Springe nei ynhâld

Marije Louise fan Hessen-Kassel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maria Louisa fan Hessen-Kassel)
Marije Louise fan Hessen-Kassel troch Louis Volders

Marije Louise fan Hessen-Kassel of Maria Louise fan Hessen-Kassel (Kassel, 7 febrewaris 1688 - Ljouwert, 9 april 1765) wie in prinsesse fan Hessen-Kassel en troch houlik foarstinne fan Nassau-Dietz en prinsesse fan Oranje. Marie Louise, dy't troch har ûnderdienen mei de bynamme 'Marijke Meu' of 'Marijke Muoi' fereare waard, wie steedhâlderinne fan Fryslân, Grins en Drinte.

Marije Louise waard berne yn Kassel as dochter fan Karel Loadewyk fan Hessen-Kassel en Marije Anna fan Koerlân. Se kaam út in húshâlding fan fyftjin bern, tsien bruorren en fiif susters. Se waard strang opfieden. Sy boaske op 24 april 1709 yn Kassel mei Johan Willem Friso (1687–1711) foarst fan Nassau-Dietz, sûnt 1702 ek foarst fan Oranje en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân.

Har heit stie goed bekend yn de Republyk: hy wie in wurdearre bûnsmaat yn de anti-Frânske koälysje, syn soannen wienen yn Steatske tsjinst en hy wie in omkesizzer fan Frederik I, de protestantske kening fan Prusen. Dat alles makke dat de mem fan de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso, Henriette Amalia, yn de dochters fan Carl geskikte houlikskandidaten seach foar har soan.

It Prinsessehof

Nei ferskate moetings mei Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz wurdt besletten om te trouwen. Nei't skynt wie it by de earste moeting al echte leafde tusken beiden. Johan Willem Friso reizge yn 1709 nei Kassel ta om dêr syn glorieuze yntocht te dwaan. Mar hy hat pech, midden yn de stêd brekt in tsjil fan syn wein, sadat er net fol pracht en preal by syn breid foarride kin, mar rinnende nei it paleis ta moat. Op 26 april 1709 is yn Kassel it houlik. In moanne nei de brulloft set har man ôf nei syn legerûnderdiel fan it Nederlânsk-Ingelske, dat belutsen wie yn de Spaanske suksesjeoarloch. Marije Louise bleau by har âlden yn Kassel efter en pas yn jannewaris 1710 folge se har man nei Ljouwert, dêr't se plechtich ynhelle waard. It pear set har ta wenjen yn it steedhâlderlik Hof fan Ljouwert. Johan Willem Friso is net in soad thús meidat hy troch oarloch op it slachfjild wêze moat.

Har echtgenoat wie sûnt 1702 ferwikkele yn in dispút oer it testamint fan de yn dat jier sûnder bern ferstoarne stedhâlder-kening Willem III, dy't him ta syn universeel erfgenamt beneamd hie. Dat testamint wie daliks oanfochten troch - ûnder oaren – de Pruissyke kening Frederik I, in oare besibbe fan Willem III. Nei jierren fan ûnderhanneljen like yn 1711 in oplossing foar de kwestje yn sicht te wêzen – as Johan Willem Friso ûnderweis giet foar de lêste ûnderhannelingen mei Frederik I sels. Op 14 july 1711 komt er oan by Moerdijk. Hy wol oerstekke nei De Haach, om dêr de erfenis fan syn fiere neef, Kening-steedhâlder Willem III te regeljen. Mar de boat slaat troch in wynpûst yn it seil om en Johan Willem Friso ferdrinkt. Nei in houlik fan amper twa jier wie Marije Louise al widdo. Ut dat koarte houlik wie dochs noch ien bern berne: Anna Charlotte Amalia (1710-1777), troud mei Frederik fan Baden-Durlach (1703-1732). Anna Charlotte waard letter dwylsinnich.

Regintesse (1711-1731)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Marije Louise mei har twa bern ± 1725

Achtenfjirtich dagen nei it ferstjerren fan har man wurdt noch in soan berne: Karel Hendrik Friso (1711-1751). Hy troude mei Anna fan Hannover (1709-1759). De tsjinslaggen sa koart efter elkoar – ek har mem ferstoar datselde jier - wienen in oanslach op de sûnens fan de prinsesse. De problemen waarden noch slimmer troch de oanwêzichheid fan har skoanmem Henriette Amalia, dy't nei Ljouwert kaam wie yn de ferwachting oansteld te wurden as regintesse en foudesse foar har lytse beppesizzer. De Steaten fan Fryslân joegen lykwols de foarkar oan Marije Louise, dêr't se better mei oerwei koenen. Marie Louise naam yn de perioade fan de minderjierrichheid fan har soan it steedhâlderskip fan Fryslân, Grinslân en Drinte waar as regintesse. Se rjochte alles op de krekte opfieding fan har bern, en yn it bysûnder dat fan har soan. Marije Louise wie net tarieden op de bestjoerlike taken dy't se ynienen ferfulle moast: se wie op 't lêst pas sa'n oardel jier yn Ljouwert en noch net echt thús yn de ferhâldingen binnen har hofhâlding, lit stean dy binnen de Republyk. Se hie te krijen mei de slepende erfeniskwestje, dy't pas yn 1732 troch har soan ôfrûne wurde soenen. Boppedat waard se konfrontearre mei beheinde ynkomsten en in grutte skuldelêst opboud troch har skoanmem. Mei help fan har heit, dy't ek foud oer har bern wie, besocht Marije Louise de finansjen op oarder te bringen en it kapitaal te fergrutsjen dat de basis foarmje moast foar de ambysjes fan de Fryske Nassaus, dy't se fan herte dielde. Regleminten foar de hofhâlding moasten de ûnkosten drukke, se beknibbele op it ûnderhâld fan ferskate bûtenpleatsen, en yn Amsterdam liet se inkele skilderijen út de erfenis fan Willem III feile. Marije Louise’s skoanmem gie op 't lêst werom nei Dútslân.

Se residearre dêrby om en om yn Ljouwert en Grins en paleis Soestdyk. Yn har regintskip docht se ek in tal oankeapen: de ambachtshearliken fan Soet en Birkt, fan Baarn en Ter Iem komme by domeingrûnen. Bygebouwen krije in oare bestimming, en de stâlen wurde ferhuze. Boppedat liet se yn 1730 foar harsels it bûtenferbliuw Mariënburch bouwe. Hja bewenne it Princessehof, in stedspaleis dat yn 1731 oankocht wie.

Middelbere leeftiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1731 siet har taak as regintesse der op. Se sette har nei wenjen yn it Prinsessehof yn de Ljouwerter Grutte Tsjerkestrjitte, in hof dat yn 1731 oankocht wie. Marije Louise hie in wichtige porsleinkolleksje. Tsjintwurdich sit it Keramykmuseum Prinsessehof yn dat gebou. Yn 1732 waard mei de Prusyske sibben in akkoard sluten oer de erfenis en yn 1734 slagge it Marije Louise foar Willem in houlik te regeljen mei de Ingelske prinsesse prinses Anna fan Hannover, wat de famylje ynternasjonaal mear oansjen joech. Yn 1747 waard Willem IV, nei wat woelingen yn de Republyk, yn alle gewesten ta erfsteedhâlder beneamd en ferhuze hy mei syn hof nei De Haach. Yn de jierren dêrnei feriensume se. Har soan hie it smoardrok, en boppedat siet hy faak yn it fiere De Haach. Reizgjen nei De Haach waarden har te moedsum om faak te dwaan. Dêrneist koe se mar min oerwei mei har skoandochter Anna fan Hannover. By in werferdieling fan besittingen yn 1731 hie Willem IV syn mem de barony fan Iselstein as douarie skonken. Yn Iselstein hienen de piëtistyske greve fan Zinzendorf en syn folgelingen, de Herrnhutters, in wykplak socht, neidat se yn Dútslân yn swierrichheden komd wienen. Marije Louise hie in swak foar de Hernhutters, mar omdat soan Willem IV benaud wie foar politike problemen om dizze religieuze groep, moast de prinsesse hat ûnthâlde fan iepentlike steun oan harren. Wol soarge se derfoar dat se earne oars, op slot Zeist, ûnderdak krigen.

Doe't yn 1747 Willem IV fan Oranje-Nassau ek steedhâlder fan de oare gewesten fan de Republyk waard bleau hy permanint yn De Haach.

Regintesse (1759-1765)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 1750 kaam se foar it lêst by har soan op paleis it Loo. Doe't Willem IV yn 1751 ferstoar, wie syn soan Willem V noch mar trije jier âld. Ek Willem V syn suske Carolina wie doe noch minderjierrich. De mear as santichjierrige Marijke Muoi naam it regintskip oer fan har skoandochter, Anna fan Hannover, dy't yn 1759 ferstoar. Har sûnens wie yn dizze jierren al lange tiid min. Hja moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de hartoch fan Brunswyk, dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Dit regintskip late ta konflikten mei har beppesizzer Carolina, dy't in oandiel yn de foudijskip fan har broer wold hie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Doe't Willem yn 1765 santjin jier waard, besocht de anti-Brunswykgroep yn Fryslân om de jonge prins folwoeksen te ferklearjen en him ta steedhâlder te ferheffen. Marije Louise hat grif net begrepen dat dizze aksje rjochte wie tsjin Brunswijk, want se beskôge it foarstel as in mkoasje fan wantrouwen tsjin harsels. Nei har fûle reaksje waard it foarstel ynlutsen.

In lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear. Op palmpeaske 1765 wie se noch oanwêzich yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, wêrnei't se by it ferlitten fan de tsjerke safolle mooglik tsjerkegongers mei neidruk goedendei knikt. Op peaskesneon waard de âlde Marie Louise siik. Se woe net hawwe dat har sykte útlekte, omdat dan Peaske foar de minsken bedoarn wêze soe. Op twadde peaskedei, 9 april 1765 sliepte se wurch yn. Se wie 77 jier oud. Inkele wiken letter waard se bysetten yn de boppegrûnske kapel fan de Grêfkelder fan de Fryske Nassau's yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, 54 jier neidat har man ferstoan wie.

Omdat hja yn Fryslân tige populêr wie, waard se troch de befolking ek wol 'Muoi' of 'Meu' neamd. Biografen en historisy beskriuwe har as godfruchtich en beskieden, en har optreden as ienfâldich en ynnimmend, mar fêsthâldend wat de steedhâlderlike ambysjes fan de fryske Nassaus oanbelange. Der binne ferskate biografyen en wiidweidige biografyske artikels oan har wijd. Yn 1970 ferwurke Dieuwke Winsemius har libben sels ta in roman.

Marijke Muoiraam

Yn de Jakobinertsjerke fan Ljouwert sit it "Marijke Muoi-raam". Omdat it wapen fan Marije Louise al yn it linker raam ôfbylde is, sit rjocht it wapen fan har âlden. Marijke Muoi is ôfbylde yn de midden, se giet dêr krekt efkes de koets út om lekkers oan de tastreamde bern út te dielen. (It ferhaal giet dat it eskorte fan tsientallen bern har wolris tefolle waard se stuts dan de holle út de koets en sei tsjin de bern "Berntsjes, gau nei hûs ta gean, jimme Mem bakt strou!"). De oanhinklikheid fan de befolking wurdt foarsteld troch in man dy't drok mei de Oranje-Blanje-Bleu flagge swaait. Boppe-yn it raam it ôfbyld fan it Prinsessehof, dat se oant har dea yn 1765 bewenne. De ûndergeande sinne tsjut der op dat se de lêste fan de Fryske steedhâlders wie dy't yn Ljouwert hof hâlde.

Marije Louise boaske op 26 april 1709 yn Kassel mei Johan Willem Friso (1687-1711). Ut dit houlik waarden berne:

  • M.J.G.A. Barthels - Maria Louisa van Hessen-Kassel. Barones van IJsselstein, yn: Utrechtse biografieën. Tussen de Lek en de Hollandsche IJssel (Utert 2003) 70-75.
  • Marijke Bruggeman - Nassau en de macht van Oranje. De strijd van de Friese Nassaus voor de erkenning van hun rechten, 1702-1747 (Hilfertsom 2007).
  • Marijke Bruggeman, Nassau en de macht van Oranje, Uitgeverij Verloren, 2007
  • Marijke Bruggeman - Het hof van Maria Louise van Hessen-Kassel (1711-1731), yn: W. Bergsma red., Het hof van de Friese Nassaus (1584-1747) = It Beaken. Tydskrift fan de Fryske Akademy 60 (1998) nr. 3/4, 293-304.
  • E. Heupers - Marijke Meu, een “vergeten” ambachtsvrouwe van Soest’, Flehite 4 (1976) 57-62.
  • F.J.A. Jagtenberg - Marijke Meu 1688-1765 (Amsterdam 1994).
  • Theod. Jorissen - Marijken-Meu, yn: Idem, Historische bladen, diel 1 (Haarlim 1912) 191-231.
  • S. Kalff - Marijke-Meu yn: Idem, Karakters uit den pruikentijd (Rotterdam 1902) 1-38.
  • Marijke de Nes - Marijke Meu (Hoorn, 1951).
  • A.P. van Nienes u.a., Archieven van de Friese stadhouders, side 294
  • Christian Röth, Geschichte von Hessen, side 322
  • G.J. Schutte - Willem IV en Willem V, yn: C.A. Tamse red., Nassau en Oranje (Alphen a/d Rijn 1979).
  • G.J. Schutte - Oranje in de achttiende eeuw (Amsterdam 1999).
  • G.J. Schutte - Marijke Meu. Marie Louise van Hessen-Kassel 1688-1765, yn: C.A. Tamse red., Vrouwen in het landsbestuur. Van Adela van Thamaland tot en met koningin Juliana (Den Haag 1982) 130-146.
  • Annemarth Sterringa - Familierelaties van de Friese Nassaus, yn: W. Bergsma red., Het hof van de Friese Nassaus (1584-1747) = It Beaken. Tydskrift fan de Fryske Akademy 60 (1998) nr. 3/4, 305-325.
  • Dieuwke Winsemius - Marijke Meu (Nijkerk 1970; 4de dr. Kampen 1986) [roman].

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]