Springe nei ynhâld

Kleur

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kleuren)
Kleurpotleaden.

Kleur (út it Aldfrânsk, fan couleur) is in eigenskip fan minsklike waarnimming fan sichtber ljocht mei it gesichtsfermogen. Dit ferskynsel wurdt beskreaun troch sichtber ljocht op te dielen yn brede kategoryen dy't foar it minsklik each min ofte mear itselde lykje. Sokke kategoryen wurde kleuren neamd, lykas read, blau, grien en giel. Ek swart en wyt wurde ornaris oantsjut as kleuren, hoewol't dat strikt nommen eins gjin kleuren binne. De kleur fan alle dingen wurdt feroarsake troch de spesifike weachlingte fan it ljocht dat troch dy dingen wjerkeatst wurdt. Hokker weachlingte ljocht oft wjerkeatst wurdt, hinget wer gear mei de fysike eigenskippen fan it oerflak fan it foarwerp dêr't it om giet, lykas ljochtopnimming, emisjespektra, ensfh. De tûke fan 'e wittenskip dy't kleur bestudearret, is de kolorimetry, ek wol gromatyk neamd.

Kleurwaarnimming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De waarnimming fan kleuren wurdt mooglik makke troch de stimulaasje fan 'e saneamde kegeltsjes yn it minsklik each troch elektromagnetyske strieling fan it sichtber spektrum, d.w.s. mei in weachlingte tusken 390 en 700 nm. Dêrmei sjoggen minsken read, grien en blau ljocht, en wurdt harren kleuregesichtfermogen wittenskiplik omskreaun as trigromatysk (trijekleurich). Ljocht fan oare weachlingten (te witten: ultrafiolet en ynfraread ljocht), is ûnsichtber foar minsken. Ek de yntinsiteit fan in kleur is fan ynfloed op 'e waarnimming; in lege yntinsiteit oranje sil bgl. as brún sjoen wurde.

Dat minsken ultrafiolet en ynfraread net sjen kinne, betsjut net needsaaklikerwize dat dat foar oare libbensfoarmen ek jildt. Oarsom sjogge net alle libbensfoarmen alle ljocht dat foar minsken sichtber is, mei as gefolch dat dingen foar in soad bisten oare kleuren hawwe as foar minsken. Hunichbijen en holders, bygelyks, beskikke oer in trigromatysk kleuregesichtsfermogen, dêr't se ultrafiolet ljocht mei sjen kinne, mar read ljocht net. Swellesturtflinters (Papilio) hawwe seis ferskillende soarten ljochtreseptoaren; biologen achtsje it dêrom mooglik (hoewol foarearst noch net bewiisd) dat se pentagromatysk (fiifkleurich) kleuregesichtsfermogen hawwe, dus ynkl. ultrafiolet en ynfraread. It meast komplekse systeem fan kleuregesichtsfermogen hawwe bidsprinkhoankreeften (Stomatopoda), mei oant wol tolve ferskillende spektrale reseptortypen, wêrfan't men ornearret dat se wurkje moatte as in mearfâldich systeem fan ferskillende digromatyske (twakleurige) kleuregesichtsfermogens.

Kleuren kinne der ferskillend útsjen troch de oangrinzgjende kleuren. Yn dit plaatsje hawwe de beide lytse fjouwerkantsjes persiis deselde kleur. It rjochterfjouwer-kantsje liket lykwols dûnkerder om't it omjûn wurdt troch in ljochtere kleur, wylst it lofter-fjouwerkantsje ljochter liket om't it omjûn wurdt troch in dûnkerder kleur. Dit ferskynsel fan kleurkontrast stiet bekend as de Chubb-yllúzje.

Elektromagnetyske strieling kin ferskille yn weachlingte en yntinsiteit. It deiljocht bestiet út strieling dy't in mingsel is fan ferskillende weachlingten. As de strieling in weachlingte binnen de foar minsken waarnimbere grins hat (likernôch fan 390 oant 700 nm) giet it om wat ornaris "sichtber ljocht" neamd wurdt. De kleur fan it ljocht wurdt bepaald troch de yntinsiteit fan 'e ferskillende weachlingten. Dat wurdt it spektrum neamd, in term dy't yn 1671 troch de ferneamde Ingelske natuerkundige Isaac Newton betocht is op basis fan it Latynske wurd foar "byld".

It folsleine spektrum fan it ljocht dat troch in foarwerp opnommen wurdt, bepaalt it fisuële foarkommen fan dat foarwerp, ynkl. de kleurwaarnimming. In oerflak dat ljocht fan alle weachlingten folslein absorbearret, is swart, wylst in foarwerp dat alle weachlingten folslein wjerkeatst, wyt is. Om dy reden wurde swart en wyt wittenskiplik sjoen net as (folweardige) kleuren beskôge. De reinbôge toant in spektrum fan alle kleuren dy't troch ien inkele weachlingte fan sichtber ljocht produsearre wurde kinne. De opdieling fan it spektrum, sa't Newton dat brûkte, wie sa:

kleur: read oranje giel grien blau indigo fiolet
R O G G B I F
weachlingte (yn nm): 690 610 580 530 470 430 400

It hjirboppe werjûne skema moat net as útputtend beskôge wurde, mei't it spektrum fan kleuren trochrinnend is. Dat wol sizze dat de kleuren eins yninoar oer rinne, en dat betsjut wer dat der folle mear kleuren binne dy't werjûn wurde kinne. Yn hoefolle kleuren oft men it spektrum opdielt, hinget ôf fan in kombinaasje fan biopsychologyske en kulturele faktoaren. Yn elts gefal is it wittenskiplik bewiisd dat minsken fan oer de hiele wrâld kleuren itselde sjogge ynsafier't se net oanhelle binne mei in eachôfwiking lykas kleurebinens. De sân troch Newton keazen kleuren kinne maklik ûntholden wurde mei it neikommende ezelsbrechje. It letterwurd ROGGBIF stiet foar de folchoarder: read, oranje, giel, grien, blau, indigo en fiolet. De folgjende sin wurdt brûkt om dizze folchoarder te ûnthâlden: "Rabjen oer gekke grutte broer is falsk."

Trochrinnend optysk spektrum.
De Kleuren fan it Sichtbere Ljochtspektrum
kleur weachlingte frekwinsje
read ~ 700–635 nm ~ 430–480 THz
oranje ~ 635–590 nm ~ 480–510 THz
giel ~ 590–560 nm ~ 510–540 THz
grien ~ 560–520 nm ~ 540–580 THz
syaan ~ 520–490 nm ~ 580–610 THz
blau ~ 490–450 nm ~ 610–670 THz
fiolet ~ 450–400 nm ~ 670–750 THz

Hjirby moat trouwens oantekene wurde dat it bûten de natuerkunde gebrûkliker is om 'e kleuren fan 'e reinbôge te beneamen as: read, oranje, giel, grien, blau en pears. Newton brûkte it spesifikere fiolet ynstee fan pears en foege tusken blau en fiolet in sânde kleur ta: indigo. Hjoeddeistige natuerkundigen achtsje it mooglik dat wat Newton omskreau as 'blau' tsjintwurdich earder syaan neamd wurde soe, en dat syn 'indigo' eins bedoeld wie om ús blau oan te tsjutten.

Primêre kleuren binne kleuren dy't, as se troch minging kombinearre wurde, it grutst mooglike ferskaat oan (oare) kleuren opsmite. De trije primêre kleuren binne syaan, giel en maginta. Syaan en giel binne spektrale kleuren (en komme dêrom foar yn 'e reinbôge); maginta is in ekstraspektrale kleur. Sekundêre kleuren kriget men troch it mingen fan twa fan 'e trije primêre kleuren; tertiêre kleuren kriget men troch it mingen fan alle trije primêre kleuren. Komplemintêre kleuren binne kleuren dy't yn in kleuresirkel rjocht foarinoar oer steane. By additive kleurminging wurdt it mingsel fan twa komplemintêre kleuren wyt, wylst sa'n mingsel by subtraktive kleurminging swart wurdt.

Kleurkoördinaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1931 waarden der yn ynternasjonaal ferbân troch de Commission Internationale de l'Éclairage (CIE) ôfspraken makke oer de nammen en definysjes fan 'e kleuren. Dêrtroch kinne kleuren tsjintwurdich sekuer werjûn wurde yn nûmerike foarm mei de koördinaten fan beskate kleuresystemen. Ien fan 'e bekendste kleuresystemen is it RGB-kleursysteem, dat oerienkomt mei it minsklike trigromatisme (trijekleure-sjen) en dus mei de trije kegeltsjetypen dy't reägearje op trije bannen fan ljocht: lange weachlingten, mei as hichtepunt 564-580 nm (read); middellange weachlingten, mei as hichtpunt 534-545 nm (grien); en koarte weachlingten, mei as hichtepunt 420-440 nm (blau). Oare kleursystemen meitsje gebrûk fan mear as trije kleurdiminsjes. Sa brûkt in oar bekend systeem,CMYK, de kleuren syaan, maginta, giel en swart. CMYK is benammen bekend fan kleureprinters.

As by immen ien of mear soarten fan kegeltsjes misse of net goed reägearje op ynkommend ljocht, kin dy persoan minder kleuren sjen as oare minsken. Sa'n ôfwiking wurdt kleureblinens neamd. Eins is dat in wat misliedende term, mei't hast alle kleurebline minsken teminsten wol guon kleuren sjen kinne. Der binne ferskate oarsaken foar kleureblinens, lykas oanberne ôfwikings oangeande it tal fan 'e kegeltsjes yn it netflues, ôfwikings yn 'e funksjonaliteit fan it normale oantal kegeltsjes, mar ek neurale ôfwikings yn it part fan 'e harsens dêr't de ferwurking fan 'e bylden plakfynt dy't troch de eagen trochjûn wurde.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wikiwurdboek-side - kleur

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Color fan Wikimedia Commons.