Springe nei ynhâld

Blaumies

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Blaumieske)
blaumies
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiesfûgels (Paridae)
skaaiblaumiezen (Cyanistes)
soarte
Cyanistes caeruleus
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De blaumies (Cyanistes caeruleus) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae). De blaumies komt in protte foar yn Jeropa en Aazje.

Oare Fryske nammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blaumies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blaukopke, Blaumûtske, Blausyske as Kûgelsyske.

De blaumies is goed te werkennen, foaral oan syn blauwe krún. Fierder hat er wite wangen mei in swarte eachstreep. De fûgel hat in giele búk en in grienige rêch.

De blaumies yt sied en ynsekten.

Aaien.

Lykas de measte miezen is de blaumies in hoalebrieder. It wyfke leit 7-12 aaien dy't se allinnich yn sa'n 2 wiken útbriedt. De jongen wurde dêrnei noch 15-20 dagen troch beide âlden yn har nêst fuorre foardat se útfleane.

Blaumiezen binne tige nijsgjirrich en leare maklik wat nijs oan. It is bygelyks bekend fan blaumiezen dat se fan molkeflessen de doppen stikken makken om by de rjemme op 'e molke te kommen. Dit keunstke waard foar it earst opmurken yn Southampton yn Grut-Brittanje om 1920 hinne. De blaumiezen joegen dit keunstje troch oan soartgenoaten en yn 1947 waard it in hiel Grut-Brittanje sjoen en ek by miezen yn Nederlân, Sweden en Denemark. Om't de molke tsjintwurdich net mear troch de molkboer by de doar set wurde, is de fûgel dit ferleard.

De blaumies is fan âlds part fan it skaai Parus. Troch nije ûntwikkelings binne der ornitologen (benammen Amerikanen) dy't de blaumies yn in apart skaai pleatse, nammentlik Cyanistes. De binomiale namme wurdt dan Cyanistes caeruleus.

De populaasje en it ferspriedingsgebiet fan 'e blaumies binne grut. Oannommen wurdt dat de wrâldpopulaasje stabyl is. De IUCN klassifisearret de soarte dêrfandinne as net bedrige op 'e Reade List.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Blaumies fan Wikimedia Commons.