Springe nei ynhâld

Miesfûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Miezen)
Miesfûgels
Blaumieske (Cyanistes caeruleus')
Blaumieske (Cyanistes caeruleus')
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: Paroidea
famylje: miezen (Paridae)
Vigors, 1825

De miezen of miesfûgels (wittenskiplike namme: Paridae) binne in famylje fan fûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje telt sa'n 65 soarten ferdield oer 14 skaaien. De miezen binne lytse ta middelgrutte, linige fûgels dy't op it hiele Noardlike healrûn plus hiel Afrika foarkomme. It lytste lid (fjoerkrúnmies, sawat 9 cm) en it grutste lid (grûnmies, likernôch 20 cm) fan de famylje binne gjin typyske miezen, en waarden eartiids ta de famyljes fan de goudtoefkes resp. de kriefûgels rekkene. De oare miezen binne tusken 11 en 15 cm grut. De pongmiezen, de langsturtmiezen en it burdmantsje, hearre net ta de famylje fan de miesfûgels, mar binne ûnderbrocht by aparte famyljes: resp. de Remizidae, Aegithalidae en Panuridae.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IOC World Bird List 11.1, jan. 2021