Gruthartochdom Litouwen

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gruthartochdom Litouwen

Litousk: Lietuvos Didžioji Kunigaikštystė
Poalsk: Wielkie Księstwo Litewskie
Wyt-Russysk: Вялікае Княства Літоўскае

Flagge fan Wapen fan
Lokaasje fan
Taal Litousk; Rûteensk; Poalsk
Haadstêd Kernavė (1279-1321) Trakai (1321-1323)
Vilnius (1323-1795)
Steatsfoarm Monargy
Tal ynwenners 0.4 miljoen yn 1260 oant maks. 4.84 yn 1770
Oerflak
Tiidrek 1200-1795
Munt

It Gruthartochdom Litouwen (Rûteensk: Великое князство Литовъское, Litousk: Lietuvos Didžioji Kunigaikštystė, Wyt-Russysk: Вялікае Княства Літоўскае, Poalsk: Wielkie Księstwo Litewskie ) wie fan de jierren 1200 oant de opheffing yn 1795 in steat yn East-Europa. It ryk waard troch in baltyske stamme fan de heidenske Aukštaitija stifte, dy't it súdeastlike diel fan it hjoeddeiske Litouwen bewenne.

It foarstedom wreide him letter út en omfieme grutte gebieten fan de iere Kiëvske en Slavyske lannen, sadat it grûngebiet it hjoeddeiske Litouwen, Wyt-Ruslân en de Oekraïne besloech en ek dielen fan Letlân, Moldaavje, Poalen en Ruslân. It gruthartochdom belibbe yn de 15e iuw de grutste fersprieding en wie doe Europa's grutste steat. It lân wie multikultureel en der wennen minsken mei in grut ferskaat yn taal, godstsjinst en kultuer. Russysk en oare easts-slavyske talen waarden it meast sprutsen, wylst Latyn, Poalsk en Dútsk fral yn it offisjele ferkear brûkt waarden.

Tsjin it ein fan de 12e iuw begûn de steat foarm te krijen. De earste regint wie Mindaugas, dy't him yn 1253 kroane liet ta kening fan Litouwen. De heidenske steat hie te lijen ûnder fan oanfallen fan û.o. de Dútske Oarder en de Liiflânske Oarder. De multi-etnyske en -religieuze steat woeks ûnder de lettere hearsker Gediminas en ûnder dy syn soan Algirdas. Algirdas' opfolger Jogaila ûndertekene it ferdrach fan Krevo yn 1386, dat twa wichtige feroarings brocht: de oergong ta it roomsk-katolisisme en de oprjochting fan in personele uny tusken it Gruthartochdom Litouwen en it Keninkryk Poalen.

Under Vytautas de Grutte krige de steat de grutste territoriale foarm, doe't de Dútske Oarder yn 1410 ferslein waard by de Tannenberg. Nei syn dea waarden de kontakten mei it keninkryk Poalen minder goed. Litouske ealmannen, ynklusyf it Radziwiłł-skaai, besochten te brekken mei de personele uny mei Poalen, mar de nederlaach yn de kriich tusken Moskou en Litouwen tsjin it Grutfoarstedom Moskou hie ta gefolch dat de uny bleau. Mei de Uny fan Lublin waard yn 1569 in nije steat foarme, it Poalsk-Litouske Mienebest. It wie in federaasje, wêrby't it Gruthartochdom Litouwen politike ûnôfhinklikens hold mei in eigen regear, wetten en finansjeel systeem. It mienebest hie lykwols te lijen fan it machtiger wurdende Russyske Ryk en nei in rige fan oarloggen waard it Poalsk-Litouske Mienebest yn 1795 ferdield tusken it Russyske Ryk, Prusen en Eastenryk.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Storfyrstendømmet Litauen