Fryske krûdkoeke
Appearance
(Trochferwiisd fan Krûdkoeke)
Fryske krûdkoeke is in koeke dy't by de kofje iten wurdt. Der binne in soad farianten fan krûdkoeke; de Fryske krûdkoeke is in lokale fariant. Alle bakkers hawwe lykwols harren eigen resept, dat de Fryske krûdkoeke ferskilt de bakker. Eartiids waard de koeke ek wol yn oare resepten ferwurke, bygelyks yn fleisgerjochten. De moderne Fryske krûdkoeken hawwe ek wol oar soarte yngrediïnten as nútsjes en konfijte stikjes tropyske fruchten.
Resept
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yngrediïnten
- 250 gram sêfte bûter
- 250 gram brune sûker
- 125 gram blom
- 1 teeleppel bakpoeier
- 5 aaien
- 1 teeleppel kaniel
- 1 teeleppel krûdnagelpoeier
- ¼ teeleppel mealde kardamom
- 50 gram fynsniene gimber
- 50 gram fynsniene sukade
- 50 gram fynsniene oranjesnipels
- 125 gram ierdappelmoal
- 1 aaiwyt
- it meitsjen
- Ming alle yngrediïnten útsein it aaiwyt ta in beslach, klopje de aaiwyt stiif en skep troch it beslach.
- Fol in bôlefoarm dermei en bak ± 1 oere op 160° ûnderyn de oven.
- Kontrolear mei in sateeprikker oft hy gear is. Lit efkes yn de oven stean.
- Stoart dan op in ruster en lit útdampe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke |