Springe nei ynhâld

Seefûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Laridae)
Seefûgels
sulvermiuw (Larus argentatus)
sulvermiuw (Larus argentatus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: wilstereftigen] (Charadriiformes)
ûnderskift: miuwen en sibben (Lari)
famylje: seefûgels (Laridae)
Rafinesque, 1815

De seefûgels (Laridae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan de wilstereftigen. Sûnt 2007 wurde ek de stirnzen en de skimkers ta dizze famylje rekkene, dy' t foarhinne as aparte famyljes sjoen waarden. De skraitsen en de alken binne aparte famyljes. De term 'seefûgels' wurdt soms ek brûkt yn 'e bredere sin, foar alle fûgels dy't op see libje. Dan wurde ek bgl. de pilekanen, mokeftigen, ielguozzen, ginten, alken, seepappegaaien ensfh. ûnder beflapt.

De famylje fan de seefûgels kin ferdield wurde yn 4 subgroepen of ûnderfamyljes:

  • Famylje: seefûgels (Laridae)
    • Ûnderfamylje: Anoinae (noddyfûgels), 1-3 skaaien, 6 soarten
    • Ûnderfamylje: Rynchopinae (skimkerfûgels), 1 skaai, 3 soarten
    • Ûnderfamylje: Larinae (miuwfûgels), 10 skaaien, 52 soarten
    • Ûnderfamylje: Sterninae (stirnzen), 10 skaaien, 41 soarten.

Inkelde miuwesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne:

Inkelde stirnzesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne: