Springe nei ynhâld

Neumünster (Würzburg)

Ut Wikipedy
Neumünster
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Beieren
plak Würzburg
koördinaten 49°47'N 9°55'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Würzburg
Arsjitektuer
arsjitekt Johann Dientzenhofer (barokke ferbouwing)
boujier Sûnt 1057
boustyl barok
Webside
www.neumuenster-wuerzburg.de
Kaart
Neumünster (Beieren)
Neumünster

De Neumünster is in eardere stiftstsjerke yn 'e Beierske stêd Würzburg. De tsjerke waard yn 'e 11e iuw boud op it plak dêr't de Ierske apostels Kiliaan, Kolonat en Totnan begroeven leine.

Ynterieur.

Op it stee fan 'e hjoeddeiske Neumünster stifte nei alle gedachten biskop Megingaud (amtsperioade 754-769) in tsjerke ta neitins fan 'e hillige martlers Kiliaan, Kolonat en Totnan. Yn 'e dy tsjerke waard de earste biskop fan Würzburg, Bukhard (amtspersioade 741-754, stoarn yn 755) troch Megingaud byset en letter Megingaud sels ek. Om it jier 1057 hinne stifte biskop Adalbero it oan 'e evangelist Jehannes wijde stift Neumünster. De oan it begjin fan 'e 18e iuw hielendal ferboude stiftstsjerke waard yn 1803 sekularisearre en besit fan 'e steat. It gebou tsjinne doe in skoft as munysjedepot.

Sûnt 1908 is de tsjerke in roomske parochytsjerke.

Fan 'e bombardeminten op 'e stêd op 16 maart 1945 hat de tsjerke swier te lijen hân. De alters fan it westlike diel en de bustes fan 'e Frankyske apostels fan Tilman Riemenschneider waarden ferneatige (de hjoeddeiske bustes binne replika's fan Heinz Schiestl, dy't yn 1910 makke binne). Nei de werbou waard de Neumünster fan 1950 oant de foltôging fan 'e werbou fan 'e domtsjerke fan Würzburg foar in skoft as katedraal fan it bisdom Würzburg brûkt.

Arsjitektuer en ynrjochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard as romaanske basilyk mei twa dwersskippen en twa koaren boud. Yn 'e jierren 1711-1716 folge in grutte ferbouwing yn barokke styl en yn it plak fan it westlike koar krige de tsjerke in barokke koepel en siergevel. It ynterieur waard troch de bruorren Johann Baptist en Dominikus Zimmermann ûnder hannen nommen. Wichtige keunstwurken fan foar de barokke ferbouwing binne in Madonna fan Tilman Riemenschneider (1493) en in 13e-iuwsk goatysk pestkrús.

De troch Heinrich Gerhard Bücker makke skryn.

De westlike krypte (Kilinsgruft) hat syn tagong fuort fan 'e strjitte troch in trep nei ûnder, mar kin ek troch de tsjerke sels besocht wurde. Dêr binne twa stiennen 8e-iuwske sarkofagen en in skryn mei de reliken fan 'e trije Frankyske apostels. De skryn waard yn 1985 troch Heinrich Gerhard Bücker makke. De sarkofaach fan Megingaud, de twadde biskop fan Würzburg, hat de âldste Frankyske ynskripsjes op stien nei de Romeinske tiid. Yn 1982 waard de urn fan 'e yn it konsintraasjekamp Dachau omkommen preester Georg Häfner yn 'e krypt byset. In byld fan 'e yn 2011 sillich ferklearre martler waard troch Karlheinz Oswald makke.

Oan 'e noardlike kant fan 'e tsjerke leit it Lusamgärtchen op it plak fan 'e eardere kleastergong fan it Neumünster-stift en it plak dêr't nei alle gedachten it begraafplak fan de yn 1230 ferstoarne Walther von der Vogelweide leit. Fan 'e romaanske kleastergong út 1170 binne 16 bôgen bewarre bleaun. De tagong is oan 'e Martinstraße of troch de tsjerke.

De tsjerke hat in oargel fan Klais út Bonn, dat yn 1949 boud waard. It ynstrumint hat elektryske spyl- en registertraktueren. Yn it ramt fan in renovaasje yn 2009 waard de disposysje in bytsje feroare.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Marienkapelle (Würzburg)