Springe nei ynhâld

Tinco fan Andringa

Ut Wikipedy

Tinco fan Andringa1582 - 14 febrewaris 1619) wie in grytman út it laach Fan Andringa. Hy wie de soan fan Jelle fan Andringa en Eet Oenesdr fan Reynalda. Syn heit Jelle fan Andringa wie fan 1601-1612 grytman fan Utingeradiel.

Tinco waard mooglik as Thomas Andringa op 13 maaie 1597 ynskreaun as studint yn Frjentsjer. Fan 1611 oant 1613 wie hy kommitearre fan de Admiraliteit te Amsterdam foar Sânwâlden. Dêrnei waard hy foar Fryslân oant 1615 kommitearre foar de Generaliteitsrekkenkeamer en dêrnei kommitearre by de Fryske Rekkenkeamer foar Sânwâlden.

Op 12 jannewaris 1613 waard hy grytman fan Utingeradiel en bleau dat oant syn ferstjerren yn 1619. Syn heit Jelle hie fan 1601-1612 ek grytman fan Utingeradiel west. Tinco waard yn 1619 as grytman opfolge troch Tiberius fan Oenema. Tinco troude yn 1606 mei Sytske Bennes Sjoerda ( ± 1584 – Beetstersweach, 1 desimber 1662). Hja wie in dochter fan Benne Sickes Sjoerda en Jent Rinsesdr Ytsma. Se waard begroeven yn Aldeboarn.

Op 21 april skonk hja as widdo fan Tinco in jûnsmielbeker en trije sulveren skalen oan de tsjerke fan Gytsjerk.

Ut dit houlik kamen:

  • Antsje fan Andringa (Aldeboarn, ± 1606 – Beetstersweach, 6 juny 1685). Hja troude op 29 febrewaris 1624 yn Aldeboarn mei Saecke Teyens (1601-1650), siktaris fan Opsterlân.
  • Regnerus (Rein) fan Andringa (Aldeboarn, ± 1606)
  • Idtje fan Andringa (Aldeboarn, 1607/1608 – 23 jannewaris 1677). Idtsje troude mei Hartesius Jepema (De Jouwer, ± 1611 – 24 maart 1666), earst siktaris fan de rekkenkeamer en fan 1645 oant 1666 riedshear by it Hof fan Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: