Nightwish

Ut Wikipedy
Nightwish
band
Nightwish, Londen 2016
Nightwish, Londen 2016
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Finsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre metal
bestean 1996 -
label(s) Spinefarm,
Nuclear Blast,
webside Nightwish.com
âld-leden Tarja Turunen (sang) (1996-2005)
Anette Olzon (sang) (2005-2012)
Sami Vänskä (bas) (1998-2001)
Jukka Nevalainen (drums) (1997-2019)
Marko Hietala (bas) (2001-2021)
leden
sang Floor Jansen
Uilleann pipes Troy Donockley
gitaar Emppu Vuorinen
drums Kai Hahto
toetsen Tuomas Holopainen
bas Jukka Koskinen

Nightwish is in Finske metalband oprjochte yn 1996 yn Kitee. De band brocht yn 1997 syn debútalbum Angels Fall First út. De teksten fan de band gean benammen oer de leafde, natoer, astrology, religy en fantasy. 'Nightwish hat njoggen studio-albums en njoggen live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nightswish waard yn 1996 oprjochte yn Kitee, troch toetsenist Tuomas Holopainen, gitarist Emppu Vuorinen en sjongeres Tarja Turunen, mei drummer Jukka Nevalainen en bassist Sami Vänskä. Nei it tredde album Wishmaster út 2000 waard bassist Vänskä ferfongen troch bassist en sjonger Marko Hietala. Yn 2005 waard sjongeres Turunen ûntslein, pas twa jier letter yn 2007 waard de Sweedske sjongeres Anette Olzon presentearre as de nije sjongeres hoewol't Olzon net lyk as Turunen in sopraan is. Olzon waard 1 oktober 2012 op har beurt wilens in toernee yn amearika ek ûntslein. De Nederlânske sjongeres Floor Jansen, waard holderdebolder ynflein om yn elk gefal it toernee ôf meitsje te kinnen[1]. In jier letter yn oktober 2013 waard bekend dat Jansen by de band bleau. Op 6 augustus 2014 waard bekend dat drummer Nevalainen fanwegen sûnensproblemen net dielnimme soe oan it achtste album fan Nightwish. Hy waard ferfongen troch drummer Kai Hahto earder fan Wintersun. Op 15 july 2019, waard bekend dat Nevalainen definityf net werom komme soe efter de drumkit. Hahto waard hjirmei Nightwish's permaninte nije drummer. Yn 2021 waard bekent dat nei tweintich jier optreden mei de band, dat bassist Marko Hietala yn jannewaris 2021 ôfskied naam hie fan de band. Hy wurd by optredens ferfongen troch Wintersun bassist Jukka Koskinen. Yn augustus 2022 waard bekend makke dat Koskinen definityf de ferfanger waard fan Hietala[2].

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Single(s)
Angels Fall First 1 novimber 1997 Spinefarm The Carpenter
Oceanborn 7 desimber 1998 Sacrament of Wilderness,
Walking in the Air (Howard Blake cover),
Sleeping Sun
Wishmaster 19 maaie 2000 The Kinslayer,
Deep Silent Complete
Century Child 24 maaie 2002 Ever Dream,
Bless the Child
Once 7 juny 2004 Nuclear Blast Nemo,
Wish I Had an Angel,
Kuolema Tekee Taiteilijan,
The Siren
Dark Passion Play 26 septimber 2007 Amaranth,
Erämaan Viimeinen,
Bye Bye Beautiful,
The Islander
Imaginaerum 30 novimber 2011 Storytime,
The Crow, the Owl and the Dove
Endless Forms Most Beautiful 27 maart 2015 Élan,
Endless Forms Most Beautiful
Human. :II: Nature. 10 april 2020 Noise,
Harvest

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
From Wishes to Eternity 27 novimber 2001 Spinefarm
End of Innocence 6 septimber 2003
End of an Era 1 juny 2006 Nuclear Blast
Amaranth 31 augustus 2007
Made in Hong Kong
(and in Various Other Places)
13 maart 2009
Showtime, Storytime 29 novimber 2013
Vehicle of Spirit 16 desimber 2016
Decades:
Live in Buenos Aires
6 desimber 2019
Virtual Live Show from the Islanders Arms 2021 11 maart 2022 Deggael

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
Wishmastour 2000 12 novimber 2001
Tales from the Elvenpath 18 oktober 2004
Bestwishes 9 maart 2005
Highest Hopes:
The Best of Nightwish
28 septimber 2005
Amaranth 22 augustus 2007
The Sound of Nightwish Reborn 5 septimber 2008
Walking in the Air -
The Greatest Ballads
27 maaie 2011
Decades
(An Archive of Song 1996-2015)
9 maart 2015

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: