Marijekapel (Würzburg)
Marijekapel Marienkapelle | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Beieren | |
plak | Würzburg | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Würzburg | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1377-± 1480 | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
De Marijekapel (Dútsk: Marienkapelle) is in goatysk tsjerkegebou yn 'e Beierske stêd Würzburg. Alhoewol't it om in grut gebou giet, giet it neffens it tsjerkerjocht om in kapel sûnder rjochten fan in parochytsjerke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1349 waard it praat rûnstruid dat de joaden de putten fergiftige hiene en sa de pest feroarsaken. It late yn Würzburg op 21 april 1349 ta in pogrom, wêrby't der mei de Würzburger joaden ôfweefd waard. De joadewyk en de synagoge waarden ferneatige en al gau nei de pogrom waard op it plak fan 'e eardere synagoge útein set mei de bou fan in houten Marijekapel. Under de sakristy fan dy kapel soene noch resten fan in mikwe west ha.
Under biskop Gerhard von Schwarzburg waard yn 1377 de earste stien foar de hjoeddeiske tsjerke lein. It tsjerkeskip moat yn 1441 al klear west ha om 't de út de domtsjerke ferdreaune biskop Sigismund fan Saksen de Marijekapel foar in koart skoft as katedraal brûkte. It tsjerkegebou waard in stedstsjerke en nei alle gedachten dêrom waard yn 1441 ek útein set mei de bou fan in 70 m hege toer neffens it foarbyld fan 'e Maria ad Gradustsjerke fan Mainz. Yn it ramt fan 'e fernijing fan 'e dakken fan 'e tsjerke krige de goatyske spits yn 1713 in nije barokke ôfsluting mei in ferguld Marijebyld fan 3,45 m heech as wynwizer. De barokke ôfsluting waard yn 'e jierren 1856-1857 wer ferfongen troch in neogoatyske spits. Ek krige de tsjerke doe in nije neogoatyske ynrjochting.
Op 16 maart 1945 baarnde de kapel nei de bombardeminten op 'e stêd folslein út. In soad keunstwurken gyngen ferlern, mar de alters út de 16e iuw wiene al yn 'e 18e en 19e iuw ferdwûn. De werboud fûn tusken 1948 en 1961 plak. De pylders en de ferwulften waarden foar in part mei noch brûkber materiaal op 'e nij opmitsele en de tsjerke krige in nij ynterieur. As ien fan 'e lêste yn 'e oarloch ferneatige Würzburger tsjerken waard de Marijekapel op 20 maart 1962 wer troch biskop Josef Stangl ynwijd.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Marijekapel is in trijeskippige pseudobasilyk fan fiif traveeën. It middenskip is mar in bytsje heger as de sydskippen. De bûtenbou wurdt wikseljend troch hege lansetfinsters en steunbearen oerhearske. Der binne trije portalen en bysûnder binne de keunstwurken fan Adam en Eva (1398) fan Tilman Riemenschneider oan it súdportaal (de orizjnele bylden binne yn it Mainfränkisches Museum fan Würzburg te sjen). De orizjinele Madonna (1440) fan 'e middenpylder fan it westportaal stiet yn 'e tsjerke oan 'e súdmuorre. It timpaan dêrboppe mei in foarstelling fan it Jongste Gerjocht stamt út 1420. De apostelbylden fan Tilman Riemenschneider waarden sûnt 1490 yn opdracht fan 'e ried foar de nissen fan 'e steunbearen makke.
It eastlike koer hat trije traveeën mei in 5/8 ôfsluting. Koer en sydskippen ha krúsribferwulften, it middenskip hat parallelribferwulften (in foarrinner fan it netferwulft).
-
Orizjinele Adam yn it Museum für Franken.
-
Orizjinele Eva yn it Museum für Franken.
-
Orizjinele Madonna (1430) yn 'e Marijekapel.
Keunstwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste keunstwurk is in reliëf fan 'e dea fan Marije (1400; yn it súdlike sydskip). In krusigingsreliëf en de konsoles oan 'e pylders yn it skip stamme likernôch fan 'e selde tiid. It grêfmonumint fan 'e ridder Konrad von Schaumberg (ferstoarn yn 1499) is fan Tilman Riemenschneider. Dêrnjonken binne de epitafen foar Jörg Schrimpf (ferstoarn yn 1556), Peter Dell de Jongere (ferstoarn yn ± 1575) en it epitaaf foar Anna Külwein (ferstoarn yn 1563) it besjen wurdich. Yn 'e kapel is ek de arsjitekt Balthasar Neumann begroeven. De kapel hat in moaie relykbuste fan 'e yn Würzburg berne hillige Aquilinus. It hjoeddeiske heechalter is ier 16-iuwsk en komt út de Würzburger Neumünster. It is net bekend wat de oarspronklike lokaasje fan it heechalter west hat.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e Marijekapel waard yn 1969 troch Michael Weise út Plattling boud. Johannes Klais út Bonn restaurearre it oargel en wreide it fierder út. It sleeplade-ynstrumint hat 20 registers op twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienkapelle (Würzburg)
|