Gabbe fan Andringa
Appearance
Gabbe fan Andringa († 12 febrewaris 1561) wie in Fryske grytman.
Gabbe wie de soan fan Jorrit fan Andringa, mar komt op plakken ek as Gabbe Gossessoan Andringa foar. Foar 1547 wie hy boer en tsjerkefâd yn Akkrum, yn 1549 yn Ouster-Nijegea. Yn 1546 wurdt 'Gabe' neamd as grytman fan Hasker Fiifgea. Gabbe wie nei alle gedachten grytman fan Haskerlân en Utingeradiel, mar waard op 1 jannewaris 1550 neamd as grytman fan Doanjewerstâl. Op dy dei waard oan de ôffurdigen op de Lândei fan Fryslân bekendmakke dat Filips II de nije kening waard, as opfolger fan syn heit, keizer Karel V.
Gabbe ferstoar op 12 febrewaris 1561, en liet in dochter nei. Syn wapen bestie yn in fjild fan keel mei trije klaverblêden fan goud.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |