Martatsjerke (Raard)
Martatsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Raard | |
adres | De Tange 3 | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 56' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Ane Nauta | |
boujier | 1916 | |
boustyl | Eklektisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 507110 | |
Webside | ||
Side PKN-gemeente Raard-Foudgum | ||
Kaart | ||
De Martatsjerke is de eardere grifformearde tsjerke fan Raard. Tsjintwurdich is it ryksmonumint it tsjerklik sintrum fan de PKN-gemeente "Mei inoar Ien". De gemeente makket ôfwikseljend gebrûk fan de Martatsjerke en de Marijetsjerke fan Foudgum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earstestienlizzing fan de grifformearde tsjerke fûn krekt efkes bûten it doarp plak op 29 maaie 1916. De nijbou ferfong in âlder gebou út 1893 krekt nei't der in grifformearde gemeente yn Raard oprjochte wie en dêr't neffens in stien yn it portaal de earste stien op 2 septimber 1893 foar lein wie. De tsjerke is yn eklektyske styl boud neffens in ûntwerp fan Ane Nauta út Ternaard en waard op tiisdei 12 desimber 1916 iepene.
Sûnt de bou is der net in soad mear oan it gebou feroare. De sleat dy't eartiids de tsjerke fan de wei skiede is tichtsmiten.
De tsjerke is sûnt jannewaris 1997 oanwiisd as in beskermd monumint fan de jongere boukeunst fan de perioade 1850-1940.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grifformearden fan Raard ha goed op harren tsjerke past en it ynterieur is hast noch folslein oarspronklik. Sintraal yn de tsjerke steane de preekstoel mei dêr boppe it oargel. De banken binne net ferfongen troch stuollen en steane yn de rjochting fan it liturgysk sintrum opsteld. De finsters binne foarsjoen fan glês-yn-lead-ramen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert foar de earste tsjerke boud en yn 1918 yn de nijbou wer opboud.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|