List fan grytmannen fan Utingeradiel

Ut Wikipedy

Dit is in list fan grytmannen fan de reardere gritenij Utingeradiel oant de ynfiering fan de gemeentewet yn 1851.

Amtsperioade Namme grytman Bysûnderheden
(1425) Uteka Bauwenga Neamd as grytman fan Wobbingabrugge.
(1453) Tjaard Andringa
(1466) Tsjepke fan Oenema Stoarn yn 1485
(1509) Tjaard fan Andringa
(1512) Epo fan Douma (-1516?)
(1525) Durk Frearks
(1542) Jelmer Edis
(1545) Jorrit fan Andringa
(1546) Gabbe fan Andringa
1550 - 1575 Andrys Grijph
1575 - 1578 Ofke Grijph (- 1580) Soan fan Andrys Grijph. Yn 1574 as substitút oanwiisd mei de finzenskip fan syn heit. Sneuvele yn de slach op de Hardenbergerheide.
1578 - 1601 Feijcke Tetmans of Tatmans (1538-1601)
1601 - 1612 Jelle fan Andringa (-1612)
1613 - 1619 Tinco fan Andringa (-1619) Soan fan foargeande
1619 - 1640 Tiberius fan Oenema (-1640)
1622 Baerte Tieds of Tjeerds Neamd as siktaris fan de gritenij, de namme waard troch Hobbe Baerdt fan Sminia is inkeld op in printe list fan grytmannen oantroffen [1]
1640 - 1670 Regnerus fan Andringa (1612-1671) Soan fan Tinco fan Andringa
1670 - 1682 Lubbartus fan Andringa (1656-1682) Soan fan foargeande
1683 - 1689 Hessel Vegelin fan Claerbergen (1655-1715) 1689 grytman fan Haskerlân
1689 - 1751 Frederik fan Sminia (1664-1751)
1752 - 1757 Regnerus Lycklama à Nijeholt (-1757)
1757 - 1762 Tinco Lycklama à Nijeholt (1696-1762) Broer fan foargeande
1762 - 1789 Augustinus Lycklama à Nijeholt (1742-1789) Soan fan foargeande
1790 - 1795 Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1766-1844) Soan fan foargeande
1795 - 1816 Gjin grytman wegens de Frânske tiid
1816 - 1828 Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt (1794-1828) Soan fan Tinco Martinus
1830 - 1851 Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt (1801-1872) Broer fan foargeande

Nei de ynfiering fan de gemeentewet yn 1851 hie Utingeradiel net langer grytmannen, mar boargemasters; sjoch hjirfoar de list fan boargemasters fan Utingeradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nieuwe Naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1837, siden 325-335
  • Naamlijst van de Grietmannen, die van 1816 tot 1851 Hoofden van de Gemeenten ten Platten Lande in Friesland zijn Geweest, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1851, side 33

  1. H. van Baerdt - Nieuwe naamlijst van grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795