Springe nei ynhâld

Tongblierkrisis

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan MKZ-krisis)

De Tongblierkrisis, ek bekend ûnder de Nederlânske namme MKZ-krisis (in ôfkoarting foar mond- en klauwzeer), wie in epidemy fan 'e tige besmetlike bistesykte tongblier, dy't Nederlân yn 2001 teheistere. De útbraak koste hûnderttûzenen stiks fee it libben, wêrby't it sawol gie om bisten dy't de sykte wier oprûn hiene, as om bisten dy't previntyf romme waarden. De útbraak griep benammen om him hinne ûnder kij. Der wiene ferskate oarsaken foar de epidemy, wêrûnder net yn it lêste plak it feit dat de faksinaasje tsjin tongblier yn Nederlân tsien jier earder ôfskaft wie.

It sintrum fan 'e útbraak lei yn 'e provinsje Gelderlân, dêr't 21 bedriuwen romme waarden. Fierders wiene der trije romme bedriuwen yn Oerisel en twa it noardeasten fan Fryslân: ien yn Ie en ien yn Eanjum. Fierders waarden ek it Feriene Keninkryk en dielen fan Frankryk troch tongblier troffen. Om net it gefaar te rinnen de tongblier noch fierder te fersprieden, waarden in protte eveneminten ôflast dêr't in soad minsken op ôf komme soene. Sa gie Keninginnedei yn 2001 oer, wêrby't keninginne Beatrix en leden fan it Keninklik Hûs Hoogeveen en Meppel, yn Drinte, besykje soene. Yn 2002 fûnen dy besiken dochs noch plak.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: