Tinco Lycklama à Nijeholt (1696-1762)
Tinco Lycklama à Nijeholt (Ald Beets, 14 oktober 1696 - Ljouwert, 22 maart 1762) wie in Fryske grytman út it laach Lycklama à Nijeholt.
Tinco wie in soan fan Augustinus Lycklama à Nijeholt en fan Detsje fan Andringa. Hy waard begroeven yn de Westertsjerke yn Ljouwert.
Hy waard earst siktaris fan Opsterlân en yn 1725 ried yn it Hof fan Fryslân. Dêrnei waard er rintmaster fan it kertier fan Kempenland yn de Meijerij fan 's Hertogenbosch. Yn 1757 folge er syn broer Rein op as grytman fan Utingeradiel.
Hy boaske op 26 april 1726 mei Martha Kinnema fan Scheltinga (1702-1778), dochter fan Martinus, grytman fan Skoatterlân en Lemsterlân] en fan Amelia fan Coehoorn.Se krigen trije bern: Amelia Wiskia (1733), Martinus (1737) en Augustinus (1742).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|