Totnan (hillige)
Totnan | ||
hillige | ||
Houten byld fan Totnan yn 'e Neumünster fan Würzburg (rekonstruksje út 1910 fan Heinz Schiestl fan in orizjineel houten byld fan Tilman Riemenschneider, dat yn 1945 ferlern gie). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Iersk | |
berteplak | Ierlân | |
stjerdatum | 8 july 689 | |
stjerplak | Würzburg | |
hillichferklearring | ||
hillichdom | Neumünster, Würzburg |
De hillige Totnan (berne yn 'e 7e iuw – ferstoarn yn Würzburg op 8 july 689) wie in Ierske apostel dy't as diaken mei Kiliaan, Kolonat en njoggen oaren troch Galje nei Rome reizge en dêr paus Konon moete. Dêrnei reizgen de tolve manlju fierder nei Würzburg yn Dútslân om te evangelisearjen yn it Frankelân en Tueringen. Wylst de oaren dêr fierder reizgen, bleaune Totnan, Kiliaan en Kolomat yn Würzburg.
Kiliaan wist hartoch Gosbert fan Würzburg te bekearen, mar syn frou Gailana bleau in heiden. Hja wie de widdo van Gosbert's broer en Kiliaan hie him warskôge dat syn houlik net strykte mei it tsjerklik rjocht. Gailana makke har dêr sa lilk om, dat hja har soldaten op 'e trije manlju ôfstjoerden om se alle trije te ûnthalzjen.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei harren dea waarden harren reliken fereare tsjin krupsjes.
Yn 752 waard Burchard fan Wesseks de earste biskop fan it troch Bonifatius ynstelde bisdom Würzburg. Hy brocht de reliken fan 'e trije manlju oer nei de nije, oan Sint-Kiliaan wijde katedraal.
De feestdij fan Sint-Kolonat is op 8 july fêststeld. Hjoed-de-dei wurde de reliken yn 'e krypt fan 'e Neumünster fan Würzburg bewarre.
De skedel fan Kolonat is mei dy fan Kiliaan en Totnan bewarre bleaun. Op 8 july, de feestdei fan 'e manlju, wurde harren skedels yn in glêzen skryn foar de minsken troch de strjitten fan Würzburg fierd en útstald yn 'e domtsjerke fan dy stêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Saint Totnan]].
|