Leanekeatsen
Leanekeatsen Lanenkaatsen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns (gemeente) | |
plak | Harns (stêd) | |
holden yn | De Leanen | |
tiid fan it jier | mids juny | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | sportevenemint (keatsen) | |
bestean | 1950 – no | |
org. troch | St. Komitee Leanekeatsen | |
offisjele webside | ||
www.lanenkaatsen.nl |
It Leanekeatsen is in keatsbarren dat elts jier mids juny holden wurdt op De Leanen, yn 'e Fryske stêd Harns. It is ien fan 'e mar in pear keatswedstriden dy't op bestrjitting holden wurde ynstee fan op gers. Dat is ek it gefal by bygelyks it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens, mar dêr giet it om jeu de pelote, de Belgyske foarm fan keatsen, wylst men by it Leanekeatsen gewoan de Fryske foarm fan it spul oanhâldt. Yn 2019 wurdt de 70e edysje fan dit evenemint ferkeatst.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foàr de Twadde Wrâldoarloch waard der yn Harns troch de pleatslike jongerein in protte oan strjitkeatsen dien, benammen yn 'e bredere strjitten, lykas De Leanen, de Oksemerk en de Lytse Bredepleats. Dêr wie der romte foar, en boppedat waard it balspul yn dy tiid noch net hindere troch drok ferkear. De dielnimmers waarden dêrby gauris oanmoedige troch de omwenjenden, dy't dan in pear sinten of wat oars beskikber stelden as priis.
Nei de oarloch, doe't men wol ta wie oan wat ferdivedaasje, en doe't der noch gjin tillefyzje wie, besleat in buertkommisje fan bewenners fan 'e Lytse Bredepleats om fan it strjitkeatsen yn Harns in formele wedstryd te meitsjen. It inisjatyf dêrfoar kaam út sigarewinkel 't Hoekje, fan Bouke van der Gaast. Men wist de meiwurking fan 'e Gemeente Harns te krijen, en sa koe yn 1950 de earste edysje fan it Leanekeatsen organisearre wurde.
Der wiene twa klassen, ien fan 12 o/m 17 jier en ien fan 18 jier en âlder. Foar de kompetysje skreaune har 33 partoeren yn, sadat der mear jûnen ynlast wurde moasten foar de earste omgongen as de twa dy't men der foar reservearre hie. De tillegrafen en oar keatsnedichheden waarden liend fan 'e Harnzer Keatsferiening Iendracht. De finale, dêr't neffens it ferslach yn 'e Harnzer Krante tûzenen taskôgers op ôfkamen, waard op 'e jûn fan woansdei 21 juny 1950 ferkeatst. Der wiene twa wikselbekers foar de respektivelike winners fan 'e beide klassen: de Dirk van Drooge-beker en de Levie Pais-beker, ferneamd nei bekende persoanen út it Harnzer buertlibben.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|