Moles fan Terkaple
Om Terkaple hinne hawwe yn it doarpsgebiet ferskillende moles stien. It wiene poldermoles; yn 'e regel spinnekopkes of muontsen. Tsjintwurdich binne alle moles ferdwûn.[1]
Mole Hearresyl
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte mole stie op it plak oan de Oenemawei, dêr’t no it elektrysk gemaal 'De Lege Wâlden' stiet. De mole wie yn 1851 boud foar bemealling fan de Opsterlandschen Veenpolder yn Tsjalbert, mar doe't in gemaal dêr it wurk oernaam is de mole ôfbrutsen en yn 1884 yn Terkaple wer opboud. Yn Terkaple moast de mole de 'Heerenzijl Polder' drûch hâlde. Dy polder lei tusken Terkaple en Goaiïngaryp yn. Yn de mole siet in stien mei ynskripsje dêr’t op stie: de polder Heeringzijl onder Goingarijp en Terkaple opgericht en de molen gebouwd in den jaren 1884 onder het bestuur van T.W. Westerterp, H.R. Rijpkema, W.S. Peekema. Dy stien is bewarre bleaun en leit no achterhûs oan de Buorren 2.
De mûnder Oene Portijk ferhuze mei fan Tsjalbert nei Terkaple. De grutte mole hie in kundich mûnder nedich en dizze Portijk koe de mole as gjin oar. Syn neiteam wenne oan de Oenemawei. De mole waard lykwols net al te goed ûnderhâlden, sadat de polder dochs noch wolris blank kaam te stean, nettsjinsteande de grutte wetterkapasiteit fan de mole. Ek waard der in tal jierren letter in Amerikaanske wynmotor boud oan de râne fan de Terkapelster Poel, hiel wat nijs yn dy tiid, dat doe ferlear de grutte mole syn belangrike funksje. De wynmotor blykte ek goedkeaper yn gebrûk te wezen.
Oan 1921 ta hat der in mûnder wenne yn de mole, mar dêrnei wie it dien. De mole fertutearze en is úteinlik yn 1935 ôfbrutsen.
De boargemaster fan Utingeradiel hat noch fergees besocht de mole ûnder te bringen by de feriening “de Hollandsche Molen” om him sa te bewarjen. Ek doe wie der al in soad jildkrapte foar dizze saken.
Mole op'e Pôle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folle lytsere mole stie op'e Pôle fan Terkaple, oan de râne fan de Bumapôle. De mole bemealde it lân fan Sipkema’s pleats (no de ôfbaarnde pleats Pyt Kamstra, Fjildwei); net allinne de Buma-pôle en it lân dêrachter, mar ek in stik lân oan de oare kant fan de sleat (no Sinnemapolder). Der siet in dûker ûnder de sleat troch en in barte/set der oerhinne. Men moast nammentlik mei hynder en wein yn it lân komme kinne. Wie men klear yn it lân, dan moast it set wer oan’e kant, want de sleat wie iepenbier wetter en de skipfeart moast trochgean kinne.
Gerrit Walstra (wenne letter yn it hûs fan fam. Haasjes, Buorren 21) wie yndertiid lytsfeint op Sipkema's pleats en moast by stoarmwaar, tegearre mei de grutfeint nei de mole ta en dêr bliuwe, ek nachts, en oppasse dat alles goed gyng. De mannen moasten as it nedich wie de seilen ynkoartsje of de mole kruie; de mole mocht net stikken draaie. In kâld putsje yn waar en wyn. De mole waard lykwols net goed ûnderhâlden. Yn de krisisjierren wie der gjin jild foar. De mole fersutere en hy kaam ek tefolle yn de lijte te stean fan de huzen dy’t boud waarden op in part fan de grûn fan de Sipkema’s: de fabrykshuzen op de Pôle. It fabryk kocht de grûn en liet de huzen bouwe. De mole waard úteinlik healwei de jierren 1930 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in Amerikaanske wynmotor.
Hercules
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de bekendste wynmotors wie de Hercules, in grutte wynmotor oan de râne fan de Terkaplester Poel. Dy wynmotor waard yn 1904 oanskaft troch in mearderheid fan de vergadering van eigenaren û.l.f. Anne G. v.d. Ley, Kornelis S. Bakker en Fokke I. Schaap. Hja wienen net tefreden oer de bemealling troch de grutte wettermole fan Terkaple en rjochten harren eigen polder op mei eigen bemealling troch in nij fenomeen yn dy tiid: de Amerikaanske wynmotor. Der stiene yn dy tiid noch mar in pear fan dy nije wynmotors yn Nederlân. Anne Gerrits v.d. Ley fytste nei Rotterdam om mei de firma Stokvis te ûnderhandeljen oer de oanskaf fan sa’n wynmotor. De wynmotor kostte Fl. 3.059,--. Der kaam in spesjale monteur út Dútslân om de wynmotor te ynstallearen. De firma Stokvis hie sels noch gjin betûft personiel foar sa'n put. De wynmotor foldie goed en wie oanmerklik goedkeaper as de grutte mole. Hy hat 65 jier draaid en waard yn ± 1969 ferfongen troch it elektrysk gemaal fan wetterskip Boarnferd "De Lege Wâlden", dat op it plak stiet fan de âlde grutte mole.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |