Springe nei ynhâld

Regnerus Lycklama à Nijeholt (1703-1756)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Regnerus Lycklama à Nijeholt)

Regnerus (Reinder) Lycklama à Nijeholt (Beetstersweach, 1 jannewaris 1703 - Ljouwert, 19 maart 1756) wie in grytman. Regnerus wie de soan fan Augustinus (Auke) Lycklama a Nijeholt (1670-1744) en Detsje fan Andringa.

Op 3 maaie 1709 waard hy skriuwer yn de kompanjy fan Saksen-Eisenach. Neidat hy op 7 jannewaris 1722 faandrich yn de kompanjy fan Du Moulin wurden wie waard hy yn 1725 kaptein. Fan 12 desimber 1735 ôf waard hy ritmaster yn it rezjimint Nassau-Fryslân.

Op 3 jannewris 1741 waard hy oansteld as grytman fan Lemsterlân. Hy ferruile dy gritenij op 12 janewaris mei Utingeradiel. Yn 1748 wie hy lid fan de Steaten. Hy stoar, net-troud, op 19 maart 1756 yn Ljouwert en waard begroeven yn de tsjerke fan Aldeboarn.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: