Naruto

Ut Wikipedy
It logo fan Naruto

Naruto (Japansk: ナ ル ト) is in Japanske mangasearje skreaun en yllustrearre troch Masashi Kishimoto. It fertelt it ferhaal fan Naruto Uzumaki, in jonge ninja dy't erkenning siket fan syn leeftydsgenoaten en dreamt om de hokage te wurden, de lieder fan syn doarp. It ferhaal wurdt yn twa dielen ferteld - it earste spilet yn Naruto's bernejierren, en it twadde yn syn teenerjierren. De searje is basearre op twa op harsels steande manga's fan Kishimoto: Karakuri, út 1995, wêrmei't Kishimoto it jiers dêrop in earfolle fermelding fertsjinne yn it moanneblêd Hop Step Award fan Shueisha, en Naruto, út 1997.

Naruto waard fan 1999 oant 2014 serialisearre yn it tydskrift Weekly Shōnen Jump fan Shueisha en úbrocht as tankōbon (boekfoarm) yn 72 dielen. De manga waard adaptearre ta in animetelevyzjerige, produsearre troch Pierrot en Aniplex, wêrfan't fan 2002 oant 2007 220 ôfleverings yn Japan útstjoerd waarden. De Ingelsktalige bewurking fan 'e searje waard fan 2005 oant 2009 útstjoerd op Cartoon Network en YTV. Naruto: Shippuden, in ferfolch op' e orizjinele searje, gie yn 2007 yn Japan yn premiêre, en einige yn 2017, nei 500 ôfleverings. De Ingelske bewurking waard fan 2009 oant 2011 útstjoerd op Disney XD, mei de útstjoering fan 'e earste 98 ôfleverings, en gie yn jannewaris 2014 oer nei it Toonami-programmaasjeblok fan 'e stjoerder Adult Swim, dêr't wer fan 'e earste ôflevering ôf begûn waard. De Ingelske bewurking wurdt oant hjoed de dei noch wykliks útstjoerd op Adult Swim. Njonken de anime-searje hat Pierrot alve films en tolve orizjinele fideo-animaasjes (OVA's) ûntwikkele. Oare Naruto-relatearre hannel omfettet lichte romans, fideospultsjes, en sammelkaartsjes ûntwikkele troch ferskate bedriuwen.

Viz Media joech in lisinsje ôf om de manga en anime yn Noard-Amearika te yntrodusearjen, en serialisearre Naruto yn it digitaal wykblêd Weekly Shonen Jump. De anime-searje waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada foar it earst útstjoerd yn 2005, en yn it Feriene Keninkryk en Austraalje yn resp. 2006 en 2007. De films en de measte OVA's út 'e searje waarden ek útbrocht troch Viz, wêrby't de earste film sels yn 'e bioskopen te sjen wie. Viz Media begon de streaming fan 'e twa anime-searjes op 'e eigen streamingtsjinst Neon Alley yn desimber 2012. It ferhaal fan Naruto giet troch mei de soan fan Naruto, Boruto Uzumaki, yn Boruto: Naruto Next Generations. Boruto wol syn eigen ninja-manier oanmeitsje ynstee fan syn heit nei te folgjen.

Naruto is de op trije nei bêst ferkeapjende mangasearje yn 'e skiednis, en der binne wrâldwiid 250 miljoen eksimplaren fan ferkocht yn 46 lannen. It is ien fan 'e bêst ferkochte mangasearjes wurden fan Viz Media; de Ingelske oersettings fan 'e bondels binne ferskate kearen ferskynd op 'e bestsellerlist fan USA Today en The New York Times, en it sânde diel wûn yn 2006 in Quill Award. Resinsinten priizgen de karakterûntwikkeling fan 'e manga, sterke ferhaallinen en goed útfierde fjochtsênes, hoewol guon fûnen dat de fjochtsênes it ferhaal fertraagje. Kritisy stelden fêst dat de manga, dy't in tema fan folwoeksen wurden hat, gebrûk makket fan kulturele referinsjes nei de Japanske mytology en it konfusianisme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.