Marijetsjerke (Foudgum)
De Marijetsjerke fan Foudgum is in monumintale tsjerke yn Foudgum. De tsjerke stiet op it restant fan in terp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de oarspronklike midsiuwske romaanske tsjerke binne noch mar inkelde dielen fan de toer bewarre. Dy waard yn de 15e iuw ferhege en yn 1753 wersteld. De tsjerke wie yn it begjin fan de 19e iuw yn sa'n minne boukundige steat, dat besluten waard om him ôf te brekken. Op itselde plak waard in nije tsjerke boud, dêr't yn 1808 de earste stien fan lein waard. De tsjerke hat in 18e-iuwsk kammenetoargel, dat út de Frije Evangelyske Gemeente fan Ljouwert komt.
Yn 1977 waard de tsjerke restaurearre. De tsjerke is erkend as in ryksmonumint. Eigener is de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt ferhierd en is in offisjele troulokaasje fan de gemeente Dongeradiel.
Piet Paaltjens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet oan it Piet Paaltjenspaad yn Foudgum ta oantinken oan de perioade dat François Haverschmidt - bekend wurden ûnder syn skûlnamme as de dichter Piet Paaltjens - predikant fan Foudgum wie. Hy wie hjir fan 1859 - 1862 predikant en wenne yn de pastorije even benoarden de tsjerke oan it Piet Paaltjenspaad. Tsjin de noardlike muorre fan de tsjerke stiet it troch Hillie van der Gang makke monumint ta oantinken oan dizze predikant, dichter en skriuwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|