Lytse PC

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lytse PC
holden yn Mantgum
sport Keatsen
organisator Keatsferiening Jacob Klaver
earste edysje 1947
Temaside  Sport

De Lytse PC is in keatspartij, tsjintwurdich in 1e klas frije formaasje partij foar senioaren, dy't alle jierren op de 2e sneon yn septimber hâlden wurdt yn Mantgum.

De Lytse PC waard foar it earst hâlden yn 1947. Yn earsten wie it in troch-inoar-lotters partij, doe noch foar 2e klassers, mei knappe prizen en nei ôfrin in feestjûn foar de keatsers. De pleatslike keatsferiening Jacob Klaver hie yn it begjin gjin bemuoienis mei de organisaasje, dy waard fersoarge troch in 9-tal keatsleafhawwers út Mantgum en omkriten. It prizejild waard byinoar brocht troch in tal lammen fet te weidzjen.

Yn 1977 waard de organisaasje oernommen troch KF Jacob Klaver. Troch it weromrinnend tal partoeren waard de partij yn 1997 fan troch-inoar-lotters partij feroare ta in frije formaasje partij. Dat wie in goede set: stiene yn 1996 noch mar 17 partoeren op'e list, yn 1997 wiene dat wer 25 partoeren.

De Lytse PC is foar de 1e klassers de lêste partij fan it jier en wurdt, fanwege it feest nei de tiid, ek wol de Los fan it Wiif partij neamd.

Piet Zondervan is oant no ta de meast súksesfolle keatser op de Lytse PC. Hy wûn 4 kear de krânse en helle ien kear in tredde priis.

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De winners fan de Lytse PC, safier bekend (K is Kening):

  • 2014 - Menno van Zwieten (K); René Anema; Kees van der Schoot - 14 partoer.
  • 2013 - Haye Jan Nicolay Britsum, Hyltsje Bosma Makkum en Jan Schurer Frjentsjer (K) - 24 partoer
  • 2012 - Pieter Bakker Leeuwarden, Karel Nijman Leeuwarden en Cornelis Terpstra Wirdum (K)
  • 2011 - Troch it minne waar en de minne tastân fan it fjild gie de partij net troch.
  • 2010 - Jan Brandt Wiersma, Grou; Hans Wassenaar, Tsjummearum(K); Jouke Bosje, Baaium - 22 partoer.
  • 2009 - Simon Minnesma (K), Dronryp; Chris Wassenaar, Minnertsgea; Arie den Breejen, Arum 24 partoer.
  • 2008 - Jochem Bouma, Easterlittens; Erik Haitsma, Wommels; Pier Piersma, Ljouwert (K)- 27 partoer.
  • 2007 - Gerben Hein Wijtsma, Ljussens; Jacob Zaagemans, Wytmarsum (K); Marco Lautenbach, Amsterdam - 25 partoer.
  • 2006 - Gerrit Groen, Wergea; René Anema, Balk (K); Willem Rienks, Wageningen – 30 partoer.
  • 2005 - Yde Klaas Dijkstra, Makkum; Peter Dijkstra, Bitgum (K); René Anema, Balk - 24 partoer.
  • 2004 - Simon Minnesma, Menaam (K); Karel Nijman, Wytmarsum; Folkert van der Wei, Wytmarsum - 26 partoer.
  • 2003 - Johan Meirink, Hallum (K); Michel van der Veen, Frjentsjer; Pier Piersma, Ljouwert.
  • 2002 - Hendrik Sweering, Folsgeare (K); Johan Boersma, Winsum; Gerrit Bijlsma, Grou.
  • 2001 - Jacob Wassenaar, Minnertsgea; Marten Feenstra, Berltsum (K); Rutmer van der Meer, Wergea.
  • 2000 - Cornelis Terpstra, Minnertsgea (K); Jacob Wassenaar, Minnertsgea; Rimar Goudberg, It Hearrenfean.
  • 1999 - Henk Talsma, Achlum (K); Tjepco Vellinga, Frjentsjer; Johan Abma, Goaiingea.
  • 1998 - Germ Okkinga, Arum (K); Rinse Bleeker, It Hearrenfean; Douwe Groenendijk, Peinjum.
  • 1997 - Sjirk Gjalt de Groot (K); Piet Zondervan, Jorwert; Emke Siderius, Jorwert.
  • 1996 - Sjoerd Boonstra, Itens; Johan Abma, Goaiingea; Piet Zondervan, Ysbrechtum (K) - 17 partoer.
  • 1995 - Reinoud Monsma, Tsjummearum; Chris Wassenaar, Minnertsgea (K); Jan Willem van Beem, De Ryp - 19 partoer.
  • 1994 - Gjin lytse PC fanwege striemin waar.
  • 1993 - Ido de Haan, Kimswert; Klaas Anne Terpstra, Ingelum (K); Jurjen Dijkstra, Gytsjerk - 19 partoer.
  • 1992 - Sven Kuipers, Mullum (K); Johannes G. Dijkstra, Aldebildsyl; Peter Dijkstra, Bitgum - 26 partoer.
  • 1991 - Sven Kuipers, Mullum; Dicky Boomstra, St. Anne (K); Piet Zondervan, Ysbrechtum - 27 partoer.
  • 1990 - Jan Hilliger, Damwâld; Johan Sjoers, Frjentsjer (K); Joop Dijkstra, Dokkum - 28 partoer.
  • 1989 - Lolke Bierma, Holwerd; Stephan Kleefstra, Huzum) (K); Piet Zondervan, Ysbrechtum - 30 partoer.
  • 1988 - Sjirk Gjalt de Groot, Raard; Abe Kooistra, Peinjum (K); Pieter Tienstra, Sint Anne.
  • 1987 - Jan Hilliger, Damwâld; Abe Kooistra, Penjum (K); Jouke Algra, Kubaard.
  • 1986 - Dirk Groen, Frjentsjer; Lieuwe de Jong, Tsjummearum (K); Klaas van der Leest, Stiens - 27 partoer.
  • 1985 - Tetman van der Meulen, Menaam (K); André Tolsma, Frjentsjer; Albert Salverda, Boalsert - 29 partoer.
  • 1984 - Willem Tuinman, De Ryp (K); Frans Groen, Sint Anne; Piet Zondervan, Ysbrechtum - 28 partoer.
  • 1983 - Coos Veltman, De Ryp (K); Gerrit Hofman, De Ryp; Geert Faber, Stiens - 31 partoer.
  • 1982 - Geert H. Faber, Stiens (K); Sietse van der Meer, Rinsumageast; Johan Hiemstra, Sint Anne - 33 partoer.
  • 1981 - Piet Zondervan, Ysbrechtum; Lieuwe de Jong, Tsjummearum (K); Thijs Houtsma, Sint Anne - 29 partoer.
  • 1980 - Bert Hollander, Ljouwert; Klaas vd Vlugt, Wergea (K); Kees Stavinga, Poppenwier - 34 partoer.
  • 1979 - Anne van Straten, Kimsert (K); Piet Heeringa, Tsjummearum; Anne Jan Anema, Reduzum.
  • 1978 - Frans Groen, Sint Anne (K); Sjoerd Janzen, Easterbierrum; Marten Braam, Seisbierrum.
  • 1977 - Gjin lytse PC fanwege it ûntbrekken fan in gaadlik fjild.
  • 1976 - Arjen Toering, Easterlittens (K); Sjoerd Janzen, Easterbierrum; Gosse Faber, Stiens.
  • 1975 - Klaas Bouma, Hijum (K); J. Dijkstra, Jorwert; Wietse Punter, Weidum.
  • 1974 - Sake Saakstra, Zweins (K); Hiele Beetstra, Stiens; Wabe Wieringa, Ljouwert.
  • 1973 - Anthonie de Vries, Winsum (K); P. de Vos, Ljouwert; Johannes Baggelaar, Peins.
  • 1972 - Willem Hiemstra, Sint Anne (K); Sjoerd Oostra, Baard; Wop de Groot, Bitgum.
  • 1971 - Willem Hiemstra, Sint Anne (K); Paulus Groenendijk, Peinjum; Johannes van der Ploeg, De Ryp.
  • 1970 - Jehannes van der Mey, Menaam (K); Hiele Beetstra, Stiens; A. Gillebaard, Winaam.
  • 1969 - Lodewijk Odolphi, Mullum (K); Wop de Groot, Bitgum; Kees Thyssen, Jorwert.
  • 1968 - H. Zijlstra, Damwâld (K); Willem Hiemstra, Sint Anne; R. Hiemstra, Winaam.
  • 1967 - Gerrit tempel, Sint Jabik (K); Kees Thyssen, Jorwert; Jan van der Ploeg, De Ryp.
  • 1966 - Wop de Groot, Berltsum; Anthonie de Vries, Boalsert (K); M. Fridsma, Huzum.
  • 1965 - Geert Hoekstra, Huzem; Homme Meier, Peins; Durk Bakker, Akkrum - 64 partoer. Troch it grutte tal partoeren wie it let op 'e jûn eart de finale spile wurde koe. Om't der gjin ljocht mear wie, waard der lotte foar de prizen. Der waard gjin kening oanwiisd.
  • 1964 - Hendrik Gjaltema, Skalsum (K); C. Helfrich, Wergea; D. de Graaf, Ljouwert.
  • 1963 - Piet Tuinman, Baard (K); Frans Helfrich, Ljouwert; Anne Broersma, Easterlittens.
  • 1962 - Drewes Smedinga, Harns (K); Jeremias Quaree, Frjentsjer; K. Delgrosso, Ljouwert.
  • 1961 - Rienk de Groot, Ljouwert (K); M. Hiemstra, Bitgum; W. Herrema, Ljouwert.
  • 1960 - C. Oostenbrug, Froubuorren; K. Koldyk, Jorwert; Folkert Oosterbos, Mantgum (K).
  • 1959 - Martinus Santema, Easterlittens (K); Piet Tolsma, Mantgum; K. Fritsma, Jorwert - 38 partoer.
  • 1958 - Drewes Smedinga, Harns (K); Klaas Knol, Harns - 38 partoer.
  • 1957 - Jan Galama, Harns (K); A. Radelaar, Ljouwert; Tsjerk Dantuma, Mantgum.
  • 1956 - Douwe Westerlaan, Ljouwert (K); Janus Paasen, Huzum; H. van der Burg, Ljouwert - 40 partoer.
  • 1955 - K. Koldijk, Grou; H. Bouma, Bitgum; J.J. Wijbinga, Sint Jabik - 39 partoer.
  • 1954 - Jan de Groot, Weidum (K); G. Travaille, Ried; Homme Zijlstra, Akkrum - 34 partoer.
  • 1953 - Douwe Westerlaan, Ljouwert (K); H. Zijlstra, Wytmarsum; Piet Kuipers, Bitgum - 25 partoer.
  • 1952 - M. Hiemstra, Bitgum (K); A. Radelaar, Ljouwert; P. Buren, Baard.
  • 1951 - Piet de Boer, Hjerbeam (K); P. Fokkema, Zweins; Uilke Tolsma, Arum - 34 partoer.
  • 1950 - Op freed 22 septimber 1950 stie yn de Ljouwerter Krante:"wegens terreingesteldheid afgelast" (om tastân fan it terrein ôfsein).
  • 1949 - P. Zijlstra, Ljouwert (K); P. Kamminga, Menaam; K. Wielinga, Ljouwert - 35 partoer.
  • 1948 - Sietse de Groot út Weidum (K), M. Hiemstra, Bitgum; K.Nicolai, Baard.
  • 1947 – Unbekend.