Springe nei ynhâld

Liudgertsjerke (Oldehove)

Ut Wikipedy
Liudgertsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Oldehove
adres Kerkpad 2
koördinaten 53° 18' N 6° 23' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Liudger [1]
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31395 31395
Webside
PKN Oldehove-Niehove
Kaart
Liudgertsjerke (Grinslân)
Liudgertsjerke

De Liudgertsjerke is in tsjerkegebou yn it Grinslânske Oldehove. De oarspronklik oan 'e apostel Liudger wijde tsjerke is in romanogotyks bouwurk út de 13e iuw. De tsjerke is ien fan 'e trije tsjerken. dy't brûkt wurde troch de protestantske gemeente Oldehove-Niehove en waard yn 2013 oerdroegen oan de Stichting Alde Grinslânske Tsjerken. Sûnt de fúzje fan de herfoarme en grifformearde gemeente fan Oldehove yn 2009 wurdt de tsjerke mar út en troch brûkt.

Stiftingsleginde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de leginde rekken trije nonnen fan it Ljouwerter kleaster fan Oldehove by tige min waar by Humerke (de âlde namme fan Oldehove) yn 'e swierrichheden. Hja waarden holpen troch fiskers, dy't by it Rûgesân fisken en út tankberens foar dy rêding lieten de nonnen in tsjerke yn Humerke bouwe. Fan doe ôf oan waard it plak nei it Ljouwerter kleaster Oldehove ferneamd.

De yngong fan 'e tsjerke yn 2008

De tsjerke is in ienskippich gebou út de 13e iuw en hie oarspronklik in stiennen ferwulft, dat yn 'e 17e iuw ferfongen waard troch it hjoeddeiske houten tonferwulft. De noardlike bûtenmuorre fan de tsjerke is foar it grutste part noch oarspronklik, yn 'e súdlike muorre trije goatyske finsters ynbrocht. De sealtektoer waard yn 'e 15e iuw tafoege. Yn 1664 fûn in ferbouwing plak, wêrby't ôfbraakmaterjaal fan it Bernardus-kleaster fan Aduard brûkt waard. Ut dy tiid datearret ek it súdlike tagongsportaal.

De preekstoel en hearebanken binne 17e-iuwsk. Under it rjochthoekich sletten koer binne twa grêfkelders dy't by in restauraasje yn 1969 ûntdutsen binne. Yn ien fan 'e kelders stiet de sânstiennen sarkofaach fan 'e katolike Weenske grevinne Margaretha von Cobentzel, de frou fan Ludovicus Ludgerus, baron fan Ripperda.[2] Foar Douwe en Aedsge Martens Teenstra, dy't oan 'e ein fan 'e 18e iuw it Rûgesân ynpolderen, is in betinkingsstien yn 'e tsjerke oanbrocht.

Yn 'e toer hinget in yn 1617 getten klok fan Hans Nortmeijer mei in diameter fan 89 sintimeter.

It oargel is in meganysk ynstrumint dat yn 1903 troch in legaat fan P. Raven troch de firma Van Oeckelen boud wurde koe. It is yn 1971 restaurearre troch de firma Mense Ruiter. It oargel is útsein de lettere tafoege wynmotor folslein orizjineel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: