Augustinus Lycklama à Nijeholt (1742-1789)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Augustinus Lycklama à Nijeholt (Ljouwert, 27 april 1742 - Aldeboarn, 30 oktober 1789), wie grytman fan Utingeradiel en de soan fan Tinco Lycklama à Nijeholt en Martha Kinnema fan Scheltinga.

Boppe de tsjerkedoar yn Akkrum stiet Augustinus L. à N., oud 17 jaar, heeft den eersten steen gelegt van deese kerk op den 13 Maart 1759. Hy waard op 7 july 1762 oansteld as grytman fan Utingeradiel, waard 14 maart 1766 foar Fryslân kommittearre fan de admiraliteit fan Amsterdam en yn 1786 keazen ta kurator fan de akademy yn Frjentsjer. Hy wenne yn Aldeboarn op Andringastate, dy't hy hielendal ferbouwe liet. Boaske op 5 desimber 1762 yn Ljouwert mei Susanna des H.R.R. barones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg *21 febrewaris 1736 - Utert, 7 oktober 1799), dochter fan Georg Wolfgang, grytman fan Barradiel,Dantumadiel en Menameradiel, en fan Françoise Wilson de St. Maurice. Ut dat houlik komme ien soan en twa dochters. De âldste dochter Tinconia Martha Andringa Lycklama à Nijeholt (1762-1819) boaske yn Nymwegen op 20 desimber 1789 mei Henricus Franciscus Jozephus Schenck fan Nydeggen; de oare dochter Georgine Wolfeline Françoise hie Philip Hendrik Nering Bögel as man, dy't letter in wichtige rol by it ûntstean fan de Amerikaanske steat Teksas spylje soe.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Stamboek van de Friesche Adel I, 251, II, 172;
  • Mdbl. Ned. Ljouwert XXIII, 28, 29; v. Alphen, Nieuw Kerkel. Handb. I (1878), 479;
  • Baerdt v. Sminia, N. Naaml v. Grietm., 34;
  • Nederlandsch Adelsblad (1915), 197, 198.

  1. Under de namme Felipe Enrique Neri, Baron de Bastrop, Frysk Deiblêd 18 maaie 2013, sneinspetiele s. 4