Muskusein

Ut Wikipedy
muskusein

Jerkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai muskuseinen (Cairina)
soarte
Cairina moschata
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     Oarspronklik ferspriedingsgebiet
     Yntrodusearre ferwyldere populaasjes

De muskusein (Cairina moschata), is in grutte einesoarte út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel komt út Súd-Amearika en is de iennige soarte fan it skaai Cairina. It is de wylde soarte fan 'e domestisearre 'warte-ein'.

De fûgel waard foar it earst yn 1758 ûnder wittenskiplike namme Anas moschata troch Carl Linnaeus beskreaun.

De nuete foarm wurdt yn it Frânsk ek wol 'Barbarijske ein' (Canard de Barbarie) neamd. Oare nammen binne fanwegen syn stille oanwêzigens 'stomme ein', of, fanwegen it wartige gesicht 'warte-ein'.

Oarspronklike fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylde muskuseinen yn Perû.

De oarspronklike wylde muskusein komt yn lege, boskeftige, tropyske kustgebieten yn Sintraal- en Súd-Amerika foar. Yn lytsere oantallen wurde se ek op en om 'e hegere berchmarren en yn drûgere gebieten oantroffen. It binne stânfûgels, se binne honkfêst. De soarte bestiet al lang en fan 'e muskuseinen binne fossilen út it Pleistoseen fûn yn Panama en Brazylje. Hjoed-de-dei binne der ek ferwyldere populaasjes yn Noard-Amearika, Europa, Austraalje en Nij-Seelân.

Yn Nederlân komt de ein yn lytse oantallen as eksoat yn it wyld foar. It tal pearkes dat yn it wyld briedt wurdt troch SOVON op 50-100 rûsd. Winterdeis binne der gruttere tallen muskuseinen yn 'e Nederlânske natoer en benammen yn Súd-Hollân. Sûnt de jierren 1970 nimt it tal muskuseinen yn 'e Nederlânske natoer stadichoan ta.[1]

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It warteftige gesicht fan 'e muskusein.

Hiel karakteristyk foar de soarte is it neakene gesicht, dat by de basis fan 'e snaffel en it each fan 'e jerkjes read en knobbelich is. Op de kop hat de fûgel in toefe, dy't opset wurde kinne.

Oan 'e teannen sitte lange neils, dy't de fûgel hâld jouwe by it sitten op tûken yn beammen. De kop, hals, de toefe en de búk binne swart mei in griene en poarperen glâns op 'e rêch en wjukken. De spegel (de grutte en lytse dekfearren) fan 'e wjukken binne foar in part wyt, dy't mei it âlder wurden grutter wurdt en by it wyfke trochstrings lytser is. It each is ljocht- oant donkerbrún. De kleur fan 'e snaffel is swart mei oan 'e basis in blauwite bân. De sturt is breed en flak.

Wylst de wylde muskuseinen fral swart binne, mei op 'e wjukken wyt, komme de nuete muskuseinen yn in soad ferskillende kleuren en kleurpatroanen foar.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nêst.

Muskuseinen libje fral yn 'e Súd-Amearikaanske boskgebieten mei wetter. Se ite planten, dy't se gerskjend op lân of grondeljend yn ûndjip wetter ynnimme. Ek lytse wringeleaze dierkes, ynsekten, kreeften, termiten, wjirms en kikkertsfiskjes wurde meiïten. Se ite fral jûns, nachts en op moarntiid.

Muskuseinen briede oant trije kear yn 't jier. It lechsel kin wol oprinne oant 21 aaien, dy't meast yn in beamholte lein wurde. Nei 35 dagen komme de aaien út. De piken ferlitte lykas by oare einesoarten it nêst fuortendaliks en springe nei it útkommen út de beamholte de djipte yn.

Domestikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Domestisearre foarm fan muskuseinen.

Foardat de Europeanen yn Súd-Amearika kamen, waard de fûgel dêr al holden en fokt fanwegen it fleis. Yn 1514 waarden muskuseinen troch Spaanske ûndekkingsreizgers mei werom nei Europa brocht. Fan dêrwei waard de ein yn Noard-Afrika, Madagaskar en tropysk Aazje brocht. De namme fan it skaai tsjut op de stêd Kairo. Foar syn beskriuwing fan 'e soarte brûkte Carolus Linnaeus in beskriuwing út Yndia om de soarte yn te dielen. De wylde foarm waard wittenskiplik foar it earst yn 1902 beskreaun.

Yn 'e nuete ferskining fariearje de fearren fan wite en grize kleuren oant blauwe, brune of de wylde kleuren. Njonken ienkleurige muskuseinen binne der ek flekte einen. Fanwegen de moaie kleuren wurde muskuseinen net allinne holden foar ekonomysk doelen, mar ek as sierein.

De ferskillen tusken jerken en wyfkes binne by de nuete einen grutter as yn 'e wyldfoarm. Wyfkes fan fjouwer moanne wege likernôch 2 kg, wylst de jerken dan 3 oant 4 kg swier binne. Folwoeksen fûgels ha in gewicht fan 5 kg (wyfkes) of 7 kg (jerken).

Njonken de domestisearre muskusein wurde ek krusings mei de Pekingein oanbean as muskuseinen, de saneamde mularden (Frânsk: mulard). Dy einen wurde allinne foar it fleis holden, om't de hybriden yn 'e regel ûnfruchtber binne.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte komt yn in hiel grut gebiet foar en wurdt neffens IUCN net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Moschusente

  1. Vogelatlas van Nederland, ISBN 978 90 2157 0051, sechde printing, oktober 2019