Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Húns)

Ut Wikipedy
Nikolaastsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Húns
koördinaten 53° 09' N 5° 39' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8484 [1]
Webside
PKN-gemeente Hilaard-Húns-Leons
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke fan Húns is in 13e-iuwsk tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Hilaard-Húns-Leons. De gemeente hâldt de tsjinsten ôfwikseljend yn de tsjerken fan Hilaard, Húns en Leons. De "Stifting Tsjerken Húns-Leons" is ferantwurdlik foar it behear fan it gebou.

Skiednis en beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklik op ien fan de heechste terpen fan Fryslân boude tsjerke waard eartiids wijd oan Nikolaas fan Myra. It 13e- iuwske, ienskepige bouwurk mei in healrûn koer is fan bakstien en is yn de 19e iuw bepleistere. Alhoewol't de tsjerke letter goatyske finsters krige, is it oarspronklik in romaanske tsjerke. Oan de noardlike kant is ûnder de daksgoate de muorre mei in keperfries fersierd. Oan de noardlike kant bestiet de tsjerke út grutte giele kleastermoppen, ôfwiksele mei hjir en dêr reade stien. Dêr sit ien goatysk finster yn en twa tichtmitsele yngongen, ien rûnbôgich en ien spitsbôgich.

Oant 1846 hie de tsjerke noch in sealtektoer, dy't doe ferfongen is troch it hjoeddeiske ienfâldige geveltuorke. Sûnt 1854 foarmet Húns mei behâld fan eigen tsjerkfâlden in tsjerklike gemeente mei Leons.

Net earder as mei de restauraasje fan 2013 waard de tsjerke op wetter, gas en elektrysk oansletten.

Ynterieur

It ynterieur wurdt oerkape mei in houten tonferwulft. De blau farve preekstoel stiet yn it koer en is mei it doophek 17e-iuwsk. Ek de twa hearebanken binne 17e-iuwsk. Oer de flier leit û.o. in preestersark út 1577 foar pastoar Sibren Jacobs. Opfallend binne de noch oanwêzige 19e-iuwske oaljelampen.

De klok yn it geveltuorke waard yn 1619 getten troch Hans Falck.

Sûnt 1961 hat de tsjerke in oargel fan Willem Hardorff. It waard yn 1875 boud foar de herfoarme tsjerke fan Leons, mar dy soe yn de jierren 1960 sloopt wurde en dêrom waard it ynstrumint dêr demontearre en yn 'e tsjerke fan Húns wer opboud. Fan de sloop fan de Leonser tsjerke kaam neat telâne, it gebou waard sels restaurearre en stiet dêr noch jimmeroan, mar it monumintale Hardorff-oargel bleau yn Húns. Yn 2013 restaurearre de firma Bakker & Timmenga it oargel. Op de linker kant fan it oargel stiet noch altiten de stoel foar de pûstertrapper, dy't foar loft yn de oargelpipen in hendel de blaasbalge oanswingelje moat.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. Ljouwerter Krante, 26.09.2013