Kamp-Lintfort
Kamp-Lintfort | |
---|---|
Barokke tún mei Kleaster Kamp | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Sifers | |
Ynwennertal | 37.847 (31.12.2021) |
Oerflak | 63,14 km² |
Befolkingstichtens | 599 ynw./km² |
Hichte | 33 m boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 30' N 6° 32' E |
Webside | kamp-lintfort.de |
Kamp-Lintfort is in stêd yn de Kreis Wesel yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prehistoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste resten fan in delsetting op it plak dêr't hjoed-de-dei Kamp-Lintfort leit datearje út it neolitikum (3000-1800 f.Kr.). Yn de tiid fan de Romeinen lei it plak yn it grinsgebiet tusken it Romeinske Ryk en Germaanje.
Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fernijing fan it plak giet werom op in dokumint út 856. Op 31 jannewaris 1123 waard mei stipe fan de Keulske aartsbiskop Freark I it earste sistersjinzerke kleaster fan Dútslân stifte. Fanút Kamp waarden nochris likernôch 100 oare sistersjinzerske kleasters stifte oant yn de baltyske lannen ta. Nei de Keulske Kriich (1583 oant 1588), in konflikt dat ûnstie troch't de Keulske aartsbiskop Gebhard I fan Waldburg op it protestantisme oergie, ferliet de lêste abt it kleaster. Pas yn 1640 kamen de earste sisterzjinzers werom en bouden op it plak it kleaster op 'e nij op.
Nije tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it begjin fan de Tritichjierrige Kriich (1620) setten de Spanjerts útein mei it oanlizzen fan de Fossa Eugeniana, in kanaal dy't de Ryn mei de Maas ferbine moast. It kanaal rûn fuort lâns it kleaster. Yn Kamp-Lintfort waarden boppedat meardere skânsen oanlein om it gebiet tsjin de Nederlanners te ferdigenjen.
Yn 1794 foelen de Frânsen it Rynlân yn. De sekularisaasje waard ynfierd en foar de abdij fan Kamp betsjutte dat yn 1802 it ein fan it bestean. De kleastergebouwen waarden hast allegear ôfbrutsen, mar de kleastertsjerke bleau bestean as in parochytsjerke. Nei de delgong fan Napoleon Bonaparte waarden de gebieten oan de lofter kant fan de Ryn oan Prusen oerdroegen.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bou fan de myn Friedrich Heinrich brocht grutte feroarings yn it foarhinne agraryske karakter fan de kontreien. Tegearre mei de Niederberg-myn yn Neukirchen foarme de myn de meast westlike grins fan de koalewinning yn it Ruhrgebiet. De mynbou waard fierder útwreide en tegearre mei de bou fan in nije stienfabryk ûnstie in hiele nije delsetting op de frije flakte. Troch de oanwaaks fan in befolking út oare parten fan it lân feroaren ek de religieuze ferhâldings fan de befolking. Oarspronklik wie de befolking hast hielendal katolyk, mar yn 1914 waard der in protestantske needtsjerke boud, dy't yn de jierren 1928-1930 ferfongen waard mei de bou fan de Christuskirche.
Yn 1934 wie der in weryndieling en waard Kamp mei de doarpen Kamperbruch, Lintfort, Rossenray en Saalhoff gearfoege ta de gemeente Camp-Lintfort, dat letter de kreaun waard as Kamp-Lintfort.
De bombardeminten op Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich brochten benammen skea oan de dielen dy't tichteby de minen leine. Doe't de alliearre opmars yn de maaitiid fan 1945 nadere rekke ek it Kleaster Kamp slim skeind.
Yn de jierren 1970-1980 krige Kamp-Lintfort op it braaklizzende terrein en de ûnbeboude flakte dêrom hinne in folslein nije binnenstêd mei in nij gemeentehûs. Yn 1988 waard in begjin makke mei de rekonstruksje fan de barokke tún fan it Kleaster Kamp, dy't op 1 oktober 1990 ôfsletten waard.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant yn it begjin fan de 20e iuw wennen der hast gjin minsken yn it tsjintwurdige stedsgebiet. Bûten de stedsdielen Kamp en Hoerstgen wiene de oare gebieten tige tin befolke. Yn 1910 lei it ynwennertal op sa'n 3.000 ynwenners, mar oant 1939 wie it tal troch de mynbou tanommen oant 23.300. De measte nije bewenners wiene ôfkomstich út it easten fan it lân of út Poalen. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden nije wiken boud en yn 1960 lei de befolking fan de gemeente al op likernôch 35.000. Oant 1995 bleau de befolking tanimmen oant 41.000, mar sûnt dy tiid sakket it ynwennertal troch û.o. it fermindere belang fan de koalenwinning stadich.
Jier | 1910 | 1939 | 1946 | 1961 | 1970 | 1980 | 1995 | 2000 | 2012 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 3.000 | 23.300 | 24.315 | 34.768 | 38.294 | 39.766 | 41.267 | 40.755 | 37.093 | 37.847 |
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd Kamp-Lintfort is te ferdielen yn tsien stedsdielen: Stadtkern; Niersenbruch; Rossenray; Lintfort; Gestfeld; Geisbruch; Dachsbruch; Kamp; Hoerstgen; Saalhoff.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it foarbyld fan de stêd Duisburg waard yn 2018 ek yn Kamp-Lintfort besletten om by guon sebrapaden de ljochten mei mynwurkersmantjes en in mynlampe út te rêsten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kamp-Lintfort
|