Kustwacht Karibysk Gebiet
Kustwacht Karibysk Gebiet Kustwacht Caribisch Gebied | |
---|---|
flagge | embleem |
Samen Sterk ("Mei-inoar Sterk") | |
algemiene gegevens | |
lân | Arûba Kurasau Nederlân Sint-Marten |
soarte | kustwacht |
doel | ● help by need op see ● siik- en rêdingsaksjes ● tafersjoch op neilibjen maritym rjocht ● bestriding fan smokkeljen ● bestriding fan yllegale fiskerij ● tafersjoch op 'e skipfeart |
bysûnderheden | |
namme folút | Kustwacht voor het Koninkrijk der Nederlanden in het Caribisch Gebied ("Kustwacht foar it Keninkryk fan 'e Nederlannen yn it Karibysk Gebiet") |
ôfkoarting | KWCARIB |
lokaasje haadkertier | Willemstêd (Kurasau) |
oprjochte | 1993 (offisjeus) 1996 (offisjeel) |
sterkte | 240 man 3 patrûljeskippen 17 lichte fartugen 2 fleantugen 2 helikopters |
falt ûnder | ● Keninklike Marine ● Kommandemint fan 'e Seemacht yn it Kar. Gebiet |
offisjele kleuren | goud, read, wyt en blau |
webside | www.kustwacht.org |
Racestreken fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet. |
De Kustwacht Karibysk Gebiet (Nederlânsk: Kustwacht Caribisch Gebied; Ingelsk: Dutch Caribbean Coastguard) is de kustwacht foar alle gebietsdielen fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen yn it Karibysk Gebiet. De offisjele namme foar dizze organisaasje is Kustwacht foar it Keninkryk fan 'e Nederlannen yn it Karibysk Gebiet (Kustwacht voor het Koninkrijk der Nederlanden in het Caribisch Gebied). Dizze kustwacht, dy't folslein los stiet fan 'e Nederlânske Kustwacht, is ferantwurdlik foar û.m. kustbewekking, help by needsitewaasjes op see, sykjen en rêden op see, tafersjoch op it neilibjen fan maritym rjocht, tafersjoch op 'e skipfeart, bestriding fan smokkeljen oer see en ynspeksje fan 'e fiskerij yn en om Arûba, Kurasau, Sint-Marten en de eilannen fan Karibysk Nederlân. De Kustwacht Karibysk Gebiet bestiet sûnt 1996 en ressortearret ûnder it Kommandemint fan 'e Seemacht yn it Karibysk Gebiet, dat in ôfdieling fan 'e Keninklike Marine is.
Gearwurkingsferbân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kustwacht Karibysk Gebiet is in gearwurkingsferbân fan fjouwer lannen en territoaria: Kurasau, Arûba, Sint-Marten en Nederlân. Nederlân is der benammen by belutsen foar de trije eilannen fan Karibysk Nederlân: Bonêre, Saba en Sint-Eustasius.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1993 waard yn wat doedestiden de Nederlânske Antillen en Arûba wiene, úteinset mei it útfieren fan kustwachttaken troch ien organisaasje. Yn 't earstoan barde dat sûnder juridyske basis. Pas trije jier letter, op 1 febrewaris 1996, waard offisjeel in selsstannige kustwacht foar de Nederlânske gebietsdielen yn it Karibysk Gebiet oprjochte, dy't de Kustwacht foar de Nederlânske Antillen en Arûba kaam te hjitten (en bekendstie ûnder Ingelsktalige ôfkoarting NA&A CG (Netherlands Antilles and Aruba Coastguard). Doe't de Nederlânske Antillen yn 2010 útinoar foelen yn 'e lannen Kurasau en Sint-Marten en trije bysûndere gemeenten (Bonêre, Saba en Sint-Eustasius) dy't mei-inoar Karibysk Nederlân foarmen, krige de kustwacht syn hjoeddeistige namme.
Taken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kustwacht Karibysk Gebiet hat de folgjende taken:
- helpferliening by needsitewaasjes op see;
- sykjen en rêden op see yn it gefal fan fermissings;
- kustbewekking;
- tafersjoch hâlden op 'e skipfeart;
- hanthavening fan 'e iepenbiere oarder;
- tafersjoch hâlden op it neilibjen fan it maritym rjocht;
- bestriding fan smokkeljen fan guod (bgl. drugs);
- bestriding fan minskesmokkeljen;
- bestriding fan yllegale fiskerij.
Ynfrastruktuer en fasiliteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kustwacht Karibysk Gebiet hat likernôch 240 personielsleden: 210 dêrfan binne Antiljanen, wylst de restearjende 30 Nederlanners binne dy't by de Keninklike Marine tsjinje. De Kustwacht Karibysk Gebiet ressortearret ûnder it Kommandemint fan 'e Seemacht yn it Karibysk Gebiet, dat in ôfdieling fan 'e Keninklike Marine is. De kommandant fan 'e Seemacht yn it Karibysk Gebiet is tagelyk ek de direkteur fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet.
It haadkertier fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet is fêstige yn it stêfgebou op 'e Marinebasis Parera op Kurasau. Dêrnjonken binne der fjouwer kustwachtstipepunten: it aeronautysk stipepunt Hato op Kurasau (foar fleantugen en helikopters) en de nautyske stipepunten op 'e Marinebasis Parera (op Kurasau), de Marinierskazerne Savaneta (op Arûba) en it Stipepunt Simpson Bay (op Sint-Marten). Alle Nederlânske kustwachtaksjes yn it Karibysk Gebiet, oft se no plakfine op 'e Boppewynske Eilannen of op 'e Underwynske Eilannen, wurde koördinearre út it Rêdings- en Koördinaasjesintrum fan 'e Kustwacht Karibysk Gebiet wei, yn it stêfgebou op 'e Marinebasis Parera. Dat wurdt 24 oeren deis bemanne troch 15 leden fan 'e Kustwacht.
Om 'e Boppewynske Eilannen hinne wurdt nau gearwurke mei de Service garde-côtes de la douane francaise, de kustwacht fan 'e Frânske dûane, en mei de Frânske Maritime Sjendarmery, om't it Frânske oerseeske gebietsdiel Frânsk-Sint-Marten op itselde eilân leit as it lân Sint-Marten. Dêrnjonken bestiet der ek gearwurking mei de Amerikaanske Kustwacht, fral op it mêd fan 'e bestriding fan drugssmokkeljen om 'e Underwynske Eilannen hinne.
Wat materieel oangiet, beskikt de Kustwacht Karibysk Gebiet oer 3 grutte patrûljeskippen dy't op folle see operearje kinne; 12 lytsere patrûljeboaten dy't by de kust lâns patrûljearje kinne; 5 speedboaten wêrfan't ien stasjonearre is op Arûba, twa op Kurasau, ien op Bonêre en ien op Sint-Marten; 2 Bombardier Dash 8-patrûljefleantugen en 2 AgustaWestland AW139-helikopters. Dêrnjonken wurdt de Kustwacht Karibysk Gebiet ûnderstipe troch in fregat fan 'e Keninklike Marine, wêrfan't der troch in systeem fan rotaasje altyd ien yn it Karibysk Gebiet stasjonearre is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|