Boarnferd (wetterskip)
Boarnferd wie in wetterskip yn it súdwesten fan Fryslân fan 1966 oant 1996. It wetterskip hie syn sit op It Hearrenfean.
It gebiet lei yn de gemeenten Boarnsterhim, It Hearrenfean, Opsterlân, Lemsterlân en Skarsterlân en waard begrinzge troch de Boarn, de Nije Feart , de Tsjonger, de súdouwer fan de Tsjûkemar, Rykswei 6, de Skarster Rien, de Langwarder Wielen, de Snitsermar en it Prinses Margrietkanaal. It oerflak wie sa 'n 27.000 bunder.
Boarnferd ûnstie yn 1966 út in fúzje fan 13 wetterskippen, 7 feanpolders en 34 partikuliere polders. Yn it earstoan waard Boarnferd laat troch in bestjoer dat troch provinsjale steaten ynsteld waard. De âlde organisaasjes waarden stap foar stap oernommen. Earst yn 1973 kaam it hielendal op himsels te stean. Taak fan it wetterskip wie njonken it regulearjen fan de wetterhúshâlding ek it behear fan inkelde sânreden.
Mei yngong fan 1 jannewaris 1997 gie it wetterskip by de twadde konsintraasje op yn Wetterskip Boarn en Klif, dat yn 2004 wer opgie yn it hjoeddeiske Wetterskip Fryslân.