Kro (taal)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kro
algemien
oare namme(n) Crow, Absaroka
eigen namme Apsáalooke
lânseigen yn Flag of the United States.svg Feriene Steaten
tal sprekkers 3.000 (2007)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Sûaansk
  ● Westsûaansk
    ● Missourydelling-Sûaansk
      ● Kro
taalkoades
ISO 639-3 cro

It Kro (Ingelsk: Crow; Kro: Apsáalooke, útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), is de lânseigen taal fan 'e Kro (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e eastlike Rocky Mountains en de Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De taal wurdt ek wol Absaroka neamd, dat in Ingelske ferbastering fan it autonym is. It Kro is in Westsûaanske taal, dy't ta de gruttere Sûaanske taalfamylje heart. It is nau besibbe oan it Hidatsa, wêrmei't it de Missourydelling-Sûaanske taalgroep foarmet. It Kro is mei likernôch 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.

Sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in taalkundich ûndersyk út 2007 fan Victor Golla wiene der doe noch 3.000 sprekkers fan it Kro. Hoewol't dêrby net oanjûn is hoe't de ferdieling yn memmetaalsprekkers en twadde-taalsprekkers wie, docht it Kro it dêrmei in stik better as de measte oare Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten. In soad fan dy talen hawwe nammentlik heechút noch inkele hûnderten sprekkers, wylst in oansjenlik tal op it rântsje fan it útstjerren balansearret. Mei in oantal fan 3.000 minsken leit it sprekkerspersintaazje fan it Kro yn ferhâlding mei de Kro as etnyske groep op 25%.

Dêrby moat lykwols al oantekene wurde dat in grut diel fan 'e sprekkers ta de âlderein heart. Ut gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1991 die bliken dat der dat jiers noch 4.280 sprekkers wiene. Yn ferhâlding mei it oantal fan 3.000 sprekkers yn 2007 giet it om in ôfname fan 29,9% oer in perioade fan 15 jier. Boppedat kaam út it taalûndersyk fan 2007 ek nei foarren dat it grutste part fan 'e jongerein it Kro net floeiend sprekt, en dat it oergrutte part fan 'e floeiende sprekkers âlder as tritich jier wie, oftewol foàr 1975 berne wie.

Yn syn A Grammar of Crow, ek út 2007, skreau R. Graczyk lykwols dat der oars as by oare Yndiaanske talen, yn 't bysûnder dy fan 'e Grutte Flakten, yn it gefal fan it Kro noch sprekkers fan alle leeftiden wiene. Ek murk er op dat der "noch teminsten guon" bern wiene dy't it Kro as memmetaal learden. Fierders wiene neffens him op inkelen fan 'e alderâldsten nei alle Kro-sprekkers ek floeiend yn it Ingelsk, en koene frijwol alle leden fan 'e jongerein dy't it Kro net sels sprieken, it wol ferstean. Likegoed waard it Kro yn 2012 troch de UNESCO as "beslist bedrige" klassifisearre. Der wurdt fanút 'e Kro-mienskip sels yn tanimmende mjitte besocht om it Kro te behâlden en te refitalisearjen.

Alfabet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kro wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat út 19 letters bestiet. De letters f, g, j, q, r, v, y en z komme net foar, en de c allinnich yn kombinaasje mei de h as ch.

A a B b Ch ch D d E e H h I i K k
L l M m N n O o P p S s Sh sh T t
U u W w X x

Fonology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kro omfiemet fiif ûnderskate fokalen, wêfan't de a ([a], lykas yn "lam"), i ([i], lykas yn "wyt") en u ([u], lykas yn "tûk") ek yn lange foarm foarkomme: aa ([a:], lykas yn "laad"), ii ([i:], lykas yn "wiid") en uu ([u:], lykas yn "lûd"). De e ([e:], lykas yn "bleek") en de oo ([o:], lykas yn "loop") komme inkeld as lange lûden foar. Fierders binne der twa diftongen, ia en ua, en ien marzjinale diftong, éa dy't him yn mar twa wurden foardocht déaxa ("helder") en béaxa ("út en troch").

Op it mêd fan 'e konsonanten hat it Kro mar in tige beheinde klankynventaris. De h, k, m, n, p, s en t wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen. De ch is de [ʧ], de begjinklank fan "tsjerke", en krektsa is de sh de [ʃ], de begjinklank fan "sjippe". De x is de [x], dy't yn it Frysk as "ch" skreaun wurdt, lykas yn "berch". De b ([b]) en w ([w], lykas yn "skowe") komme inkeld foar as allofoanen fan 'e m, en krekt-en-gelyk komme de d ([d]) en l ([l]) allinnich mar foar as allofoanen fan 'e n. Fierders hat it foneem k in palatalisearre allofoan [kʲ] (kj fan "kjers"), dy't foarkomt nei i, e, ch en sh, faak yn wurdeinige posysje. Ek de glottisslach ([ʔ]) de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje", komt yn it Kro foar, mar wurdt net skreaun.

Fierders is ek aspiraasje, it útsprekken fan plofklanken mei in lyts h-ke derefteroan (lykas yn 'e bekende Grinslânske útspraak fan Marthinithoren), yn it Kro in wichtich ferskynsel. Plofklanken wurde aspirearre as se oan it begjin of de ein fan in wurd steane, wannear't se ferdûbele wurde (bgl. [ppʰ]) en as se efter in oare plofklank oan komme (bgl. [ptʰ]). Plofklanken yn in konsonantekluster mei de h as earste klank (hp, ht, hk) bliuwe ûnaspirearre. Ferdûbeling fan konsonanten komt inkeld yn ynterfokale (tuskenlûdige) posysje foar. Yn dyselde posysje wurdt de sh faak stimhawwend, en klinkt er dus as [ʒ] (zj lykas yn "bagaazje"). De s wurdt soms ek stimhawwend útsprutsen, as "z", mar de x is nea stimhawwend.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.