Springe nei ynhâld

Earste stien

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Earstestienlizzing)

De earste stien fan in bouwurk is de earste stien dy't lein of mitsele, wurdt, ornaris nei't it fûnemint al lein is. Om't dy hjirmei in oantsjutting is dat de bou wier begûn is, wurde yn de earste stien somtiden de inisjalen fan de opdrachtjouwer en ek wol dy fan de bouwer yn skrast.

By it begjin fan de bou wurdt by grutte projekten faak in feestke hâlden. De earste stien wurdt dan troch in wichtich of bekende persoan op it krekte plak lein. Itselde wurdt by heien ek wol dien mei de earste peal. As de bou dien is wurdt der dan ornaris op in plak dêr't dy goed te sjen is in plakette ynmitsele mei in tekst mei de datum fan it dellizzen fan de earste stien of it heien fan de earste peal, en de namme fan dy persoan.

Dy plakette komt oan de ein fan de bou, dat it is earder de "lêste stien", mar troch de tekst, en om't minsken der faak gjin oar wurd foar hawwe, wurdt dy plakette soms ek wol oantsjut as "de earste stien". Lykwols binne der ek plakettes dêr't terjochte op stiet fan "Dizze stien, de lêste, waard ...".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Earste stien – foto, fideo en harktriemmen