Springe nei ynhâld

End of an Era

Ut Wikipedy
End of an Era
algemiene ynformaasje
artyst Nightwish
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 1 juny 2006
opnommen Hartwall Arena, Helsinki
21 oktober 2005
doer 1:43:03
label Nuclear Blast
produsint Marco Hietala,
Tuomas Holopainen,
Tero Kinnunen
resultaten
albumlisten flagge fan Belgje Ultratop 50 - 40,
sertifisearre Finlân Platina,
Frankryk Goud,
Dútslân Platina,
  Switserlân Platina

End of an Era. is it tredde live-album fan Nightwish. It album waard opnommen op 21 oktober 2005 yn de Hartwall Arena, Helsinki Finlân, en waard yn 'e simmer fan 2006 op 1 juny útbrocht, op DVD en in Dûbeld CD.

It optreden yn de Hartwall Arena yn Helsinki, Finlân, op 21 oktober 2005, wie it lêste konsert fan in lange wrâldwide toer foar harren album Once. Under it konsert waard de band op it poadium beselskippe troch John Two-Hawks, dy't "Stone People" fan syn album Honor útfierde as in yntroduksje op it Nightwish nûmer "Creek Mary's Blood", mei syn stim en fluit. End of an Era is de lêste Nightwish-produksje mei Tarja Turunen as sjongeres . Nei dit konsert waard se mei in iepen brief ûntslein[1]

Njonken orizjinele Nightwish-nûmers spilen se harren trije bekendste covers, Gary Moore's "Over the Hills and Far Away", Andrew Lloyd Webbers "The Phantom of the Opera" en in cover fan Pink Floyd's "High Hopes".

De spyldoer fan it konsert is 1 oere en 43 minuten. De dvd-ferzje befettet ek in dokumintêre fan 55 minuten oer de fyftjin dagen foarôfgeand oan it konsert, "A Day Before Tomorrow" en in fotogalerij.

nû. titel skriuwers album doer
1. Red Warrior (Intro fan The Last Samurai soundtrack)
Dark Chest of Wonders
Hans Zimmer,
Tuomas Holopainen

Once
5:08
2. Planet Hell Holopainen Once 4:45
3. Ever Dream Holopainen Century Child 4:45
4. The Kinslayer Holopainen Wishmaster 4:09
5. The Phantom of the Opera (Andrew Lloyd Webber cover) Charles Hart,
Richard Stilgoe,
Mike Batt,
Andrew Lloyd Webber
Century Child 5:12
6. The Siren Emppu Vuorinen en Holopainen Once 4:53
7. Sleeping Sun Holopainen Oceanborn 4:55
8. High Hopes (Pink Floyd cover) David Gilmour en Polly Samson The Division Bell 6:54
9. Bless the Child Holopainen Century Child 6:25
10. Wishmaster (mei "The Trooper" fan Iron Maiden as intro) Holopainen Wishmaster 4:44
11. Slaying the Dreamer Holopainen en Vuorinen Century Child 4:44
12. Kuolema Tekee Taiteilijan Holopainen Once 4:13
13. Nemo Holopainen Once 4:46
14. Ghost Love Score Holopainen Century Child 10:29
15. Stone People (útfierd troch John Two-Hawks) John Two-Hawks 4:09
16. Creek Mary's Blood" (mei. John Two-Hawks) Holopainen Once 8:39
17. Over the Hills and Far Away (Gary Moore cover) Gary Moore Over the Hills and Far Away (EP) 5:26
18. Wish I Had an Angel
All of Them (Outro fan the King Arthur soundtrack)
Holopainen
Zimmer
Once

7:52

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: