Springe nei ynhâld

Kleaster Kamp

Ut Wikipedy
Kleaster Kamp

Kloster Kamp

Marije- en Markusmunster
Marije- en Markusmunster
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
regierungsbezirk Düsseldorf
plak Kamp-Lintfort
adres Abdeiplatz
koördinaten 51° 30' N 6° 30' E
Kleastergegevens
oarde Sistersjinzers
oprjochting 1123
Ynformaasje bou
boujier 18e iuw
boustyl gotyk, barok
Webside
Webstee fan it kleaster
Kaart
Kleaster Kamp (Noardryn-Westfalen)
Kleaster Kamp

It Kleaster Kamp is in eardere Sistersjinzerske abdij yn de Dútske stêd Kamp-Lintfort, Noardryn-Westfalen. De abdij waard yn 1123 stifte as it earste kleaster fan de Sistersjinzers fan it doedestiidske Dútsktalige gebiet. It kompleks leit op in heuvel mei de namme Kamper Berg, dêr't súdlik it histoaryske kanaal Fossa Eugeniana út de 17e iuw by lâns rint.

It relyk fan Sint-Agata yn it folksalter, dat de earste muontsen fan it kleaster meinamen nei Kleaster Kamp

It kleaster waard op 31 jannewaris 1123 op fersyk fan de aarstbiskop fan Keulen troch it Frânske kleaster Morimond stifte. Om't de Sistersjinzers wênst wiene harren kleasters yn deltes of op flakke gebieten te bouwen, wurdt der fanút gien dat harren earste delsetting net fier fan it lettere kleaster stien hat. De earste muontsen namen reliken mei nei it te bouwen kleaster, wêrûnder in stik fan de plasse fan de hillige Agata, dy't noch altiten yn de tsjerke bewarre wurdt. It kleaster makke troch skinkings fuort in grutte bloei troch en al gau stifte it dochterkleasters yn oare dielen fan Dútslân. Om't de omjouwing fan it kleaster lykwols sompich wie, naam de tredde abt Gierard om likernôch 1150 hinne it beslút om it kleaster te ferhûzjen nei in heuvel yn de omkriten fan de earste stifting, de Kamber Berch. Tsjin de ein fan de 13e iuw wie it kleaster riker as nea tefoaren en hie it besittings oant yn Nederlân (Utert, Nijmegen). Yn de lette midsiuwen wie it kleaster ien fan de meast wichtige fan de hiele oarder. Yn dy tiid waard de Kamper Bibel skreaun, dy't hjoeddedei yn it besit is fan de Stiftung Preußischer Kulturbesitz (Stifting Prusysk Kultuerbesit).

Immuniteitskrús

Fan de earste kleastertsjerke is net in soad bekend. Nei alle gedachten ûntstiene de earste gebouwen tusken 1150 en 1182, dy't romaansk fan styl west ha moatte. Yn de jierren 1410-1415 fûn in ferbouwing oan de tsjerke plak. It gebou waard ferhege, krige in nij dak en waard nei it westen ta langer makke. Yn it ramt fan dy ferbouwing krige de tsjerke in rjochthoekich sletten koer. Oan de noardlike kant waarden kapellen oanboud. De ferbouwing fûn yn goatyske styl plak. Net bekend is oft de tsjerke in dwersskip hie.

Yn de rin fan de tiid soargen kriich, brannen en sels in grutte ierdskodding yn 1504 foar grutte skea oan it kompleks. Yn de Keulse Kriich (1583-1588) waard de tsjerke tegearre mei de rest fan it kompleks ferneatige, wylst de muontsen it opjoegen en ferhûzen. Pas ûnder abt Polenius (1636-1664) kamen guon muontsen werom, mar de weropbou moast al gau wer staakt wurde. It wie abt Andrea Holtman dy't tusken 1683 en 1700 wer útein sette mei de weropbou.

Fanôf 1685 waard ek mei de bou fan de tsjintwurdige kleastertsjerke begûn. By de weropbou waarden de fûneminten fan de âlde tsjerke brûkt en in diel fan it âlde koer út 1410 yntegrearre. De styl fan de nijbou hong swier nei de goatyk oer, mar mei de alters, it koerstuolte, in pear bylden en it oargel krige de tsjerke in barok ynterieur. De twa eastlike tuorren mei harren barokke bekroaning dogge foar in Sistersjinzerske tsjerke frjemd oan. Dat jildt ek foar de lantearne op it middenskip fan de tsjerke, it ûntbrekken fan in dwersskip mei de foar Sistersjinzerske kleastertsjerken karakteristike dakruter boppe de fiering. Noardlik fan de tsjerke waard yn 1714 in seishoekige Marijekapel boud, wêrfan't yn it Nederryngebiet allinne mei de Genedekapel yn Kevelaer in ferlykber bouwurk bestiet.

Ynterieur

Mei de Frânske besetting feroarderen de kommissarissen Lépine en Thibault op 6 August 1802 de sekularisaasje fan it kleaster. Op al it replike en ûnreplike guod waard beslach lein en dêrmei kaam oan in lêste grutte bloeiperioade fan it kleaster definityf in ein. Op 10 augustus fan dat jier ferlieten de 27 muontsen mei harren abt Bernhard Wiegels it kleaster. Allinne de eardere kleastertsjerke waard mei rêst litten om tenei tsjint te dwaan as parochytsjerke.

In diel fan it koerstuolte, de kânsel en tal bylden en it oargel yn de tsjerke bleaune bewarre. Oare kleastergebouwen waarden by in feiling yn Aken ferkocht oan seis keaplju. De gebouwen waarden ôfbrutsen of ferboud en in soad keunstskatten lykas de kostbere bibleteek en skilderijen gyngen ferlern. It lân fan it kleaster gyng op de boeren oer, dy't it oant dan ta pachtten fan it kleaster.

Nei de Twadde Wrâldkriich ferhûzen karmeliten nei it kleaster, dy't de sielssoarch yn de stêd op harren namen en as dosinten op de skoallen wurken. It kleaster waard lykwols yn 2002 opheven en op ien nei ferhûzen de muontsen nei Nederlân.

Oargel

Oarspronklik moasten de sistersjinzer muontsen neat fan oargels ha. It sjongen fan de muontsen, it gregoriaansk, is ienstimmich en sûnder begelieding. Pas nei it opkommen fan de mearstimmigens yn de hege midsiuwen waard ek it oargel wenst yn de tsjerken fan de muontsen. Wannear't de tsjerke foar it earst in oargel krige is net bekend. Wol bekend is dat ûnder abt Henrikus V fan Kalkar (1483–1499) yn 1495 in nij oargel boud waard, dat in âlder ynstrumint ferfong.

It front fan it hjoeddeiske oargel stamt fan it nije ynstrumint, dat abt Wilhelminus Norff III út Rheinberg (1705–1726) bouwe liet, dy't ek de Marijekapel yn 1714 bouwe liet. Nei alle gedachten wie de bouwer fan it oargel Johann Josef Brammertz (1668–1729). De oargelgalerij mei it wapen fan de abt is tige goed bewarre bleaun en foarmet it bêste rokokowurk yn de tsjerke.

Nei twahûndert jier wie it oargel net mear te bespyljen. De firma Tibus út Rheinberg ferfong it troch in nij ynstrumint mei pneumatyske traktuer. De firma Fleiter út Münster ferboude it ynstrumint yn de jierren 1960 en ferfong de pneumatyk troch in elektryske traktuer. Ek krige it oargel in nije spyltafel. Mei de restauraasje fan de tsjerke yn de jierren 1970 hie de oargel lykwols slim te lijen hân en op 'e nij wie it net mear te bespyljen. Yn 1978 krigen de Bruorren Stockmann út Werl de opdracht in nij oargel te bouwen. It tsjintwurdige ynstrumint bestiet út trije selsstannige dielen: it haadwurk, it ûnderwurk en it pedaalwurk. It oargel krige wer in mechanyske traktuer.

Kleastergebouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de tsjerke binne twa oare kleastergebouwen bewarre bleaun. Súdeastlik fan de abdijtsjerke stiet in bakstiennen gebou, dêr't as iennige fan de gebouwen noch oan te sjen is dat it in kleastergebou west hat. It boppediel fan it gebou waard eartiids brûkt as sikehûs. It waard yn de Keulse Kriich ferneatige en nei de Westfaalske Frede waard it op de âlde fûneminten wer opboud. Nei de sekularisaasje tsjinne it as pastorij en tusken 1954 en 2002 brûkten de karmeliten it as kleaster. De rokokoseal en de kelder wurde hjoeddedei brûkt foar gearkomsten en útstallings. Westlik fan de abdij leit noch in part fan de eardere prelatuer út de 18e iuw, itjinge privébesit is en troch de oanbrochte stúklaach net mear yn de orizjinele steat bewarre bleaun is.

De tunen fan it kleaster binne tusken 1980 en 1991 wer op 'e nij yn barokke foarmen oanlein. Se binne op it plak fan de eardere tunen neffens in kopergravuere fan August Querfurth en Ernst Ludwig Creite út de midden fan de 18e iuw rekonstruearre.

Yn 2004-2005 waard de kleastertún as in treflik foarbyld yn de Straße der Gartenkunst zwischen Rhein und Maas (Rûte fan de Túnkeunst tusken Ryn en Maas) opnommen.

Hjoeddeisk gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich is yn it kleaster religieus en kultureel sintrum ûnderbrocht. Yn de abdijtsjerke fine alle sneinen om 17:00 oere kleasterfespers plak. Yn de rokokoseal wurde kulturele eveniminten organisearre. De kleastergebouwen ûndergyngen tusken 2003 en 2009 in grutte restauraasje. Op it plein fan de abdij foar de tsjerke binne noch in pear goed bewarre gebouwen te sjen, dy't yn de lêste bloeiperioade fan it kleaster ûntstien binne.

Yn it Agatastift is it Museum Kloster Kamp fêstige. Yn it museum wurdt in soad út de skiednis fan it kleaster útstald. It meast kostbere wurk is it Kamper Antependium, in 14e iuwske beklaaing fan it alter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Kamp