar de øre wurdt sûnt 2012 lykwols net mear brûkt. Bedragen wurde, as it net in elektroanyske betelling oanbelanget, op hiele kroanen ôfrûne.

It muntjild is beskikber yn 1, 5, 10 en 20 kroanen en de biljetten binne beskikber yn 50, 100, 200, 500 en 1.000 kroanen, dêr't de lêstneamde fan mar komselden foarkomt.