Dom fan Würzburg
Oan dizze side wurdt noch wurke! Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Sint-Kiliaandom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Würzburg | |
koördinaten | 47°47'N 9°55'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
bisdom | Würzburg | |
patroanhillige | Sint-Kiliaan | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1040-1075 | |
boustyl | romaanske arsjitektuer | |
Webside | ||
www.dom-wuerzburg.de | ||
Kaart | ||
De Domtsjerke fan Würzburg is in oan 'e Ierske misjonaris Sint-Kiliaan wijde roomsk-katolike tsjerke. De dom is de katedraal fan it bisdom Würzburg en is mei in lingte fan 105 m ien fan 'e fiif grutste romaanske tsjerken fan Dútslân. It is ien fan 'e masterwurken fan 'e Dútske boukeunst út de tiid fan 'e Salyske dynasty.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In domtsjerke mei in kleaster yn Würzburg bestie al sûnt de 8e iuw. Mooglik waard dy boud yn opdracht fan 'e earste biskop fan it bisdom, Burchard. Op 8 july 752 brocht Burchard de reliken fan Sint-Kiliaan en syn meigesellen Totnan en Kolman (of Kolonat) nei de katedraal. De skedels fan dy trije hilligen wurde noch jimmeroan yn it heechalter fan 'e dom bewarre.
De hjoeddeiske domtsjerke is de tredde domtsjerke, nei't de eardere twa domtsjerken (fan 'e 8e iuw en fan 'e 9e iuw) hielendal of foar in part troch brannen ferneatige waarden. De tsjerke waard sûnt 1040 boud yn opdracht fan biskop Bruno. Nei syn dea yn 1045 wurke syn opfolger Adalbero fierder oan 'e dom, dy't yn 1075 foltôge wie. De tsjerke waard om 1130 fanwegen brekfalligens restaurearre en moaier makke. Ek waarden doe de twa westlike tuorren ferhege en krige it koer in tonferwulft. Nei't yn 'e earste helte fan 'e 13e iuw de twa eastlike tuorren foltôge wiene, krige de tsjerke syn definitive foarm.
De sydskippen fan 'e tsjerke waarden om 1500 hinne yn letgoatyske styl ferboud. Yn it jier 1701 krige de tsjerke barok stúkwurk. Tusken 1721 en 1724 waard oan 'e noardkant fan 'e domtsjerke de Schönbornkapelas grêfkapel fan 'e biskoppen út it skaai Schönborn tafoege, neffens in barok ûntwerp fan Johann Maximilian von Welsch, dat oanpast waard troch Balthasar Neumann en Johann Lukas von Hildebrandt. Tusken 1879 en 1895 waard it westlike front yn neoromaanske styl ferboud.
De domtsjerke waard op 16 maart 1945 swier troffen by de bombardeminten op 'e stêd troch de Britske Royal Air Force. In grut part fan it ynterieur gie folslein ferlern. It gefolch fan it bombardemint wie dat yn 'e nacht fan 20 febrewaris 1946 it dak fan it middenskip en it noardlike sydskip ynstoarte. By de werbou fan 'e dom waarden de barokke tafoegingen en feroaringen ferfongen troch in romaanske styl, it ynstoarte ferwulft fan it skip waard sûnder fersieringen ferfongen troch in flak houten plafond sûnder it rike stúkwurk fan 'e oare dielen fan it gebou. De grutte kontrasten fan it werboude diel mei de dielen dy't nei it bombardemint noch yntakt wiene, laten ta in kontroversjele kombinaasje fan romaanske, barokke en moderne stilen yn 'e tsjerke.
Sûnt de werbou nei de oarloch wiene it neoromaanske roasfinster, de trijedielige galerij en de nis foar it oerwurk mei púmstien folle en út it sicht helle. By ûndersyk die bliken dat de boueleminten efter it púmstien noch hiel wiene. Yn 'e jierren 2004-2006 waarden dy mei in renovaasjes fan 'e westgevel wer frijlein. Ek krige de tsjerke doe in nije farvelaach, dy't oerienkomt mei de histoaryske kleuren.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerflak fan 'e pylderbasilyk hat de foarm fan in latysk krús. It skip fan 'e tsjerke is romaansk, it koer en it dwersskip binne yn barokke styl útfierd. De domtsjerke hat fjouwer tuorren.
Grêfmonuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hat in tige grut oantal grêfmonuminten. Sûnt de 13e iuw oant de ein fan 'e 16e iuw waarden de herten fan 'e Würzburger biskoppen yn it kleaster Ebrach byset. De yngewanten waarden yn 'e kapel fan 'e Würzburger Marienburg byset en de lichems yn 'e domtsjerke fan Würzburg. Fan de ferneamde keunstner Tilman Riemenschneider binne de grêfmonuminten foar Rudolf fan Scherenberg en Lorenz fan Bibra oan 'e noardlike pylders fan 'e middengong.
Dommuzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tradysje fan 'e Wurzburger domkoaren giet nei alle gedachten werom op it stiftingsjier fan it bisdom. De Würzburger dom hat in domkoar, in famkeskantorij, in keamerkoar en in jongeskoar mei meiïnoar 500 aktive leden.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 1969 wijde oargels waarden troch Johannes Klais út Bonn boud. Op de grutte westgalerij fan it skip stiet it haadoargel (6652 pipen, 87 registers ferdield oer fiif manualen en pedaal). In lytser koeroargel mei 20 registers ferdield op twa manualen en pedaal stiet op in galerij yn it súdlike dwersskip. Yn 2009 waard yn'e nije oefenromte in oargel fan 'e firma Karl Göckel mei acht registers boud.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hat 20 klokken. De iennige âlde klok is de Lobdeburg-klok út 1257. Alle oare klokken binne yn 1965 en 2008 getten.
-
Relykskryn Kiliaan, Kolonat en Totnan.
-
Kânsel.
-
Oargel.
-
Untsliepenis Marije.
-
Epitaaf Rudolf fan Scherenberg.
-
Krypte.
-
Merovingenkrús.
-
Kleastergong.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Würzburg Cathedral
|