Langsturtmies
langsturtmies | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Aegithalos caudatus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast |
De langsturtmies (Aegithalos caudatus) is in sjongfûgeltsje út de famylje fan 'e langsturtmiesfûgels (Aegithalidae). It fûgeltsje heart net ta de famylje fan 'e echte miezen (Paridae), mar foarmet in eigen famylje.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen langsturtmies is mei syn smelle sturt fan 6 oant 10 sm likernôch 13 oant 16 sm lang. De spanwiidte is 16 oant 19 sm, itjinge foar in sjongfûgel relatyf lyts is. Hy hat in rûn bealchje, in koarte snaffeltsje en lang slanke poatsjes. De donkere eachjes binne by guon omrâne mei in felkleurde eachring.
De langsturtmies tanket syn pluzige oansjen oan 'e fearkes, dy't er meast opset hat. De fearren oan 'e boppekant binne swart en wyt en oan de ûnderkant wyt. In soad ûndersoarten hawwe boppedat rôze en/of grize tinten yn 'e fearren. Oer de hiele lingte fan 'e sturt rint in wite streep.
Der binne in soad geografyske ferskillen yn it kleurepatroan en guon ûndersoarten lykas A. c. caudatus en A. c. japonicus hawwe in folslein wyt kopke, wylst oare soarten in grize tekening op 'e kop ha. Yn bygelyks Noard-Europa krije pearkes fan ferskillende ûndersoarten wer in mingd kleurd neiteam.
Mantjes en wyfkes binne oan 'e kleuren net fan inoar te ûnderskieden. Jonge fûgels ferfearje foar de winter en krije dêrnei it folwoeksen oansjen.
Langsturtmiezen binne sosjale fûgeltsjes en wurde faak yn groepkes sjoen. Bûten it brieden foarmje de langsturtmiezen groepkes fan trije oant sechtich fûgels. Yn 'e maaitiid sette de langsturtmiezen harren territoarium ôf om ynkringers út te sluten.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtmies yt ynsekten, larven, ynsekteaaikes en oar lyts guod. It is in akrobatysk fûgeltsje en by it sykjen om iten hinget er faak ûndersteboppe oan tûkjes om by syn iten te kommen. Dêrby hinget er dan bytiden oan ien poat om mei it oare poatsje fierder rikke te kinnen. It is net bekend of de fûgeltjes ek iten bewarje.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nêst bestiet út in aaifoarmich baltsje mei in iepening oan 'e boppekant en wurdt fan fearkes en spinreach makke. De pearkes binne monogaam en wurde by it brieden faak holpen troch oare folwoeksen fûgels út de groep, dy't gjin eigen nêst ha of wêrfan it brieden op in mislearring útrûn. In briedende sturtmies moat syn sturt oer syn rêch lizze om op de acht oant tolve aaikes te sitten. De aiikes bine wyt of rôze mei reade flekjes en stipkes.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten waarden de langsturtmies en sibben yn it skaai Parus by de famylje miezen (Paridae) yndield. Yn bygelyks it bouwen fan it nêst en de iere ferfearring fan 'e jonge fûgels ferskille se lykwols fan 'e miezen. Ek út fylogenetyske stúdzjes die bliken dat it DNA genôch ferskilt om de langsturtmies ta in ôfsûnderlik skaai te rekkenjen: de langsturtmiezen (Aegithalidae).
De langsturtmies is ek in sammelnamme fan ferskillende, dreech fan inoar te ûnderskieden ûndersoarten, dy't in komplekse groep foarmje. Yn Nederlân komt de ûndersoarte europaeus foar, in mingfoarm fan fûgels mei in grutte fariaasje yn 'e fearren. Fan wytkoppich (de saneamde wytkoppige langsturtmiezen) oant donkerkoppich (de fûgels dy't yn 'e regel yn 'e boekjes ôfbylden wurde). Dy sammelgroep komt yn it grutste diel fan Europa foar. Oare ûndersoarten dy't yn Europa libje binne de rosaseus yn Ingelân, Ierlân en Skotlân, de caudatus fan Skandinaavje oant noardlik Japan, irbii út Spanje en taiti út Frankryk/Spanje (nei alle gedachten in oergongsfoarm tusken europaeus en irbii), fierder komme yn Turkije en omkriten noch tephronotus en alpinus foar, wêrby benammen de earste nei alle gedachten wer in oergongsfoarm is lykas de major.
De dizige ûndersoarten (nei alle gedachten ûnderdiel fan 'e europaeus groep); aremoricus fan Frankrijk, italiae út Itaalje, macedonicus fan 'e Balkan en de tauricus van 'e Krim falle allegear wat fariaasje oanbelanget goed yn 'e europaeus groep.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtmies is in fûgeltsje dy't wennet yn 'e boskrike kriten fan Europa en Aazje. Hy is yn parken, plantsoen en tunen en oare plakken mei beammen en strûken te sjen. SOVON rûsd it tal pearkes yn Nederlân tusken de 20.000 en 25.000. Winterdeis binne der mear en dan kinne it oantal oant 100.000 groeie. De langsturtmies hat syn briedareaal sûnt de jierren 1970 troch de oanplant fan grien útwreide, mar dat kompinsearret net de stadige delgong fan de totale populaasje yn Nederlân, dy't fral op de hegere sângrûn plakfûn lykas Noard-Brabân, Limburch, it easten fan Utert en Gelderlân. Ien fan 'e mooglike oarsaken fan dy delgong is it ferdwinen fan strûken yn plantsoenen en de moade om in soad stiennen yn tunen te lizzen. Yn Fryslân briedt de langsturtmies fral yn it easten fan 'e provinsje en yn Gaasterlân. Winterdeis komt it fûgeltsje yn it grutste part fan 'e provinsje foar.
De soarte telt 17 ûndersoarten:[1]
- A. c. caudatus: fan noardlik en eastlik Europa oant eastlik Sibearje, Japan en Korea.
- A. c. rosaceus: de Britske eilanden.
- A. c. europaeus: fan noardeastlik Frankryk en Dútslân oant noardlik Itaalje en Turkije.
- A. c. aremoricus: westlik Frankryk.
- A. c. taiti: fan súdwestlik en súdlik Frankryk oant sintraal Spanje en Portugal.
- A. c. irbii: súdlik Spanje en Portugal en Korsika.
- A. c. italiae: sintraal en súdlik Itaalje en súdwestlik Sloveenje.
- A. c. siculus: Sisylje.
- A. c. macedonicus: fan Albaanje en Grikelân oant Bulgarije en noardwestlik Turkije.
- A. c. tephronotus: fan eastlik Grikenlân oant sintraal Turkije, noardlik Irak en Syrje.
- A. c. tauricus: it Krimskiereilân.
- A. c. major: noardeastlik Turkije en de Kaukasus.
- A. c. alpinus: súdeastlik Azerbeidzjan, noardlik Iran en súdwestlik Turkmenistan.
- A. c. passekii: súdeastlik Turkije en súdwestlik Iran.
- A. c. trivirgatus: sintraal Japan.
- A. c. kiusiuensis: súdlik Japan.
- A. c. magnus: sintraal en súdlik Korea, Tsushima.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Staartmees
|
- Fûgelsoarte
- Langsturtmies
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan