Marije-Himelfeartbasilyk (Bûdslaw)

Ut Wikipedy
Marije-Himelfeartbasilyk
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
oblast Minsk
distrikt Mjadelski
plak Bûdslau
koördinaten 54° 47'N, 27° 27'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Marije
status basilyk
Arsjitektuer
boujier 1633—1783
boustyl barok
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 611Г000422
Webside
budslau.by
Kaart
Marije-Himelfeartbasilyk (Wyt-Ruslân)
Marije-Himelfeartbasilyk

De Marije-Himelfeartbasilyk (Wyt-Russysk: Касцёл Унебаўзяцця Найсвяцейшай Дзевы Марыі) is in eardere kleastertsjerke en hjoeddedei in roomske parochytsjerke yn it doarp Bûdslau (ek: Bûdslaw, Wyt-Russysk: Будслаў, Poalsk: Budsław) yn Wyt-Ruslân. De tsjerke is in hillichdom fan nasjonale betsjutting en krige de earetitel basilica minor. It let-barokke gebou bewarret in wichtich Marije-ikoan dat yn katolike rûnten tige fereare wurdt.

Yn 1996 beneamde paus Jehannes Paulus II de ikoan ta patroan fan Wyt-Ruslân. It feest ta eare fan de Budslaŭ-ikoan fan de Mem Gods, ek bekend as it Budslaŭ-feest, waard yn 2018 tafoege oan de UNESCO-list fan it immateriele wrâlderfgoed. Bûdslau leit likernôch 150 kilometer noardlik fan de haadstêd Minsk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard foar it earst yn 1504 neamd, yn 'e tiid doe't it gebiet ûnder it Gruthartochdom Litouwen foel en gruthartoch Aleksander in lape bosk joech oan bernardynske muontsen út Vilnius. Hja bouden dêr in kapel en wennen der mei likernôch 5 bruorren.

Bûdslaw-ikoan fan de Mem Gods

Yn 1591 waard in houten Marije-Besitetsjerke boud. Dêr krige yn 1613 in mirakuleus ikoan in plak, dy't de steatsman Jan Pats earder yn 1598 fan paus Klemens VIII krige hie yn Rome.

Yn 1643 waard in nije tsjerke boud en healwei de 18e iuw ûnstie der in lytse delsetting. Op 29 juny 1767 waard útein set mei de bou fan wer in nije tsjerke, guon muorren fan de 17e-iuwske kapel waarden yn de bou yntegrearre.

De tsjerke waard yn 1783 wijd oan de Untsliepenis fan de Mem Gods en ûndergyng yn 'e twadde helte fan 'e 18e iuw ferskate feroarings troch de tafoeging fan romtes.

Sûnt healwei de 18e iuw ûntstie der in muzykskoalle en tusken 1793-1842 ek in hospitaal. Yn 'e jierren 1731-1797 waard moraalteology en retoryk oan de Teologyske Skoalle dosearre; it tal muontsen lei tusken de fjouwer en santjin.

Om't guon muontsen harren oansletten hiene by de Jannewarisopstân fan 1863-1864 tsjin it Russyske Ryk, waard de tsjerke yn 1852 sletten.

It 19e-iuwske parochyhûs by de tsjerke bleau bewarre. Paus Jehannes Paulus II ferliende de tsjerke yn 1993 de status fan basilica minor. De tsjerke wurdt tsjintwurdich beheard troch bernardynske muontsen.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barok alter yn de Barbarakapel

De barokke tsjerke is in trijeskippige basilyk mei twa tsjerketuorren. De gevel fan de tsjerke is mei pylders en pilasters fersierd. It alter wurdt net fan in apsis ôfsletten. De tsjerkeskippen wurde boppe mei in tonferwulft ôfsletten, yn de krusing fan de tsjerke troch in koepel.

Yn 'e kapel fan de hillige Barbara is in houten alter fan de ferkundiging oan Marije (1643), in ierbarok monumint. De rêch fan it alter foarmet in korintyske kolonnade, dêr't twintich bylden op en tusken steane.

De fresko's fan de tsjerke bleaune sûnder feroarings oant hjoeddedei bewarre.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Дзяржаўны спіс гісторыка-культурных каштоўнасцей Рэспублікі Беларусь: [Даведнік] / Склад. В. Я Абламскі, І М. Чарняўскі, Ю А. Барысюк – Мн .: БЕЛТА, 2009. – side 684 – ISBN 978-985-6828-35-8 .
  • Ярашэвіч А. А. Будслаўская базіліка Унебаўзяцця Найсвяцейшай Панны Марыі. – Minsk, 2005.
  • Габрусь Т. В. Мураваныя харалы: Сакральная архітэктура беларускага барока / Т. В. Габрусь. Мн .: Ураджай, 2001- 287 с .: іл. ISBN 985-04-0499-X, siden 238–240.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Church of the Assumption of Mary in Budslaŭ fan Wikimedia Commons.