Springe nei ynhâld

Limburch (Nederlân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Limboarch)
Limburch
          
folksliet: Limburg, Mijn Vaderland
polityk
lân Nederlân
status provinsje
oprjochting 1866
offisjele taal Nederlânsk
haadstêd Maastricht
tal gemeenten 31
kommissaris fan
   de kening
Emile Roemer
  (SP)
geografy
geograf. koördinaten 50°51' NB 5°41' EL
oerflak 2.209,85 km² (2015)
  •  dêrfan lân 2.144,63 km²
  •  dêrfan wetter 65,22 km²
  rang provinsjes 9e fan 12
demografy
ynwennertal 1.133.1741
  teldatum 1 jannewaris 2024
  rang provinsjes 7e fan 12
befolkingstichtens 526 / km²
grutste plak Maastricht
religy (2015) 64,5% roomsk-katoliken
27,9% ateïsten en agnosten
3,3% moslims
2,2% protestanten
2,1% oaren
oar
NUTS NL42
ISO 3166-2 NL-LI
tiidsône MET (UTC+1)
simmertiid MEST (UTC+2)
offisjele webside
www.limburg.nl
1) boarne: CBS-StatLine
Limburch (2019)

Limburch (Nederlânsk: Limburg, Limburchsk: Limbörg) is in provinsje fan Nederlân mei 1.133.174 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 2.210 km². As provinsje ûntstie Limburch yn 1866 út it Hartochdom Limburch (in lidsteat fan it Dútske Bûn), dat sels yn 1839 ûntstien wie by de dieling fan Limburch.

De Maas rint oer sawat de lingte fan de hiele provinsje fan súd nei noard. De provinsje hat der syn foarm oan te tankjen. Oare gruttere rivieren en streamen binne de Geul, Gulp, Roer en Swalm.

Yn 'e Tachtichjierrige Oarloch boude it Steatske leger fersterkingen oan 'e iggen fan 'e Maas. Limboarch is de iennichste Nederlânske provinsje dy't oan twa bûtenlannen grinzget: yn it westen en suden (Voeren) mei Belgysk Limboarch, yn it suden grinzget in smelle stripe lân oan 'e Belgyske provinsje Luik (boppedat is Limburch de iennichste Nederlânske provinsje dy't oan Walloanje grinzget ); yn it easten grinzget Dútslân oer de hiele lingte mei de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn it noarden grinzget de provinsje oan Gelderlân en yn it noardwesten oan Noard-Brabân.

It noarden en midden bestiet foar it grutste part út sângrûnen. Yn it midden en suden lizze brúnkoal en stienkoal net fier ûnder de grûn. Yn it suden komt krytstien (mergel) foar, dat op ferskate plakken oan 'e oerflakte sichtber wurdt. It krytstien of mergel waard brûkt as boumateriaal foar huzen. Yn Súd-Limburch binne troch de mynbou (brúnkoal/stienkoal) en it úthakken fan mergel ferskate grotten ûntstien.

It noarden en midden fan de provinsje binne relatyf flak, Súd-Limburch hat in heuvellânskip. Yn it uterste súdeasten fan Súd-Limburch leit in leechberchtme dat yn Dútslân oergiet yn de Eifel en yn Belgje yn de Ardennen. De Faalserberch is mei 321,5 meter (boppe seenivo) it heechste punt fan Europeesk Nederlân.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1850 – 204.000
  • 1900 – 282.000
  • 1960 – 882.000
  • 1980 – 1.069.000
  • 2000 – 1.141.000
  • 2020 – 1.117.000
  • 2023 – 1.128.000

Limburch bestiet sûnt 2019 út 31 gemeenten.

  1. Beek
  2. Beekdaelen
  3. Beesel
  4. Bergen
  5. Brunssum
  6. Echt-Susteren
  7. Eijsden-Margraten
  8. Faals
  9. Falkenburch oan de Geul
  10. Fenlo
  11. Fenray
  12. Foerendaal
  13. Gennep
  14. Gulpen-Wittem
  15. Hearlen
  16. Horst oan de Maas
  1. Kerkrade
  2. Landgraaf
  3. Leudal
  4. Maasgouw
  5. Maastricht (haadstêd)
  6. Meerssen
  7. Mook en Middelaar
  8. Nederweart
  9. Peel en Maas
  10. Roerdalen
  11. Roermond
  12. Simpelveld
  13. Sittard-Geleen
  14. Stein
  15. Weart

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Flagge fan de provinsje Limburch
Beek - Beekdaelen - Beesel - Bergen - Brunssum - Echt-Susteren - Eijsden-Margraten - Faals - Falkenburch oan de Geul - Fenlo - Fenray - Foerendaal - Gennep - Gulpen-Wittem - Hearlen - Horst oan de Maas - Kerkrade - Landgraaf - Leudal - Maasgouw - Maastricht (haadstêd) - Meerssen - Mook en Middelaar - Nederweart - Peel en Maas - Roerdalen - Roermûn - Simpelveld - Sittard-Geleen - Stein - Weart
· · Berjocht bewurkje
Provinsjes fan Nederlân
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert
· · Berjocht bewurkje