Nancy Davis Reagan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nancy Davis Reagan
Nancy Reagan.jpg
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 6 july 1921
berteplak New York (New York)
stjerdatum 6 maart 2016
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
Flag of Spain.svg Spaansk
partij Republikeinske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 2002
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19811989
foargonger Rosalynn Carter
opfolger Barbara Bush
First Lady fan Kalifornje
amtsperioade 19671975
foargonger Bernice Layne Brown
opfolger nimmen (fakant)
(earstfolgjende: Gloria Saatjian)

Nancy Davis Reagan, berne as: Anne Frances Robbins (New York, 6 july 1921 - Los Angeles (Kalifornje), 6 maart 2016), wie in rêstend Amerikaansk filmaktrise, dy't fan 1981 oant 1989 as frou fan Ronald Reagan de first lady (presidintsfrou) fan 'e Feriene Steaten wie. Foartiid wie hja fan 1967 oant 1975 ûnder it gûverneurskip fan har man first lady fan 'e steat Kalifornje. By syn libben hie se grutte ynfloed op Reagan. As presidintsfrou sette se har yn 't bysûnder yn foar de striid tsjin drugs. Nei it ferstjerren fan har man, yn 2004, nei in lange lijenswei om't er oanhelle rekke wie mei de sykte fan Alzheimer, waard Davis in aktiviste foar stamselûndersyk.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davis waard yn 1921 berne yn 'e Newyorkske wyk Manhattan, as de dochter fan autoferkeaper Kenneth Seymour Robbins (1894-1972) en dy syn frou, de aktrise Edith Luckett (1888-1987). Har petemem wie de stomme-filmstjer Alla Nazimova. Har âldelju giene al foar har berte útinoar, en skieden koart dernei. Davis wenne har earste pear jier yn 'e Newyorkske ymmigrantebuert Flushing, yn 'e wyk Queens. Dêrnei waard se seis jier lang grutbrocht troch har omke en muoike Audley en Virginia Gailbraith, yn Bethesda, yn 'e steat Marylân, wylst har mem it hiele lân troch reizge op 'e siik nei aktearwurk.

Yn 1929, doe't Davis acht jier wie, wertroude har mem mei de foaroansteande en polityk konservative neurosjiruch Loyal Davis (1896-1982), dy't har yn 1935 formeel adoptearre. Davis en har styfheit koene as wyn en bôle, en se tsjutte him altiten oan as "heit". Hja wie berne as Anne Frances Robbins, mar waard fan 'e berte ôf oan al Nancy neamd; troch de adoptaasje troch Loyal Davis krige se syn efternamme. Loyal Davis naam syn nije gesin mei nei Chicago, dêr't Nancy Davis har formative jierren trochbrocht. Se gie der nei de Latynske Famkesskoalle fan Chicago, dêr't se yn 1939 slagge foar it middelbere-skoaleksamen. Neitiid folge hja Ingelske taal en letterkunde en teäter oan it Smith College, yn Massachusetts, dêr't se yn 1943 ôfstudearre.

Nancy Davis op in publisiteitsfoto út 1950.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davis har earste opnommen rol spile se yn 1940, as frijwillichster foar de Nasjonale Stifting foar Berneferlamming, yn in reklamefilmke foar in ynsammelingsaksje foar de striid tsjin polio. Nei't se har stúdzje oan it Smith College ôfrûne hie, wurke se earst as winkelbetsjinde yn in warehûs yn Chicago, en teffens as helpferpleechster. Troch har memme konneksjes yn 'e aktearwrâld wist se letter mei súkses har eigen aktearkarriêre op poaten te setten, begjinnende yn 1945 mei in roltsje yn it toanielstik Ramshackle Inn. Yn 1946 stie se op Broadway, yn 'e musikal Lute Song, mei û.m. in noch ûnbekende Yul Brynner. Nei't se audysje dien hie, krige se yn 1949 in sânjierrich kontrakt oanbean troch de grutte Hollywood-studio Metro Goldwyn Mayer, wêrfoar't se ferfear nei Kalifornje.

Fan 1949 oant ein fyftiger jierren spile Davis yn alve Hollywood-films, ornaris yn stereotype rollen lykas de "trouwe húsfrou", de "ferantwurdlike jonge mem" of de "kalme frou". Se sette útein mei lytse roltsjes yn The Doctor and the Girl en East Side, West Side (beide út 1949), spile in bernepsychiater yn 'e film noir Shadow on the Wall (1950), en hie har favorite rol yn Night Into Morning (1951), wêryn't se in roujende ferloofde spile dy't har ferseine ferlern wie. Davis waard lykwols fral bekend troch har rol as marineferpleechster yn har foarlêste film Hellcats of the Navy (1957), wat ek de iennichste film wie wêryn't se tegearre mei har man te sjen wie. Neitiid aktearre se noch op 'e tillefyzje, yn searjes as Wagon Train en The Tall Man, oant se har aktearkarriêre yn 1962 beëinige. Letter sei se dat se dêr net rouwich om wie, om't se aktearjen foar har gjin ropping wie, mar mear wat dat se die om wat om hannen te hawwen.

Nancy Davis mei har man Ronald Reagan yn 1964.

Trouwen en priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1949 kaam Davis yn 'e kunde mei akteur en fakbûnslieder Ronald Reagan, doe't bliken die dat se by fersin op in swarte list bedarre wie fan lju mei kommunistyske sympatyen, sadat se yn Hollywood gjin wurk mear krije koe (se wie betize mei in oare aktrise, dy't krektlyk fan Nancy Davis hiet). Om dat misferstân op te klearjen, naam se kontakt op mei Reagan, dy't doedestiden de foarsitter wie fan it Screen Actors Guild ("Filmakteursgilde"; SAG), it tige ynfloedrike fakbûn fan Amerikaanske filmakteurs. Reagan hie fan 1940 oant 1948 earder troud west mei de aktrise Jane Wyman, en hie út dat houlik in biologyske dochter en in oannommen soan, Maureen (1941-2001) en Michael (1945). Davis en Reagan trouden op 4 maart 1952 te Los Angeles, en krigen sels noch twa bern, Patti (1952) en Ron (1958). Nei't it skynt beholden Davis en Reagan altiten in yntime relaasje; sy neamde him "Ronnie", en hy har "Mommy". Mei har bern hie se lang sa'n goede relaasje net; se wie geregeldwei deilis mei sawol har styfbern as har biologyske bern, en fral mei har dochter Patti hie se in stoarmige relaasje, mei't dy it konservatisme fan har âldelju oan kant smiet en ferskate anty-Reagan-boeken skreau.

First lady fan Kalifornje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin jierren sechstich begûn Reagan aktyf in politike karriêre as lid fan 'e Republikeinske Partij nei te stribjen. Fan 1967 oant 1975 wied er gûverneur fan Kalifornje, en wie Davis sadwaande de first lady fan dy steat. Se wennen yn dy jierren yn 'e Kalifornyske haadstêd Sakraminto, wat Davis alhiel net noaske, mei't se de opwining, it sosjale libben en it mylde klimaat fan Los Angeles miste. Har man beneamde har yn 'e Keunstkommisje fan Kalifornje en fierders rekke se yn dy snuorje tige behelle yn it Foster Grandparents Program (it "Pleechpakes en -beppes Programma"), in organisaasje dy't frijwilligers oan iensume senioaren keppelet.

Nancy Davis Reagan as first lady fan Kalifornje.

Davis waard it mulpunt fan in kontroverse doe't se har gesin út 'e gûverneursresidinsje nei in rike foarstêd fan Sakraminto ferhuze om't brânwachten de âlde filla as brângefaarlik oanmurken hiene. Hoewol't se sels úthold dat se it foar de feilichheid fan har gesin die, waard it rûnom as snobisme beskôge: wat goed genôch wie foar foargeande gûverneurs en harren gesinnen, wie blykber net goed genôch foar har. De Reagans libben de rest fan Reagan syn gûverneurskip yn in lúkse hierwente dêr't se sels, sij it mei stipe fan freonen, de hier foar opbrochten, wylst Davis it tafersjoch hie oer de bou en ynrjochting fan in nije gûverneursresidinsje yn it deunby leine Carmichael, dy't ree kaam krekt doe't Reagan begjin 1975 gûverneur-ôf wie. Syn Demokratyske opfolger Jerry Brown wegere lykwols om him dêr nei wenjen te setten; de nije residinsje waard yn 1982 ferkocht en sûnt hawwe de gûverneurs fan Kalifornje altiten yn ymprovisearre omstannichheden wenje moatten.

First lady fan 'e Feriene Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Davis wie folop belutsen by de presidintskampanjes fan 1976, doe't Reagan it by de Republikeinske foarferkiezings ôflizze moast tsjin 'e sittende presidint Gerald Ford (dy't dêrnei de ferkiezings ferlear fan 'e Demokraat Jimmy Carter), en dy fan 1980, doe't Reagan de Republikeinske nominaasje yn 'e wacht sleepte en koarte metten makke mei Carter. Yn jannewaris 1981 waard Davis sadwaande first lady fan 'e Feriene Steaten, wat se acht jier, oant 1989, bliuwe soe.

Nancy Davis Reagan op kampanje tsjin drugsgebrûk (1987).

As presidintsfrou kaam Davis op 'e nij yn opspraak doe't se besleat om al it porslein fan it Wite Hûs te ferfangen, nettsjinsteande it feit dat dat betelle wie mei privee-donaasjes. Se brocht yn 'e presidintsresidinsje in kennedy-eske glamour werom dy't der fral ûnder it regear fan Carter, doe't ynformaliteit foar master opsloech, ûntbrutsen hie. Fierders loek ek har belangstelling foar haute couture (djoere eksklusive moade) in protte oandacht en krityk.

Davis hie in grutte ynfloed op har man en spile bytiden aktyf in rol by Reagan syn beneamings fan lju op amtlike en diplomatike posten, en ek by guon fan syn regearingsbesluten. Se ûnderstipe aktyf de Oarloch tsjin de Drugs (War on Drugs) dy't Reagan yn 1982 útrôp, mei in kampanje tsjin rekreätyf drugsgebrûk ûnder de namme "Just Say No" ("Sis Gewoan Nee"). Dat wurdt noch altiten beskôge as har wichtichste inisjatyf as first lady.

Fierdere kontroverse ûntstie doe't yn 1988 oan it ljocht kaam dat Davis in astrolooch om rie frege hie oangeande de yndieling fan Reagan syn wurkskema nei't er yn 1981 ferwûne rekke wie by in moardoanslach. Se ûntwurp in papierren skema dêr't dagen en oeren op ynkleure wiene om oan te jaan hokker dêrfan oft optimaal wêze soene foar de feilichheid en it súkses fan 'e presidint. Reagan syn sjef fan 'e stêf fan it Wite Hûs, Donald Regan, rekke sa frustrearre troch dy gong fan saken dat der grutte wriuwing tusken him en Davis ûntstie. Dat eskalearre doe't it Iran-Kontra-skandaal oan it ljocht kaam, en Davis, dy't fûn dat it oanbliuwen fan Regan it oansjen fan har man skea tabrocht, der by him op oanstie om op te stappen. Yn in tillefoanpetear tusken harren beiden, yn 1987, waard Regan sa opsternaat dat er de hoarn derop smiet. Neffens Wite-Hûskorrespondint Sam Donaldson, fan 'e stjoerder ABC, easke en krige de presidint, doe't dat him trochdien waard, Regan syn ûntslach. (It wie Regan dy't yn syn yn 1988 publisearre memoires Davis har gedoente mei de astrolooch foar it earst nei bûten ta brocht.)

In oarenien dêr't Davis mei koe as hûnen en katten, wie Raïsa Gorbatsjov, de frou fan Sovjet-lieder Michael Gorbatsjov. Hoewol't harren mannen miskien net inoars bêste freonen wiene, ûntstie der meitiid dochs in bân fan wjerssidich respekt. Dat wie net it gefal tusken Davis en Raïsa Gorbatsjov, al waard soks nei bûten ta fansels ûnder it flierkleed fage. De beide froulju dronken yn 'e regel tee, en besprieken de ferskillen tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny. Doe't de Gorbatsjovs yn 1987 foar it earst Amearika besochten, ergere Raïsa Davis mei "preken" (of miskien gewoan útlis) oer in breed skala oan ûnderwerpen, útinoar rinnend fan arsjitektuer oant sosjalisme.

Nancy Davis Reagan mei first lady Michelle Obama, yn 2009.

Geandewei Reagan syn presidintskip hold de parse op mei Davis te omskriuwen as in assistinte fan 'e presidint, en begûn men har ynstee te karakterisearjen as in ferburgen macht efter de troan. Sels besocht se dat te ûntstriden, mar dêrby spriek har eigen hâlden en dragen har tsjin. Hoewol't se in omstriden first lady wie, hie oan 'e ein fan Reagan syn presidintskip dochs 56% fan 'e Amerikanen in posityf byld fan har (wylst 18% har yn in negatyf ljocht seach, en de rest gjin miening hie).

Lettere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't har man begjin 1989 presidint-ôf wurden wie, setten de Reagans harren nei wenjen yn in filla yn 'e rike Losanzjelynske wyk Bel Air. Davis rjochte noch datselde jiers de Nancy Reagan Foundation op, wêrmei't se har striid tsjin drugs fuortsette. Teffens skreau se yn 1989 har autobiografy, My Turn: The Memoirs of Nancy Reagan ("No Bin Ik oan Bar: De Memoires fan Nancy Reagan").

Yn 1994 waard by Reagan de sykte fan Alzheimer fêststeld, wat makke dat er geastlik stadichoan ôftakele ta oanboazjende demintens. Meitiid begûn er in klúznersbestean te lieden, mei't Davis frijwol eltsenien by him wei hold. Neffens har soe har man leaver hân hawwe dat men jin him tebinnen brocht sa't er west hie foar't er mei syn geastlike krupsje oanhelle rekke. Sels hie Davis yn oktober 1987 boarstkanker hân, dat se oerwûn hie troch in boarstôfsettingsoperaasje te ûndergean.

Nei't Reagan yn 2004 einlings en te'n lêsten ferstoarn wie, ûntpopte Davis har mei 83 jier ta aktiviste foar it troch presidint George W. Bush ferbeane stamselûndersyk, yn 'e hope dat sok ûndersyk útkomst biede kin foar Alzheimer-pasjinten. Yn 2009 priizge se presidint Barack Obama, doe't dy it ferbod op stamselûndersyk weromdraaide.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nancy Davis Reagan ferstoar op 6 maart 2016 yn 'e âlderdom fan 94 jier yn har hûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Bel Air oan hertfalen. Har begraffenis waard holden op 11 maart 2016, yn 'e Ronald Reagan Presidential Library yn Simi Valley, dêr't se njonken har man silger beïerdige waard.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.