Oerlis:Kleur
It sil faaks wêze trochdat net alle termen in eigen side mei útlis hawwe, mar ik kin net alles meikrije. Ik bin der net altiten wis fan hoenear oer in seksje fan it spektrum skreaun wurdt en hoenear oer ien golflingte. Dat dan wurdt it ek wat dreech om te witten fan wat dy primêre en dy ekstraspektral kleuren hjir dan krekt binne. Is der ien dy't hjir mear fan wit, dat ik der net in oare webside of boek by hoech te pakken en skriu it op 'e nij? Mysha (oerlis)
Indigo wie blau
[boarne bewurkje]Dat, at Newton twa kleuren blau hie, wêrom litte wy dan blau en donkerder blau sjen, at Newton blau en syaan hie? Mysha (oerlis) 13 nov 2024, 10.07 (CET)
- Nee, Newton hie net blau en syaan, mar blau en indigo. Dat syaan, dat komt pas fierderop yn 'e tekst oan bod, by de kleuren fan it sichtbere spektrum. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 nov 2024, 19.34 (CET)
- Ja, mar dat Indigo wie syn namme foar wat wy blau neame, wylst Blau syn namme wie foar wat wy syaan neame. Dat spektrum van Newton moat dan syaan hawwe, net indigo. Mysha (oerlis)
- Ah, no snap ik wêr't jo hinne wolle. Mar jo lêze oer it wurd "mooglik" hinne. Der stiet: "Hjoeddeistige natuerkundigen achtsje it mooglik dat wat Newton omskreau as 'blau' tsjintwurdich earder syaan neamd wurde soe, en dat syn 'indigo' eins bedoeld wie om ús blau oan te tsjutten." Dat is dus in teory en stiet net fêst. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 nov 2024, 20.51 (CET)
- Ik lês oer it wurdt mûglik hinne, om't dat allinnich betsjut dat net ien syn kop útstekke wol om te sizzen dat eltsenien it ferkeard hat. Hawar, wy beljochtsje alle mûglike ynfallen, dat at wy by de earste ferzje net sizze dat dát Newton syn kar wie, mar allinnich hoe't wy it no ynterpretearje, dan kin der krekt boppe Kleurminging in twadde balke stean, dêr't soks yn jûn wurdt:
- Ah, no snap ik wêr't jo hinne wolle. Mar jo lêze oer it wurd "mooglik" hinne. Der stiet: "Hjoeddeistige natuerkundigen achtsje it mooglik dat wat Newton omskreau as 'blau' tsjintwurdich earder syaan neamd wurde soe, en dat syn 'indigo' eins bedoeld wie om ús blau oan te tsjutten." Dat is dus in teory en stiet net fêst. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 nov 2024, 20.51 (CET)
- Ja, mar dat Indigo wie syn namme foar wat wy blau neame, wylst Blau syn namme wie foar wat wy syaan neame. Dat spektrum van Newton moat dan syaan hawwe, net indigo. Mysha (oerlis)
kleur: | read | oranje | giel | grien | syaan "blau" | blau "indigo" | fiolet |
---|---|---|---|---|---|---|---|
R | O | G | G | S | B | F | |
weachlingte (yn nm): | 690 | 610 | 580 | 530 | 500 | 450 | 400 |
Dat kin allegear wol wêze, mar as ensyklopedy is it beslist net oan ús om 'e earste te wêzen om ús kop út te stekken om te sizzen dat eltsenien it ferkeard hat. Der bestiet in teory dat it sa wêze kinne soe dat Newton de kleuren oars ynterpretearre as wy dat hjoed de dei dogge. It bestean fan dy teory is neamd yn in terzijde oan 'e ein fan 'e alineä oer Newton syn wurk. Mear kinne wy der net oer sizze sûnder dat we ús bejouwe op terrein dêr't in ensyklopedy net thús heart. It liket my dêrom ta dat it wol takin sa't it der no stiet. Òf it moat wêze dat der him in nije wittenskiplike konsensus oer dit ûnderwerp ûntwikkelet. Yn dat gefal nimme wy dat fansels oer. Mar safier is it noch net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 15 nov 2024, 21.38 (CET)
- Mar yn stee dêrfan soenen wy net sa stellich wêze moatte, dat Newton krekt d`y kleuren hie, omdat dêrnei te sizze "Oh, útsein it wie net sa." Mysha (oerlis)
- Ja, mar sa neamde er dy kleuren no ien kear. Dus dan is it meast logyske om fan dy kleurnammen út te gean. Foar de folsleinens kinne je dêrnei ek noch neame dat der ek in teory bestiet, dy't net bewiisd is en miskien ek wol ûnbewiisber is (want dan soene je eins Newton sels deroer befreegje moatte, en dat kin net mear), dat hy mei dy kleurnammen eins wat oars bedoelde as dat tsjintwurdich normaal is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 nov 2024, 17.32 (CET)
- Wy hawwe no: "'De opdieling fan it spektrum, sa't Newton dat brûkte, wie sa: En dan kleuren". Mar dat witte wy net. Wy witte allinnich mar hoe w`y it ynterpretearje. Wy witte hokfoar nammen Newton brûkte, mar net hokfoar kleuren. Dàt soenen wy ienfâldich net sizze moatte; dan hoeche wy dêrnei net te sizzen dat it faaks oars is. Mysha (oerlis) 19 nov 2024, 14.05 (CET)
- Tsja, ik sjoch earlik sein gjin probleem mei hoe't it no is. Je geane dochs út fan 'e meast logyske sitewaasje, en dat is yn dit gefal de kleuren dy't wy hjoed de dei oan dy kleurnammen keppelje. En as der in (ûnbewiisde) teory bestiet dat it oars wêze kin, dan neame je dy neitiid ek noch even. Neffens my is dat hoe't it heart te wêzen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 nov 2024, 19.14 (CET)
- Sjoch: At ik skriuw: Ieneach fan 'e Esk seit dat wyt swart is; binne jo dan bliid mei wat ik skriuw? At ik skriuw dat Napoleon fûn dat rea blau wie ...? At ik skriuw dat Plato tocht dat Renew Blue in tint oranje wie ...? Dat: Newton hie in kleur indigo optocht - Is dat better as dy oare ferklearrings? -- Feitliks is dat wy witte dat er dy nammen brûkte, mar de ferklearing dat wy witte hokfoar kleuren dat er sei dat dy wienen, dat is in stap te fier. Mysha (oerlis)
- Mar it is mar in teory. It stiet hielendal net fêst dat Newton net deselde kleuren bedoelde as wy. Je moatte earne wei begjinne as je oer soks skriuwe. Dan is it neffens my it meast logysk om út de meast wierskynlike sitewaasje wei te begjinnen. Dat der in mooglikheid bestiet dat it oars wêze kinne soe docht dêr neat oan ôf. Ik leau, wy wurde it hjir net oer iens. Normaal besykje ik yn sa'n sitewaasje altyd in kompromis te sluten, mar ik sjoch net yn hoe't dat hjir kin. Jo wolle beslist mar in ûnbewiisde teory as feit presintearje en neffens my soene wy dêrmei in ûnwierheid yn 'e tekst fan it artikel yntrodusearje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 nov 2024, 23.10 (CET)
- @Drewes en Kneppelfreed: Goeie, mannen. Kinne jimme hjir ris even nei sjen? Want wy komme der net út. Neffens my kloppet der neat fan wat Mysha wol, mar as jimme sizze fan: "hy hat gelyk", dan is it my fierders ek wol bêst. Want ik haw sa stadichoan skjin myn nocht fan dizze diskusje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 20 nov 2024, 23.52 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, @Mysha en @Drewes, tsja neffens my skeelt der neat oan hoe't it no is. Dus ik woe dêr fierders gjin drokte om meitsje. Kneppelfreed (oerlis) 21 nov 2024, 03.10 (CET)
- Ik haw gjin idee wêrom De opdieling fan it spektrum, sa't Newton dat brûkte, wie sa: en dan in spesifikaasje, goed wêze soe at wy net witte wat Newton brûkte. En dat wylst wy witte dat de tekst ienfâldichwei feroare wurde koe en sis net dat Newton krekt dàt spektrum brûkte. Mar, ik moat mar wer de wiiste partij wêzeː Ik begryp net wat de oaren behinderd, mar wy moatte it mar litte, oant der in oar oer stroffelt. Mysha (oerlis)