Regnerus fan Andringa

Ut Wikipedy

Regnerus fan Andringa, (De Lemmer, 24 desimber 1674 - 25 augustus 1754), wie in regint.

Regnerus, soan fan Tinco fan Andringa, grytman fan Lemsterlân en Eritia fan Scheltinga, waard yn septimber 1690 as studint yn Frjentsjer ynskreaun en yn 1692 beneamd ta grytman fan Lemsterlân. Yn 1695 krige er sitting yn it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. As grytman stelde hy prikken yn it wurk om de bloei fan syn berteplak te befoarderjen, net allinnich troch fearskippen en postweinen yn it libben te roppen foar in better ferkear tusken Grinslân, Fryslân en Amsterdam, mar ek troch enerzjike lju derhinne te lokjen om fabriken en bedriuwen op te setten. Die yn 1741 ôfstân fan it gritenijbestjoer en leit begroeven yn de tsjerke fan Aldeboarn, dêr't in tinkteken syn grêf fersiert. Hy bleau frijfeint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • Tegenwoordige Staat van Friesland III, 537-38;
  • Te Water, Historie van het Verbond der Edelen, II, 157 noat;
  • Chalmot, Biogr. Woordenboek;
  • Scheltema, Staatkundig Nederland;
  • Baerdt van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, 373-74.