Springe nei ynhâld

Kleaster Ihlow

Ut Wikipedy
Rekonstruksje fan Kleaster Ihlow. Lofts en rjochts binne de ûnderste stikken fan de bakstiennen pylders neimakke. De grutte fan it bouwurk is goed te sjen as men nei de persoan rjochts fan de beam sjocht.
Makette fan it kleaster

Kleaster Ihlow of Monasterium Sanctae Mariae in Schola Dei wie in earder kleaster dat 8 km súd súdwest fan Auwerk yn East-Fryslân lein hat. It lei tusken de sompen, feangebieten en taksusbosken fan it 350 ha grutte Ihlower Forst en waard yn 1228 as sistersjenzer kleaster Schola Dei stifte. It wie de grutste fan 28 East-Fryske kleasters. De abten fan it kleaster hawwe in grutte rol spile op it kulturele en politike mêd. It kleaster wie de kânselarij fan it bûn fan de Upstalbeam. De Upstalbeam stie in seis km.benoarden it kleaster. Trijehûndert jier letter waard it by de herfoarming (sechtich jier earder as by ús) yn 1529 fanwege greve Enno II ôfbrutsen en ferkocht.

It kleaster wie fan deselde oarder as Klaarkamp yn Rinsumageast (earder Ringesheim) by de feangebieten fan Moarrewâld (moarre=moar, fean of sompe). Kleaster Ihlow waard dan ek stifte nei in fersyk fan muontsen oan de abt fan Klaarkamp, mar dy liet it oer oan de abt fan Aduard. It kleaster hat fan grutte betsjutting west foar de feanterij yn dy kontreien.

Yn 1973 waard troch de Ostfriesische Landschaft (fergelykber mei de Fryske Akademy) begûn mei archeologyske opgravings.
Yn 1986 waarden de kontoeren fan de kleastertsjerke oanjûn mei in meter heech opmitsele bakstien.
Yn 2005 waard begûn mei in rekonstruksje dy't yn 2009 syn beslach krige. De kontoeren fan de eardere kleastertsjerke binne sichtber makke troch reade stielen freems fan mear as 30 meter heech. De pylders wurde foarsteld as grutte spanten en it dak wurdt oanjûn mei fersinkte stielen balken. Mei in treptoer kin men nei boppe en oer in pear fuotgongersbrêgen nei de dakruter sadat it kleastergebiet oersjoen wurde kin. Yn de krypte is in permaninte tentoanstelling fan archeologyske fynsten: pylderfuotten, sulveren muntsjes. Yn de apsisromte hingje foarstellings fan sistersjenzer kleastertsjerken. Op it paad nei it kleasterplak hinget in baldakyn mei in tekst oer de Fryske Frijheid. It is makke troch keunsteneresse Monika Kühling.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: